Springe nei ynhâld

Fiskjen

Ut Wikipedy
Fiskjen mei netten yn Meksiko.

Fiskjen is it besykjen om fisk te fangen. Dat wurdt dien om oan iten te kommen, mar ek as in foarm fan rekreaasje. As it giet om it beropsmjittich (en faak grutskalich en meganisearre) fangen fan fisk, as sektor fan 'e ekonomy dy't ornaris by de lânbou skaard wurdt, sprekt men fan fiskerij. Dat wurdt almeast op iepen see bedreaun. Fiskjen foar eigen gebrûk of by wize fan rekreaasje wurdt yn 'e regel oan it strân dien en yn binnenwetters lykas rivieren, beken, marren, puollen en kanalen. De fisk wurdt ornaris út it wyld weifongen, mar it kin ek wêze dat der fiske wurdt yn spesjaal foar dat doel fan fisken foarsjoene fiskfivers op 'e gerjochtichheid fan in fiskferiening.

Metoaden om te fiskjen, binne hânfiskjen, spearfiskjen, netfiskjen, sleepnetfiskjen (of trawling), fûkefiskjen, angelfiskjen, langelinefiskjen, bôgefiskjen en fiskjen mei fiskfâlen. Der binne ek destruktiver foarmen dy't yn 'e measte lannen en territoaria yllegaal binne, lykas elektrokúsje (troch it gebrûk fan elektrisiteit), dynamytfiskjen (mei eksploazjes) en syanidefiskjen (troch fergiftiging).

De term 'fiskjen' wurdt ek brûkt foar it fangen fan oare wetterdieren, dy't dúdlik gjin fisken binne, lykas kreefteftigen (krabben, kreeften en garnalen), skaaldieren (moksels en oesters), inketfisken (oktopussen) en stikelhûdigen (seekomkommers, seestjerren en seekladden). De oantsjutting 'fiskjen' wurdt lykwols yn 'e regel net brûkt foar it fangen fan fisk dy't yn koaien of fivers kweekt is yn fiskkwekerijen. Likemin sprekt men fan 'fiskjen' as men it oer de jacht op walfiskeftigen hat, dat ynstee walfiskfeart neamd wurdt.

Fiskjen is al in wichtich diel fan 'e minsklike kultuer sûnt de tiid dat alle minsken noch jager-sammelders wiene. It is ien fan 'e mar inkele itensprodusearjende aktiviteiten dy't fan 'e prehistoarje oant yn 'e moderne tiid fuortbestien hawwe, en dêrby sawol de Neolityske Revolúsje as de Yndustriële Revolúsje oerlibbe hawwe. Neffens sifers fan 'e FAO, de lânbou-organisaasje fan 'e Feriene Naasjes, wiene der yn 2020 wrâldwiid mear as 39 miljoen minsken dy't fiskjen as breawinning hiene. De fiskerij- en fiskkwekerijsektors biede yn ûntwikkelingslannen, direkt en yndirekt, wurk oan mear as 500 miljoen minsken. Yn 2005 waard der wrâldwiid per persoan 14,4 kg út it wyld fongen fisk iten, mei dêropta nochris 7,4 kg kweekte fisk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.