Springe nei ynhâld

Keweenawbaai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keweenaw-baai)
Keweenawbaai
geografy
type wetter baai
lokaasje Opper-Michigan
lân Feriene Steaten
steat Michigan
koördinaten 46°51′58″N 88°25′18″W
ûnderdiel fan Boppemar
kaart
Keweenawbaai (Michigan)
Keweenawbaai
Lokaasje yn Opper-Michigan.

De Keweenawbaai (Ingelsk: Keweenaw Bay; útspr. ['ki:wənɔ:], likernôch: "kiiwe-nô"), is in baai yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Dit wetter leit oan 'e sintrale noardkust fan it skiereilân Opper-Michigan, en makket diel út fan 'e Boppemar, ien fan 'e Grutte Marren. De Keweenawbaai wurdt fan 'e rest fan 'e Boppemar ôfskaat troch it út it suden wei nei it noardeasten ta útstykjende Keweenaw-skiereilân.

Oan 'e Keweenawbaai lizze de plakken Baraga, L'Anse en Assinins. Oan 'e súdkust leit fierders ek it L'Anse Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen. De Indian Trails-autobustsjinst ûnderhâldt in deistige rûte fan Hancock, yn Michigan, nei Milwaukee, yn 'e steat Wiskonsin, mei in halte by Carla's Lakeshore Motel oan 'e Keweenawbaai.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.