Springe nei ynhâld

Lac du Flambeau Odjibwe Naasje

Ut Wikipedy
Lac du Flambeau Odjibwe Naasje
Ingelsk Lac du Flambeau Ojibwe Nation
lânseigen Waaswaaganing
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
haadkertier Lac du Flambeau (Wiskonsin)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 3.200 (2000)
oprjochting 1934
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Lac du Flambeau Yndianeres.
lokaasje noardlik Wiskonsin
oerflak 279,9 km²
ynwennertal 2.995 (2000)
offisjele webside
www.ldftribe.com
kaart
Lac du Flambeau Odjibwe Naasje (Wiskonsin)
Lac du Flambeau Odjibwe Naasje
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Wiskonsin.

De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje (Ingelsk: Lac du Flambeau Ojibwe Nation; Odjibwe: Waaswaaganing) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. Dizze stamme stiet ek wol bekend as de Lac du Flambeau Troep fan Boppemarder Tsjippewa (Lac du Flambeau Band of Lake Superior Chippewa). De leden fan 'e stamme binne etnyske Odjibwe (ek wol Tsjippewa neamd). De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn it noarden fan 'e steat Wiskonsin. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Lac du Flambeau.

De foarâlden fan 'e Lac du Flambeau-stamme libben oarspronklik yn Opper-Michigan, mar teagen dêrwei yn 1737 it binnenlân fan Wiskonsin yn, dêr't se de lju dy't dêr al wennen, de Foks en de Eastlike Dakota, nei it suden en westen dreaune. De krite om 'e mar it Lac du Flambeau hinne, kaam yn 1745 foargoed yn 'e hannen fan 'e Odjibwe. Dat jiers fûn der nammentlik in lêste fjildslach plak mei de Eastlike Dakota, wêrby't dyselden ferslein en ferdreaun waarden, sadat se har nei wenjen sette moasten yn wat no súdlik Minnesota is. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Lac du Flambeau-troep fûn dy striid plak op Strawberry Island, in eilantsje yn 'e mar, en waarden de Odjibwe dêrby oanfierd troch harren opperhaad Keeshkemun.

De achttjinde-iuwske Frânske pelskeaplju dy't noardlik Wiskonsin oandiene, ferneamden it Lac du Flambeau ("Fakkelmar") en de Odjibwe-troep dy't dêr wenne nei de pleatslike gewoante om nachts de mar op te gean om by fakkelljocht te fiskjen. Ek de oarspronklike namme fan 'e troep yn 'e Odjibwe-taal ferwiist dêrnei: Waaswaaganininiwag ("it Fakkelljochtfolk"). Lange tiid naam de Lac du Flambeau-troep in wichtige rol yn 'e hannel yn noardlik Wiskonsin yn, mei't it Lac du Flambeau de rivieren de Wiskonsin en de Flambeau fia de Montreal mei de Boppemar en de oare Grutte Marren ferbûn.

Fertsjintwurdigers fan 'e Lac du Flambeau-troep hearden ta de Odjibwe dy't yn 1842 mei folmachten fan 'e Amerikaanske oerheid it earste Ferdrach fan La Pointe sleaten. Tolve jier letter wiene se op 'e nij fan 'e partij doe't it twadde Ferdrach fan La Pointe (1854) ûndertekene waard. Under de ôfspraken fan dat lêste ferdrach waard doe it Lac du Flambeau Yndianereservaat oprjochte. As gefolch dêrfan giene fjouwer oare troepen fan 'e Boppemarder Tsjippewa (de Pelican Lake-, Turtle Portage-, Trout Lake- en Wisconsin River-troepen) yn 'e Lac du Flambeau-troep op. Neffens de ôfspraken fan it Ferdrach fan St. Peters fan 1837 wie it de Lac du Flambeau-Odjibwe tastien om bûten harren reservaat te jeien, fiskjen en ytbere planten en fruchten te rispjen.

Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw late de ymplemintaasje fan 'e Lânferdielingswet fan 1887 ta it ferlies fan in diel fan it reservaat. Dêrûnder wie Strawberry Island, yn it Lac du Flambeau, dat de Odjibwe sûnt de fjildslach fan 1745 as in hillich plak beskôgen. Doe't de Yndiaanske eigner oan wa't it taparte wie, sûnder bern ferstoar, ferfoel it eilân lykwols yn 1910 oan 'e Amerikaanske oerheid, dy't it tsjin 'e winsken fan 'e Odjibwe yn ferkocht oan in blank gesin. Hoewol't de eigners har net op it eilân nei wenjen setten, mar it inkeld brûkten om by 't simmer te kampearjen, en it eilân sadwaande ûnûntgûn bleau, krewearren de Odjibwe lange tiid om it werom te krijen. Yn 1978 waard Strawberry Island opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, om't it ien fan 'e wichtichste argeologyske fynplakken yn noardlik Wiskonsin is. In opgraving út 1966 brocht bewizen fan minsklike aktiviteiten oan it ljocht dy't tebek giene oant yn 'e trêde iuw f.Kr.

It Lac du Flambeau.

Underwilens hiene de leden Lac du Flambeau-troep har ûnder de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje ûntjûn ta de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje, in moderne stamme-organisaasje mei in demokratysk bestjoer. De stamme besocht ferskate kearen Strawberry Island te keapjen fan 'e blanke eigners, mar se koene it nea iens wurde oer de priis. Yn 1996 waard in oanfraach foar in boufergunning fan 'e eigners blokkearre troch in beswier fan 'e stamme. Yn 2003 befêstige de rjochter yn heger berop dat de stamme it rjocht hie om 'e takomst fan it eilân te bepalen, om't alle omlizzende lân ta it reservaat hearde en men it eilân inkeld berikke koe troch oer Yndiaanske gerjochtichheid te gean. Yn 2008 waard it eilân oan 'e stamme yn pacht jûn en op 23 desimber 2013 waard men it úteinlik dochs noch iens oer de priis en koe de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje it eilân foar $250.000 oanskaffe fan 'e famylje Mills.

De leden fan 'e Lac du Flambeau Odjibwe Naasje binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, dy't ta de subgroep fan 'e Boppemarder Tsjippewa hearre. De Odjibwe foarmje in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje is ien fan 22 ûnderskate stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2000 hie de stamme doe sa'n 3.200 leden.

De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje hat in eigen Yndianereservaat, it Lac du Flambeau Yndianereservaat, dat yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin leit. Sawol it reservaat as de stamme binne ferneamd nei Lac du Flambeau, in mar dy't diel fan it reservaat útmakket. It Lac du Flambeau Yndianereservaat leit yn it súdwestlike part fan Vilas County en it súdeastlike part fan Iron County. Yn totaal hat it in oerflak fan 279,9 km². Neffens gegevens út 2000 wennen der doe likernôch 3.000 minsken yn it reservaat. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Lac du Flambeau, dat de grutste wenkearn fan it reservaat is.

Yn 'e 1930-er jierren reorganisearre de Lac du Flambeau Odjibwe Naasje him ta in moderne stamme-organisaasje mei in eigen skreaune grûnwet. De stamme wurdt bestjoerd troch in stammeried mei oan it haad in presidint, dy't beide keazen wurde troch de leden by demokratyske ferkiezings dy't mei geregelde tuskenskoften holden wurde. De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje runt ferskate ûndernimmings, wêrûnder in eigen bedriuw dat pallets makket, in fiskkwekerij, in kampearterrein, in supermerk en it kasino Lake of the Torches.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.