Lac Vieux Desert Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Lac Vieux Desert Yndianereservaat
Lac Vieux Desert Indian Reservation
polityk
haadplak Watersmeet (Michigan)
stamme Lac Vieux Desert Troep
lân Feriene Steaten
steat Michigan
county Gogebic County
sifers
ynwenners 135 (2000)
oerflak 1,3 km²
bef.tichth. 103,8 / km²
oar
stifting 1854
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.lvdtribal.com
kaart
Yndianereservaten yn Michigan. It Lac Vieux Desert Reservaat is werjûn yn read.

It Lac Vieux Desert Yndianereservaat (Ingelsk: Lac Vieux Desert Indian Reservation; Odjibwe: Gete-gitigaaning) is it reservaat fan 'e federaal erkende Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (Lac Vieux Desert Band of Lake Superior Chippewa Indians). It leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan. Dit reservaat bestiet sûnt 1854, en is dêrmei ien fan 'e âldsten fan 'e steat.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Lac Vieux Desert Yndianereservaat leit yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Michigan, yn it westen fan it skiereilân Opper-Michigan, tsjin 'e grins mei de buorsteat Wiskonsin oan. It is sitewearre binnen de grinzen fan it plattelânsdistrikt Watersmeet Township, yn 'e county Gogebic, mar stiet dêr bestjoerlik los fan.

It reservaat bestiet út twa net opinoar oanslutende dielen, dy't beide deun byinoar yn it eastlike part fan Watersmeet Township lizze. It noardlike diel is fierwei it grutst, en hat in oerflak fan 0,9 km², wylst it súdlike diel mar 385,5 m² beslacht. Beide dielen mei-inoar hawwe in oerflak fan 1,3 km², of, om sekuerder te wêzen, 132,8 ha. It doarp Watersmeet, dêr't it haadkertier fan 'e Lac Vieux Desert Troep fêstige is, leit foar in diel binnen de grinzen fan it noardlike diel fan it reservaat. It súdlike diel leit oan 'e noardlike igge fan 'e mar Lac Vieux Desert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Lac Vieux Desert Yndianereservaat waard yn 1854 stifte ûnder de betingsten fan it twadde Ferdrach fan La Pointe, tusken de Odjibwe-Yndianen fan westlik Opper-Michigan en it regear fan 'e Feriene Steaten. Dat waard op 25 septimber 1855 bekrêftige troch presidint Franklin Pierce. It Amerikaansk Heechgerjochtshôf hat dat ferdrach neitiid ynterpretearre as in oerienkomst wêrby't in permanint thúslân skepen waard foar de tradisjonele Odjibwe-troepen wêrmei't it ferdrach sletten waard.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Lac Vieux Desert Reservaat is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen. Dat is ien fan 'e 22 ûnderskate stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet.

Neffens offisjele gegevens fan Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 135 minsken yn it reservaat, wêrfan 114 yn it noardlike diel en 26 yn it súdlike diel. Dêrmei bedroech de befolkingstichtens 103,8 minsken de km². It haadplak is it doarp Watersmeet, dat foar in diel yn it noardlike part fan it reservaat leit en dat yn 2010 in ynwennertal fan 428 minsken hie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.