Lac Vieux Desert
Lac Vieux Desert | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | grins Michigan-Wiskonsin | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan Wisconsin | |
koördinaten | 46°07′48″N 89°07′12″W | |
sifers | ||
maks. lingte | 6,4 km | |
maks. breedte | 3,2 km | |
oerflak | 17,2 km² | |
djipste punt | 12 m | |
kaart | ||
Lizzing op 'e grins fan Wiskonsin mei Opper-Michigan.
|
Lac Vieux Desert (Odjibwe: Gete-gitigaani-zaaga'igan) is in mar yn it noarden fan 'e Feriene Steaten, dy't op 'e grins leit tusken de steat Wiskonsin en it skiereilân Opper-Michigan, dat ta de steat Michigan heart. Bestjoerlik falt it ûnder Vilas County yn Wiskonsin en Gogebic County yn Michigan. De mar hat in oerflak fan 17,2 km², en is 6,4 km lang by 3,2 km breed. Op it djipste punt hat it in djipte fan sa'n 12 m. Lac Vieux Desert leit op in hichte fan 510 m boppe seenivo, en wurdt yn haadsaak fet troch de boarnen yn it omlizzende sompelân. Sels is it de boarne fan 'e rivier de Wiskonsin, dy't der yn 'e súdwestlike hoeke ta'n út streamt.
De mar omfiemet in stikmannich lytse eilantsjes, benammen yn 'e noardeasthoeke. De wichtichsten dêrfan binne Draper (yn Michigan) en Duck Island (yn Wiskonsin). De namme Lac Vieux Desert komt út it Frânsk en waard oan 'e mar jûn troch de iere Frânsk-Kanadeeske pelsjagers en pelskeaplju dy't de krite oandiene. De Frânske namme is wer in letterlike oersetting fan 'e oarspronklike namme, Gete-gitigaani-zaaga'igan, dat yn it Odjibwe, de taal fan 'e oarspronklike Yndiaanske bewenners fan it gebiet, "Mar fan it Alde Iepen Plak yn 'e Bosk" (of "Mar fan 'e Alde Tún") betsjut.
Hjoed de dei is Lac Vieux Desert by 't simmer in populêre bestimming foar wettersporters en angelders. De federaal erkende Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (Lac Vieux Desert Band of Lake Superior Chippewa Indians) is nei Lac Vieux Desert ferneamd. De stamme hat in reservaat, it Lac Vieux Desert Yndianereservaat, wêrfan't in diel oan 'e noardkust fan 'e mar leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |