Flambeaumar
Flambeaumar | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | noardlik Wiskonsin | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Wiskonsin | |
koördinaten | 45°58′14″N 89°54′01″W | |
sifers | ||
oerflak | 4,8 km² | |
djiptegemiddelde | 8,5 m | |
djipste punt | 23,8 m | |
kaart | ||
Lizzing yn Wiskonsin.
|
De Flambeaumar (Ingelsk: Flambeau Lake) is in mar yn it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Dizze mar stiet ek wol (en oarspronkliker) bekend as it Lac du Flambeau, mar wurdt meastal Flambeau Lake neamd om betizing mei it doarp Lac du Flambeau en de gemeente Lac du Flambeau foar te kommen. Lac du Flambeau is Frânsk foar "Fakkelmar", en ferwiist nei de gewoante dy't de pleatslike Odjibwe-Yndianen hiene om nachts by it ljocht fan fakkels op 'e mar te fiskjen. Yn it Odjibwe is de namme fan 'e mar Waaswaagani-zaaga’igan, wat "Mar fan it Fakkelfolk" betsjut.
De Flambeaumar hat in oerflak fan 4,8 km² (of 475 hektare). It djiptegemiddelde is 8,5 m, mei in djipste punt op 23,8 m ûnder it wetteroerflak. Bestjoerlik makket de mar ûnderdiel út fan Vilas County. It is in populêre fakânsjebestimming foar angelders, mei't der fisk by 't folop yn 'e mar sit. Fral blauwe sinnebears (Lepomis macrochirus), forelbears (Micropterus salmoides), muskellunge (Esox masquinongy), snoek (Esox lucius), smelbekbears (Micropterus dolomieu) en breedbekbears (Sander vitreus) komme der in protte foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |