Toalen (stêd)
| Toalen | ||
| Stedhûs | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Toalen | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 8.493 (2026)[1] | |
| Oerflak | 30,04 km², wêrfan wetter: 6,15 km² | |
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 4691 | |
| Netnûmer | 0166 | |
| Offisjele webside | ||
| www.tholen.nl | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Plattegrûn. | ||
Toalen (Nederlânsk en offisjeel Tholen) is in stêd op it eilân eilân Toalen, yn 'e gemeente Toalen, yn it easten fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. Toalen leit oan 'e westkant fan it Skelde-Rynkanaal, dat de grins foarmet mei de provinsje Noard-Brabân.
Toalen wie in selsstannige gemeente oant 1971 en hie 8014 ynwenners op 1 july 2018. It plak ûntstie yn 'e 13e iuw by in tol oan it wetter Eendracht en krige yn 1366 stedsrjochten. De stêd hjit Toalen omdat der tol heft wurde koe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it earstoan wie der in tol by Schakerloo foar de skipfeart op 'e Striene. Greve Willem I liet in tol bouwe op 'e dyk fan 'e Vijftienhonderdgemetenpolder foar de skipfeart op 'e Eendracht, dy't de rol fan wetterwei oernaam. Dêromhinne ûntstie in delsetting dy't yn 1290 sels tolfrijheid krige. Dy ûntwikkele him ta it plak Toalen, dat omtrint 1366 stedsrjochten krige. Fiskerij en sâltsiederij wiene hjir de wichtichste boarnen fan bestean.
Yn 1452 waard de stêd teistere troch in grutte stedsbrân. Yn 'e 16e iuw hie Toalen te krijen mei ferskate oerstreamings. Yn 'e lêste desennia fan 'e 16e iuw wiene der godstsjinstskelen. Om 1577 hinne gie de stêd Toalen oer ta de reformaasje en kaam de stêd ûnder Steatsk gesach. Wylst wie de Tachtichjierrige Oarloch útbrutsen. Sûnt 1603 waard de stêd fersterke mei omwâlings en bastions, en gie de stêd diel útmeitsjen fan 'e Liny fan 'e Eendracht, dy't rjochte wie tsjin Spanje. Ek yn 'e lettere oarloggen waard de fêsting noch brûkt, mar yn 1814 waard de fêsting opheft. Yn 1825 waard de âlde haven tichtsmiten en kaam der in nije haven. Yn 1908 waard in nije fiskershaven iepene.
Yn 1928 waard in brêge oer de Eendracht yn gebrûk nomd dy't de feartsjinst ferfong. Yn 'e jierren '70 fan 'e 20e iuw waard de Skelde-Rynferbining troch de Eendracht oanlein. Dêroer waard yn 1971 in nije, hegere, brêge oanlein.
Toeristen kinne it histoaryske stedssintrum besichtigje en de Easterskelde en nei de Zoommeer gean. Oan 'e Oesterdaam leit it rekreaasjeterrein 'de Speelmansplaten'. De Easterskelde en it Zoommeer binne tige fûgelryk. Ek it histoaryske sintrum en de boskige, heuveleftige omjouwing fan Bergen op Zoom binne toeristyske bestimmingen yn 'e omkriten fan Toalen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Strjitbyld yn it histoaryske sintrum: Venkelstrjitte
- Rehobothtsjerke (Grifformearde gemeente)
- Haven
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeente Toalen | ||
|---|---|---|
| Stêd: Sint-Maartensdijk • Toalen | ||
| Doarpen: Anna Jacobapolder • Oud-Vossemeer • Poortvliet • Scherpenisse • Sint-Annaland • Sint Philipsland • Stavenisse | ||
