Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lac Vieux Desert Troep fan
Boppemarder Tsjippewa Yndianen
Flagge fan de Lac Vieux Desert Troep fan Boppemar-Tsjippewa Yndianen.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Lac Vieux Desert Band of Lake
   Superior Chippewa Indians
lânseigen
  namme
Gete-gitigaaniwininiwag
etnisiteit Odjibwe
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Watersmeet (Michigan)
ledetal 450 (2005)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1960
reservaat
reservaat Lac Vieux Desert Yndianeres.
lokaasje Opper-Michigan
oerflak 1,3 km²
ynwenners 135 (2000)
offisjele webside
www.lvdtribal.com

De Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (Ingelsk: Lac Vieux Desert Band of Lake Superior Chippewa Indians; Odjibwe: Gete-gitigaaniwininiwag) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. De leden binne etnyske Odjibwe. De stamme beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn 'e steat Michigan. It haadkertier fan 'e Lac Vieux Desert Troep is fêstige yn it doarp Watersmeet, yn Opper-Michigan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Lac Vieux Desert Troep stamje ôf fan 'e Odjibwe-Yndianen dy't har mooglik wol mear as tûzen jier lyn yn 'e omkriten fan Lac Vieux Desert nei wenjen setten. Dy mar, dy't yn it Odjibwe bekendstiet as Gete-gitigaani-zaaga'igan ("Mar fan it Alde Iepen Plak yn 'e Bosk" of "Mar fan 'e Alde Tún"), lei foarhinne oan in krúspunt fan hannelsrûtes tusken de Boppemar, de Michiganmar en de rivier de Wiskonsin. De Lac Vieux Desert Troep sleat as in tradysjonele Odjibwe-troep út Opper-Michigan yn 'e njoggentjinde iuw ferskate formele oerienkomsten mei it regear fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder it twadde Ferdrach fan St. Peters, fan 1837, it earste Ferdrach fan La Pointe, fan 1842, en it twadde Ferdrach fan La Pointe, fan 1854. As útfloeisel fan dat lêste ferdrach waard datselde jiers it Lac Vieux Desert Yndianereservaat stifte.

Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, ferlear de Lac Vieux Desert Troep syn federale erkenning en waard de troep ynstee bestjoerlik ferraand mei de gruttere Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen. Fan 1960 ôf begûnen de leden fan 'e Lac Vieux Desert Troep te iverjen foar de weromjefte fan harren selsstannichheid en federale erkenning. Nei jierren fan folhurding waard harren krewearjen úteinlik op 8 septimber 1988 beleanne, doe't presidint Ronald Reagan de Wet op de Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (H.R. 3697) ûndertekene, wêrmei't de troep wer in selsstannige en as sadanich erkende stamme waard.

Yndianereservaten yn Michigan. It Lac Vieux Desert Reservaat is werjûn yn read.

Daliks dêrnei sette it nije stammebestjoer útein de ymplemintaasje fan in stappeplan om 'e ekonomyske aktiviteit yn it reservaat oan te fiterjen en de wurkleazens ûnder de leden werom te kringen. Dy lei nammentlik yn 1988 op 40%; tsien jier letter wie it wurkleazenssifer omleechgien nei 11%. It earste grutte projekt fan 'e Lac Vieux Desert Troep wie de bou fan in multy-funksjoneel sintrum, dat yn 1992 reekaam. Neitiid waarden ek in pjutteboartersplak, in klinyk en in fiskkwekerij opset. Fierders waarden yn it reservaat ferhurde wegen, wetterlieding en in rioelsysteem oanlein. Tsjin 'e ein fan 'e 1990-er jierren liet de stamme boppedat in resort sette, besteande út in motel mei 76 keamers, in golfbaan mei njoggen greens, in kasino, in restaurant en in breed skala oan winkels. Om dyselde tiid hinne waarden der yn it reservaat ek in supermerk, in plysjeburo en ferskate nije wenblokken iepene.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Lac Vieux Desert Troep binne etnyske Boppemarder Tsjippewa (Lake Superior Chippewa), in subgroep fan 'e Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. Dat is in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De Lac Vieux Desert Troep is ien fan 22 ûnderskate stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2005 hie de Lac Vieux Desert Troep doe 450 leden.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lac Vieux Desert Troep hat in eigen Yndianereservaat, dat yn it westen fan it skiereilân Opper-Michigan leit, yn Gogebic County, oan 'e grins mei de steat Wiskonsin. It bestiet út twa net opinoar oanslutende, mar deun byinoar lizzende perselen yn it plattelânsdistrikt Watersmeet Township. It súdlike perseel leit oan 'e noardlike igge fan 'e mar Lac Vieux Desert. Yn totaal hat it reservaat in oerflak fan 1,3 km². Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 135 minsken yn it Lac Vieux Desert Reservaat, wat delkomt op 30% fan 'e leden fan 'e Lac Vieux Desert Troep.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.