Dei fan de Fiskerij
Dei fan de Fiskerij | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Moddergat Peazens | |
holden yn | Garnalefabryk en oare lokaasjes | |
datum | it lêste wykein yn juny of it 1e wykein yn july | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | fiskerij | |
gelegenheid | Dei fan it Waad | |
soarte evenemint | festival | |
bestean | 2017 – no | |
oprjochter | Anke Bijlsma | |
org. troch | it Garnalefabryk | |
offisjele webside | ||
www.garnalefabryk.nl |
De Dei fan de Fiskerij (de offisjele namme is Frysktalich) is in evenemint wijd oan 'e fiskerijsektor yn 'e âlde fiskersdoarpen Peazens en Moddergat oan 'e noardeastkust fan Fryslân. Dit barren wurdt sûnt 2017 elts jier yn it lêste wykein yn juny of it earste wykein fan july holden yn it ramt fan 'e bredere Dei fan it Waad. De Dei fan de Fiskerij is in inisjatyf fan Anke Bijlsma en it Garnalefabryk yn Moddergat, yn gearwurking mei Doarpsbelang Peazens-Moddergat en tritich fiskers út Noardeast-Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Dei fan de Fiskerij markearret it begjin fan it seizoen fan 'e garnalefiskerij, en wurdt dêrom formeel iepene troch de Garnalekeninginne fan it Grinslânske Sâltkamp en dy har Fryske hofdames. Dat dogge de trije fammen troch ritueel de garnalefangst oer de seedyk te dragen fan in fiskersboatsje nei it âlde Garnalefabryk, westlik fan Moddergat.
Op 'e Dei fan de Fiskerij wurdt besocht en bring de fiskerijsektor posityf ûnder de oandacht fan it publyk. Dêrta leine bygelyks by de edysje fan 2018 trije kotters deun ûnder de dyk by Moddergat. By floed koene belangstellenden dêr foar besichtiging hinne roeie yn in boatsje, en by êb koene se der oer It Waad hinne rinne. Dêrnjonken biedt de Dei fan de Fiskerij ek demonstraasjes, ynformaasje oer de histoaryske fiskerij en aktiviteiten mei muzyk en iterij.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|