Roggen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Roggen
In bûnte earnroch (Aetobatus narinari).
In bûnte earnroch (Aetobatus narinari).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken (Chondrichthyes)
ûnderklasse: haaien en roggen (Elasmobranchii)
tuskenklasse: echte haaien en roggen (Euselachii)
difyzje: moderne haaien en roggen (Neoselachii)
ûnderdifyzje: roggen (Selachii)
Case, 1978

De roggen (Latynske namme: Batoidea of ek wol Rajomorphii) foarmje in ûnderdifyzje fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii) en de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii). Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't sa'n 560 ûnderskate soarten omfiemet. De roggen binne nau besibbe oan 'e haaien (Selachii), en men soe se wol omskriuwe kinne as ôfplatte haaien. De earste roggen ûntjoegen har út fossile haai-eftigen oan it begjin fan it Trias, sa'n 252 miljoen jier lyn.

De reuzemanta, de grutste roggesoarte.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roggen kinne ûnderskaat wurde troch harren ôfplatte liif en har fergrutte boarstfinnen, dy't by guon soarten rûnich binne en har in bytsje in platfiskeftich uterlik jouwe, wylst se by oare soarten puntich fansiden útstekke en op wjukken lykje. Karakteristyk foar roggen is fierders dat de kieuspjalten en de bek by har oan 'e búkside (oftewol de ûnderkant fan it lichem) sitte. Se hawwe gjin earsfinnen. Roggen binne nau besibbe oan haaien, en hawwe krekt as haaien in skelet dat útslutend út kreakbien bestiet.

De measte soarten roggen libje op 'e seeboaiem (dêrfandinne de ôfplatte lichemsfoarm), mar se komme foar yn in ferskaat oan geografyske regio's, fan tropyske en subtropyske wetters oant seeën yn gebieten mei in tuskenbeiden of sels in kâld klimaat. De measte roggen libje deunby de kust, mar guon komme foar yn djipper wetter oant teminsten 3.000 m djipte. In hantsjefol soarten hat him oanpast oan 'e iepen see; dat binne ek krekt dy soarten dy't net op 'e seeboaiem libje. De bekendste dêrfan is de reuzemanta (Manta birostris), dat ek de grutste roch is, mei in spanwiidte (fan finpunt oant finpunt) fan 9 m en in gewicht fan 1.350 kg. Inkele roggen komme foar yn swiet wetter en guon oaren kinne yn brak wetter libje, benammen yn riviermûnings.

Roggen beskikke oer sterke, rûne tosken, dy't bedoeld binne om skaaldieren lytsman mei te meitsjen, lykas moksels, oesters, slakken, krabben en kreeften. Datoangeande binne se foar minsken folslein ûngefaarlik, mar in protte soarten hawwe in gemiene stikel oan 'e sturt sitten, en dêr kinne se, as se provosearre wurde, rare wûnen mei meitsje. Soms falle dêrby deadlike slachtoffers, lykas yn 2006 barde mei de ferneamde Australyske natoerfilmer Steve Irwin, dy't troch in stikelroch yn it boarst stutsen waard. De grutste soarten, de manta's, hawwe gjin gebit en binne folslein ûngefaarlike wetterfilterders, dy't libje fan it plankton dat se út it seewetter seve.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.