Lac du Flambeau (Wiskonsin)
Lac du Flambeau | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Wiskonsin | |
County | Vilas County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.969 (2010) | |
Oerflak | 20,0 km² (ynkl. wetter) 13,0 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 98,5 / km² | |
Hichte | 487,7 m | |
Oar | ||
Stifting | 2e helte 19e iuw | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 45°58′14″N 89°54′01″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Lac du Flambeau yn 'e steat Wiskonsin.
|
Lac du Flambeau is in doarp en in census-designated place yn it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It leit yn 'e gemeente (town) Lac du Flambeau en yn 'e county Vilas County. Teffens is it doarp it haadplak fan it Lac du Flambeau Yndianereservaat. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Lac du Flambeau doe krapoan 2.000 ynwenners.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Lac du Flambeau is it haadkertier fêstige fan 'e Lac du Flambeau Odjibwe Naasje, in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje. Ek stiet der it Lake of the Torches-kasino, dat troch de stamme rund wurdt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Lac du Flambeau doe in befolking fan 1.969 minsken. De befolkingstichtens bedroech 98,5 minsken de km². Yn 2000 wie fan 'e befolking fan Lac du Flambeau 8,2% âlder as 65 jier en 38,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 16,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 21,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 86,6% Yndianen; 12,3% blanken; 0,3% swarten; 0,8% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Yndianen yn Lac du Flambeau binne frijwol allegear etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Algonkwynsk folk dat yn it hiele gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lac du Flambeau hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is de trochsneed temperatuer nachts –17,5 °C. Lac du Flambeau kriget jiers trochinoar 800,1 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 281 sm snie.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |