Lac du Flambeau Yndianereservaat
Lac du Flambeau Yndianereservaat Lac du Flambeau Indian Reservation | ||
polityk | ||
haadplak | Lac du Flambeau (Wiskonsin) | |
stamme | Lac du Flambeaun Odj. Naasje | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Wiskonsin | |
sifers | ||
ynwenners | 2.995 (2000) | |
oerflak | 279,9 km² | |
bef.tichth. | 10,7 / km² | |
oar | ||
stifting | 1854 | |
tiidsône | UTC –6 | |
simmertiid | UTC –5 | |
webside | www.ldftribe.com | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Wiskonsin. Lac du Flambeaun is werjûn yn read. |
It Lac du Flambeau Yndianereservaat (Ingelsk: Lac du Flambeau Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Lac du Flambeau Odjibwe Naasje (Lac du Flambeau Ojibwe Nation). It leit yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, en is ferneamd nei it Lac du Flambeau, in mar fan oansjenlike grutte dy't diel fan it reservaat útmakket.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De achttjinde-iuwske Frânske pelskeaplju dy't noardlik Wiskonsin oandiene, ferneamden it Lac du Flambeau ("Fakkelmar") en de Odjibwe-troep dy't dêr wenne nei de pleatslike gewoante om nachts de mar op te gean om by fakkelljocht te fiskjen. Ek de oarspronklike namme fan 'e troep yn 'e Odjibwe-taal ferwiist dêrnei: Waaswaaganininiwag ("it Fakkelljochtfolk").
Fertsjintwurdigers fan 'e Lac du Flambeau-troep hearden ta de Odjibwe dy't yn 1842 mei folmachten fan 'e Amerikaanske oerheid it earste Ferdrach fan La Pointe sleaten. Tolve jier letter wiene se op 'e nij fan 'e partij doe't it twadde Ferdrach fan La Pointe (1854) ûndertekene waard. Under de ôfspraken fan dat lêste ferdrach waard doe it Lac du Flambeau Yndianereservaat oprjochte.
Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw late de ymplemintaasje fan 'e Lânferdielingswet fan 1887 ta it ferlies fan in diel fan it reservaat. Dêrûnder wie it eilân Strawberry Island, yn it Lac du Flambeau, dat de Odjibwe as in hillich plak beskôgen. Dat waard lykwols yn 1910 troch de Amerikaanske oerheid oan in blank gesin ferkocht. Hoewol't de eigners har net op it eilân nei wenjen setten, mar it inkeld brûkten om by 't simmer te kampearjen, en it eilân sadwaande ûnûntgûn bleau, krewearren de Odjibwe lange tiid om it werom te krijen.
Yn 1978 waard Strawberry Island opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, om't it ien fan 'e wichtichste argeologyske fynplakken yn noardlik Wiskonsin is. In opgraving út 1966 brocht bewizen fan minsklike aktiviteiten oan it ljocht dy't tebek giene oant yn 'e trêde iuw f.Kr. Underwilens besocht de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje ferskate kearen en keapje Strawberry Island fan 'e blanke eigners, mar se koene it nea iens wurde oer de priis.
Yn 1996 waard in oanfraach foar in boufergunning fan 'e eigners blokkearre troch in beswier fan 'e stamme. Yn 2003 befêstige de rjochter yn heger berop dat de stamme it rjocht hie om 'e takomst fan it eilân te bepalen, om't alle omlizzende lân ta it reservaat hearde en men it eilân inkeld berikke koe troch oer Yndiaanske gerjochtichheid te gean. Yn 2008 waard it eilân oan 'e stamme yn pacht jûn en op 23 desimber 2013 waard men it úteinlik dochs noch iens oer de priis en koe de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje it eilân foar $250.000 oanskaffe fan 'e famylje Mills.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lac du Flambeau Yndianereservaat leit op 45°59′05″ noarderbreedte by 89°52′38″ westerlingte yn it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It is ferneamd nei it Lac du Flambeau, in mar dy't diel fan it reservaat útmakket. Yn it Odjibwe is de namme fan dy mar Waaswaagani-zaaga’igan, wat "Mar fan it Fakkelfolk" betsjut.
It Lac du Flambeau Yndianereservaat beslacht dielen fan 'e gemeente Lac du Flambeau, yn it súdwestlike part fan Vilas County, en de gemeente Sherman, yn it súdeastlike part fan Iron County. Yn totaal hat it Lac du Flambeau Reservaat in oerflak fan 279, 89 km² (of 27.988,7 ha).
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lac du Flambeau Reservaat is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Lac du Flambeau Odjibwe Naasje. Dat is ien fan 'e 22 ûnderskate stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet. Neffens gegevens út 2000 wennen der doe 2.995 minsken yn it reservaat, wat delkomt op 93,8% fan 'e leden fan 'e stamme, derfanútgeande dat alle bewenners fan it reservaat Yndianen wiene. De befolkingstichtens bedroech 10,7 minsken de km². De grutste wenkearn en teffens it haadplak fan it Lac du Flambeau Reservaat is it doarp Lac du Flambeau, dat yn 2000 in befolking hie fan 1.646 minsken.
Ekonomy en foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Lac du Flambeau Yndianereservaat binne in kampearterrein, in supermerk, in benzinestasjon en in tabakswinkel fêstige. Fierders runt de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje der in eigen fiskkwekerij en in ûndernimming (LDF Industries) dy't pallets makket. Yn it reservaat stiet ek it eigen kasino fan 'e stamme, it Lake of Torches Casino, mei't men op reservaatlân net bûn binne oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |