Springe nei ynhâld

Moaimeitsjende Fûgel

Ut Wikipedy
Moaimeitsjende Fûgel
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nenaa’angebi
oare namme Beautifying Bird
nasjonaliteit Odjibwe
berne 1794
berteplak Rice Lake (Wiskonsin)
stoarn 1855
stjerplak Rice Lake (Wiskonsin)
etnisiteit Odjibwe
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Odjibwe
jierren aktyf ±18301855

Moaimeitsjende Fûgel (Odjibwe: Nenaa’angebi, letterlik: "Strykt-Syn-Wjukfearren-Glêd"; frije Ingelske oersetting: Beautifying Bird; Rice Lake (Wiskonsin), 1794 – dêre, 1855) wie yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw it opperhaad fan 'e Prairie Rice Lake-troep fan 'e Odjibwe, in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Hy stie bekend as in grut orator, en waard fierders omskreaun as "fan minder as middellingte en -grutte" en "mei in yntelligint gesicht". Hy wie de heit fan 'e ferneamde froulike kriger Hingjende Wolk.

Moaimeitsjende Fûgel waard yn 1794 berne yn 'e mienskip dy't him letter ûntjaan soe ta Rice Lake, yn wat no de Amerikaanske steat Wiskonsin is. Hy wie de soan fan it opperhaad Ozaawindib, en hie in twillingbroer dy't Ozaawindib weijoech oan 'e mienskip fan Snake River, sawol om 'e frede te bewarjen, as sadat dy mienskip in eigen opperhaad hawwe soe. It folk fan Snake River wie fan mingd Odjibwe-Dakota-komôf, mar skaaide mear de kant fan 'e Dakota út. De twillingbroer fan Moaimeitsjende Fûgel ûntjoech him letter ta it opperhaad Shakopee (of Shák’pi).

Moaimeitsjende Fûgel troude mei in Niigi’o, mei wa't er twa soannen krige: Wabashish (of John White) en Gishkitawag (Joe White), en seis dochters: Chingwe (Maggie White), Poskin (Mary Goose Tainter), Minotagas, Wabikwe, Hingjende Wolk en Ashaweia. Yn 1842 en 1854 wie Moaimeitsjende Fûgel ien fan 'e ûndertekeners fan it earste, resp. twadde Ferdrach fan La Pointe. Under de ôfspraken fan it twadde ferdrach waard syn Prairie Rice Lake-troep gearfoege mei de Lac Courte Oreilles-troep. Ear't er sjen koe wat der fan 'e ûnthjitten dy't de Amerikanen him by dat twadde ferdrach dien hiene, telâne kaam, stoar Moaimeitsjende Fûgel yn 1855.

It opperhaad waard begroeven yn 'e neite fan in hege heuvel by Prairie Farm, dêr't it plak fan syn grêf tsjintwurdich oanjûn wurdt troch in buordsje fan it Histoarysk Genoatskip fan Wiskonsin. Neffens in brief oan Thomas Jefferson Bracklin, út 1933, hong der doe in portret fan Moaimeitsjende Fûgel yn 'e bibleteek fan it Histoarysk Genoatskip yn Madison (Wiskonsin). It is ûnbekend wat dêr neitiid fan wurden.

Moaimeitsjende Fûgel waard as opperhaad fan 'e Prairie Lake Rice-mienskip fan 'e Lac Courte Oreilles-troep opfolge troch syn âldste soan Wabashish. Koarte tiid letter fierde syn twillingbroer Shakopee oan it haad fan in groep Dakota-krigers in oanfal op Rice Lake út, wêrby't Moaimeitsjende Fûgel syn widdo Niigi’o slim ferwûne rekke, sadat se koarte tiid letter stoar. By dy gelegenheid fêstige syn dochter Hingjende Wolk lykwols har reputaasje as kriichster troch Shakopee syn soan, har folle neef, yn 'e striid te deadzjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.