Akwarium

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In akwarium mei wetterplanten en fisken sa't men dat by partikulieren thús wol sjocht.

In akwarium (meartal: akwaria), fan it Latynske aquarium (fan aqua, "wetter", en arium, "plak foar"), is in fivarium fan lykfol hokker grutte mei teminsten ien trochsichtige kant, dêr't wetterplanten en yn oerflaktewetter libjende bisten holden wurde. Dêrby giet it almeast om fisken, mar ek kin it gean om wringeleazen, amfibyen of akwatyske reptilen (lykas skylpodden). As men fisken en/of oare folslein akwatyske bisten hâldt, moat de ferhâlding tusken it tal planten en it tal bisten yn balâns wêze; de planten foarsjogge it wetter nammentlik fan soerstof dêr't de bisten fan libje. Yn moderne akwaria wurdt faak (ek) op keunstmjittige wize mear soerstof yn it wetter brocht. Akwaria binne faak makke fan glês of fan in sterke, trochsichtige foarm fan plestik.

Lytse akwaria sjocht men gauris yn wenkeamers en oare fertrekken yn 'e wenten fan partikulieren, by wize fan leafhawwerij. De fisken en oare bisten dy't holden wurde, beskôget de eigner dan ornaris as syn húsdieren. Der binne ek iepenbiere akwaria, dy't fergees of (faker) tsjin betelling tagonklik binne foar it algemiene publyk. In iepenbier akwarium is eins in type dieretún. It omfettet yn 'e regel ferskate akwaria mei ferskillende soarten bisten, dy't faak in stik grutter binne as praktysk is om yn in partikulier akwarium te hâlden. Men kin dan tinke oan fisken as haaien, roggen, kabbeljauwen en snoeken, mar ek oan seeskylpodden, otters, seehûnen, seeliuwen, dolfinen en pinguïns, oant sels iisbearen ta. In akwarium dêr't dolfinen of oare walfiskeftigen yn holden wurde, is in dolfinarium.

Der wurdt soms sein dat de Romeinen it akwarium útfûn hawwe soene as manear om barbelen te hâlden, mar histoarisy achtsje dat hiel ûnwierskynlik. Ynsafier bekend waard de earste foarrinner fan it akwarium yn 1369 makke, doe't keizer Hongwu fan Sina opdracht joech foar it meitsjen fan in soarte fan porsleinene tobbe, dêr't er goudfisken yn hâlde koe. Meitiid ûntjoech him dêrút de moderne fiskekom, dy't eins in lyts soarte fan akwarium is. As wurd waard aquarium foar it earste út Latynske wurddielen gearstald foar gebrûk yn it Ingelsk troch de Ingelske biolooch Philip Henry Gosse, dy't yn 1853 it earste iepenbiere akwarium makke en fan plantaardich en dierlik libben foarseach yn 'e London Zoo. Hy wie ek de skriuwer fan it boek The Aquarium: An Unveiling of the Wonders of the Deep Sea (1854).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.