Boppemarder Tsjippewa
De Boppemarder Tsjippewa (Ingelsk: Lake Superior Chippewa; Odjibwe: Gichigamiwininiwag) foarmje in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe (Ingelsk: Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde, in grut Algonkwynsktalich Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren yn 'e Feriene Steaten en Kanada. De Boppemarder Tsjippewa ûntliene harren namme oan 'e Boppemar (Lake Superior), oan 'e súdkust wêrfan't se wenje yn Opper-Michigan, noardlik Wiskonsin en noardwestlik Minnesota.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wennen de Boppemarder Tsjippewa yn wat no Opper-Michigan is, mar fanwegen tanimmende befolkingsdruk, begearte nei in grutter oandiel yn 'e lukrative pelshannel mei de Frânsen, en ferdieldheid feroarsake troch it preekjen fan it kristendom mank harren troch Frânske jezuïten begûn in oansjenlik diel fan harren yn 1737 yn westlike rjochting fuort te tsjen, it binnenlân yn fan wat no Wiskonsin is. Dat gebiet waard doedestiden bewenne troch de Eastlike Dakota en de Foks.
Foartiid hiene de Boppemarder Tsjippewa in skoft lang in bûnsgenoatskip mei de Eastlike Dakota ûnderholden, mar no rekken se yn oarloch. De Foks waarden al rillegau nei it suden ta ferdreaun, en omtrint 1745 moasten ek de Eastlike Dakota harren nei it westen ta weromlûke, dêr't se har nei wenjen setten yn wat no súdlik Minnesota is. Dêrtroch kamen noardlik Wiskonsin en noardwestlik Minnesota foar de Boppemarder Tsjippewa iepen te lizzen. Hja hiene in tige desintralisearre struktuer, mei as gefolch dat yn dat gebiet teminsten tolve troepen taholden, dy't trochstrings net in protte kontakt mei-inoar hiene.
Yn 1842 sleaten fertsjintwurdigers fan 'e ûnderskate Boppemarder Tsjippewa-troepen mei folmachten fan 'e Amerikaanske oerheid it earste Ferdrach fan La Pointe. Nettsjinsteande dat fette de Amerikaanske presidint Zachary Taylor yn 'e winter fan 1850 op 1851 it plan op om alle Boppemarder Tsjippewa en Mississippy-Tsjippewa út harren heitelân te deportearjen nei oare kant de Mississippy, sa't doe al dien wie mei ferskate oare Yndiaanske folken, wêrûnder de Foks. Dêrta waard it plak dêr't de jierjilden (yn natuera) útkeard waarden, ferpleatst fan La Pointe, yn Wiskonsin, nei Sandy Lake, yn Minnesota, om 'e Yndianen safier te krijen dat se fierder nei it westen ta ferfarre soene. Fjouwertûzen Odjibwe giene dat út op 'e jierjilden op te heljen, mar fan 'e ferwachte fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid wie gjin spoar. Nei twa moannen yn oanboazjende waarsomstannichheden wachte te hawwen, wêrby't 170 lju kommen wiene te ferstjerren, waarden einlings de jierjilden brocht. Dêrnei fûnen op 'e weromreis nei har heitelân nochris 230 Yndianen de dea, wêrûnder ek froulju en bern. Dizze keatling fan foarfallen kaam bekend te stean as de Trageedzje fan Sandy Lake.
Neitiid reizge Bizon (Kechewaishke), it opperhaad fan 'e La Pointe-troep, nei Washington, D.C. ta om 'e saak fan syn folk te bepleitsjen. De nije presidint Millard Fillmore waard doe mei troch de publike opiny twongen om fan syn plan ôf te sjen. Sadwaande waard yn 1854 it twadde Ferdrach fan La Pointe sletten, wêrby't de Boppemarder Tsjippewa in stikmannich reservaten yn harren heitelân tawiisd krigen. Dêrûnder wiene de Lac Vieux Desert, L'Anse en Ontonagon Yndianereservaten yn westlik Opper-Michigan; de Bad River, Lac Courte Oreilles, Lac du Flambeau en Red Cliff Yndianereservaten yn noardlik Wiskonsin; en de Fond du Lac en Grand Portage Yndianereservaten yn noardwestlik Minnesota.
De St. Croix- en Mole Lake-troepen, dy't net by de ûndertekening fan it twadde Ferdrach fan La Pointe oanwêzich wiene, misten de boat. Pas nei de oanname fan 'e Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, yn 1934 krigen de Mole Lake-troep en it eastlike part fan 'e St. Croix-troep (yn Wiskonsin) dochs noch erkenning. De westlike helte fan 'e St. Croix-troep (yn Minnesota) mist lykwols oant hjoed de dei ta federale erkenning en wurdt formeel beskôge as in ûnderdiel fan 'e Mille Lacs Troep fan Odjibwe. De Lake Vermillion-troep fan noardlik Minnesota sleat as ûnderdiel fan 'e gruttere Bois Forte-troep op eigen manneboet ferdraggen mei de Amerikaanske oerheid, en beëinige dêrmei feitliks syn bannen mei de Boppemarder Tsjippewa as politike ienheid.
Hjoeddeiske stammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei wurde de Boppemarder Tsjippewa yn 'e Feriene Steaten fertsjintwurdige troch tolve federaal erkende stamme-organisaasjes:
- de histoaryske L'Anse- en Ontonagon-troepen:
- de histoaryske Biitan-akiing-enabijig-naasje (de saneamde "Grinssitters")
- de histoaryske Lac Courte Oreilles-troep
- de histoaryske Lac du Flambeau-troep
- de histoaryske St. Croix-troep
- de Mille Lacs Troep fan Odjibwe (hjiryn binne ek de Mille Lacs-Yndianen en twa troepen fan 'e Mississippy-Tsjippewa opgien)
- de St. Croix Tsjippewa Yndianen fan Wiskonsin
- de histoaryske Fond du Lac-troep:
- de histoaryske Grand Portage-troep:
- de histoaryske La Pointe-troep:
- de histoaryske Lac Vieux Desert-troep:
- de histoaryske Lake Vermilion-troep:
- de Bois Forte Troep fan Tsjippewa Yndianen (hjiryn binne ek twa Flakte-Odjibwe-troepen yn opgien)
- de histoaryske Mole Lake-troep:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |