Ferdrach fan La Pointe (1842)
- Dizze side giet oer it Ferdrach fan La Pointe fan 1842. Foar it Ferdrach fan La Pointe fan 1854, sjoch: Ferdrach fan La Pointe (1854).
It earste Ferdrach fan La Pointe wie in wetlik binende oerienkomst dy't op 4 oktober 1842 yn La Pointe, yn Wiskonsin, sletten waard tusken fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten, ûnder lieding fan Robert Stuart, en 41 Yndiaanske opperhaden fan 'e Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. De opperhaden fertsjintwurdigen de tradisjonele Odjibwe-troepen fan 'e Boppemar en de Mississippy. Under de opperhaden dy't dit ferdrach tekenen, wiene Gat-yn-'e-Dei, Waubojeeg, Kechewaishke, Tagwagane, Shakopee en Moaimeitsjende Fûgel. It ferdrach waard iepenbier makke op 23 maart 1843.
Under de kêsten fan dit ferdrach stiene de Odjibwe it westlike twatrêde part fan Opper-Michigan en de noardlike râne fan Wiskonsin ôf oan 'e Feriene Steaten. Yn ruil dêrfoar erkende it Amerikaanske regear it rjocht fan 'e Odjibwe om yn it ôfstiene gebiet te fiskjen, te jeien en yn it wyld groeiend plantaardich iten (lykas beien) te sammeljen. Dat rjocht waard neitiid troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf bekrêftige. Boppedat naam it Amerikaanske regear troch it ferdrach te sluten neffens it Heechgerjochtshôf de ferplichting op him om in permanint thúslân (yn 'e foarm fan ûnderskate Yndianereservaten) te skeppen foar de Odjibwe-troepen dêr't it ferdrach mei sletten wie.
Op 9 augustus 1842 sleaten de Feriene Steaten en Grut-Brittanje it Webster-Ashburton Ferdrach, wêrby't se harren skeel oer it ferrin fan 'e grins tusken de kontinintale Feriene Steaten en Kanada byleine. Sa waard besletten en lûk de grins rjocht troch by de omstride Pylkpunt-regio fan Minnesota. Dat nijs berikte de Amerikaanske delegaasje yn La Pointe net op 'e tiid, sadat de Grand Portage-troep fan it Ferdrach fan La Pointe útsletten waard, om't men derfan útgie dat dy har yn Kanada befûnen. Om dat fersin rjocht te lûken tekenen it Amerikaanske regear en de Grand Portage-troep op 20 augustus 1844 in oanfolling op Ferdrach fan La Pointe, dat bekend kaam te stean as de Oerienkomst fan Isle Royale.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |