Fin (lichemsdiel)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De finnen fan in bienfisk: 1. boarstfin (pear); 2. búkfin (pear); 3. rêchfin; 4. fetfin; 5. earsfin (pear); 6. sturtfin.

In fin (Latyn: pinna) is ien fan in stikmannich útstykjende lichemsdielen fan in fisk. Finnen besteane út beweegbere bonkige stikels dy't op ferskillende plakken út it lichem fan in fisk stekke en oerdutsen en mei-inoar ferbûn binne troch in faak mei skobben begroeid stik taaie hûd. Dêrby kinne se de foarm hawwe fan in swimflues, lykas by de measte bienfisken, of mear wei hawwe fan in peddel, lykas by haaien.

Bienfisken (in groep dêr't fierwei de measte fiskesoarten ta hearre) beskikke oer yn totaal oant njoggen finnen: twa boarstfinnen oan wjerskanten fan it foarliif; twa búkfinnen ûnderoan it foarliif; in rêchfin op 'e rêch, likernôch healwei it liif; in fetfin, ek op 'e rêch, mar fierder nei efteren; twa earsfinnen ûnderoan it efterliif; en in sturtfin oan 'e útein fan 'e sturt. Ofsjoen fan 'e sturtfin hat net ien fan 'e finnen in direkte ferbining mei de wringe, en wurde se inkeld ûnderstipe troch spieren.

De wichtichste funksje fan finnen is om foar fisken swimmen mooglik te meitsjen. De finnen op 'e ferskillende plakken fan it lichem tsjinje ferskillende doelen, lykas beweging foarút, beweging efterút, draaien, stopjen, en soargjen dat de fisk yn bewegend wetter syn lichem yn juste posysje (mei de goede kant omheech) hâlde kin. De measte fisken soene sûnder finnen net swimme kinne. Guon fisken brûke finnen om har op oare wizen fuort te bewegen. Sa hawwe fleanende fisken (Exocoetidae) ekstreem lange boarstfinnen, dêr't se in beskate ôfstân mei sweve kinne as se út it wetter springe. Fierders brûke fielerfisken (Antennariidae) har búkfinnen om mei te krûpen.

Los fan foarmen fan fuortbeweging kinne finnen ek ynset wurde foar oare saken. Sa brûke manlike haaien in oanpaste fin om har sperma ôf te setten, wylst stienfisken (Synanceia verrucosa) skerpe stikels yn har finnen hawwe dêr't se gif mei ynjektearje kinne, en finearmigen (Lophiiformes) de foarste stikel fan har rêchfin brûke om in wjirm nei te bearen en sa har proai nei har ta te lokjen.

Ek de swimpoaten fan seesûchdieren, lykas walfisken, dolfinen en seehûnen, wurde wol finnen neamd. Dat binne lykwols lichemsdielen fan in hiel oar kaliber, dy't besteane út stevige leareftige hûdflappen dy't ôfhinklik fan 'e soarte en posysje op it lichem ek noch bonkestruktueren omfiemje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.