Springe nei ynhâld

Madison (Wiskonsin)

Ut Wikipedy
Madison
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Wiskonsin
County Dane County
Sifers
Ynwennertal 233.209(2010)
Oerflak 219,4 km²
Befolkingsticht. 1.169,8 / km²
Stêdekloft 561.505
Hichte 267 m
Oar
Stifting 1837
Tiidsône Central (UTC−6)
Simmertiid CDT (UTC−5)
Offisjele webside
http://www.cityofmadison.com

Madison is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Wiskonsin. It is de op ien nei grutste stêd fan Wiskonsin, nei Milwaukee, dat sa'n 125 kilometer nei it easten leit. Madison is ek haadstêd fan Dane County. De Universiteit fan Wiskonsin, ien fan de foaroansteande "publike universiteien" yn de Feriene Steaten.

Madison is ferneamd nei James Madison, de fjirde presidint fan de Feriene Steaten.

View of Madison. From the Water Cure, South Side of Lake Monona, 1855.

Begjin 19e iuw wennen de Ho-Chunk-yndianen, ek wol Winnebago neamd, yn it gebiet dêr't no Madison leit. Sy neamden it gebiet „Taychopera“, dat „lân fan de fjouwer marren“ (Lake Mendota, Lake Monona, Lake Kegonsa en Lake Waubesa) betsjut. Nei de Black Hawkkriich fan 1832 moasten de yndianen it gebiet oan it FS-regear oerjaan, dy't 1835 mei de ferkeap fan grûn begûn. Under de keapers wie ek James Duane Doty, in lânspekulant en lobbyist, dy't sa'n 1.000 acres (4 km²) op it skiereilân tusken de marren Mendota en Monona besette. Hy stifte mei syn kompanjons in delsetting, de takomstige stêd Madison. Troch ynfloed fan Doty waard yn 1836 besletten Madison, dat feitlik allinne noch mar op papier bestie, haadplak te meitsjen fan it doetydske territoarum Wiskonsin yn stee fan Belmont, omdat it moai sintraal tusken de Michigamar en de Mississippy lei.

Yn 1837 lkamen de earste kolonisten en waard útein set mei de bou fan it Kapitool yn Madison. Doe't Wiskonsin 1848 dielsteat fan de FSA waard, bleau Madison haadstêd en hie op dat stuit 626 ynwenners. Itselde jier waard ek de Universiteit fan Wiskonsin oprjochte. Dêrnei waard it plak hurd grutter. Yn 1854 berikte it spoar Madison, wat de ekonomyske ûntjouwing fan de stêd tige befoardere yn de neifolgjende jierren. Yn 1856 waard Madison offisjeel in stêd (City of Madison) dy't wilens 6.864 ynwenners hie. De earste kolonisten kamen fan de eastkust, rillegau kamen der ek ymmigranten út Jeropa, de measten út Dútslân, Ierlân en Noarwegen. Doe't it earste kapitoal út syn klean goeide, waard yn 1857 mei de bou fan in twadde begûn. It gebou wie klear yn 1869 en baaarnde yn 1904 ôf. De bou fan it tredde kapitoal wie earst nei tsien jier, yn 1917 dien.


Geografy en klimaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madison leit yn it midden fan Dane County yn it suden fan Wiskonsin, west fan Milwaukee en noardwest fan Chicago.

Madison wurdt faak oantsjut as „de stêd fan de fjouwer marren“, dat binne: Lake Mendota, Lake Monona, Lake Waubesa en Lake Kegonsa. It sintrum fan Madison leit op in skiereilân tusken Lake Mendota en Lake Monona.

Madison hat lykas de oare plakken yn it midwesten fan Amearika in lânklimaat, dat fral bliken docht út de enoarm grutte ferkillen tusken simmer- en wintertemperaturen.

Trochsneed- en rekordtemperatuer/delslach de moanne
Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des
Rekordhichte yn °F (°C) 56 (13,3) 64 (17,7) 82 (27,7) 94 (34,4) 93 (33,8) 101 (38,3) 104 (40) 102 (38,8) 99 (37,2) 90 (32,2) 76 (24,4) 64 (17,7)
Trochsneedtemp. yn °F (°C) 25,2 (-3,7) 30,8 (-0,6) 42,8 (6,0) 56,6 (13,6) 69,4 (20,7) 78,3 (25,7) 82,1 (27,8) 79,4 (26,3) 71,4 (21,8) 59,6 (15,3) 43,3 (6,3) 30,2 (-1,0)
Rekorddjipte yn °F (°C) -37 (-38,3) -29 (-33,8) -29 (-33,8) 0 (-17,7) 19 (-7,2) 31 (-0,5) 36 (2,2) 35 (1,6) 25 (-3,8) 13 (-10,5) -11 (-23,8) -25 (-31,6)
Delslach yn inch (mm) 1,25 (31,75) 1,28 (32,5) 2,28 (57,9) 3,35 (85,1) 3,25 (82,5) 4,05 (102,9) 3,93 (99,8) 4,33 (110) 3,08 (78,2) 2,18 (55,4) 2,31 (58,7) 1,66 (42,2)
Sniefal yn inch (cm) 10,9 (27,7) 7,9 (20,1) 8,1 (20,6) 2,5 (6,4) 0,1 (0,3) T T T T 0,3 (0,8) 3,6 (9,1) 10,6 (26,9)
Boarne: Weather By Day [1]


Berne yn Madison

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Madison Weather, Weather By Day | rieplachte 2009-03-15