Watersmeet (Michigan)

Ut Wikipedy
Watersmeet
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Gogebic County
Township Watersmeet Township
Sifers
Ynwennertal 428 (2010)
Oerflak 23,8 km²
Befolkingsticht. 18,0/ km²
Hichte 452 m
Oar
Stifting 1884
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 46°16′04″N 89°10′40″W
Kaart
De lizzing fan Watersmeet yn Gogebic County en de steat Michigan.

Watersmeet is in gemeentefrij doarp (unincorporated community) yn 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit op it skiereilân Opper-Michigan, oan 'e igge fan 'e rivier de Ontonagon, suver tsjin 'e grins fan 'e buorsteat Wiskonsin oan, en heart bestjoerlik ta de county Gogebic en dêrbinnen ta it plattelânsdistrikt Watersmeet Township.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Watersmeet doe likernôch 430 ynwenners. It doarp waard yn 1884 stifte as in stasjon oan it spoar fan 'e Chicago, St. Paul, Minneapolis & Omaha Railways. Deunby Watersmeet leit it krúspunt fan 'e autowegen U.S. Highway 2 en U.S. Highway 45. In diel fan it doarp leit binnen de grinzen fan it Lac Vieux Desert Yndianereservaat.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Watersmeet doe in befolking fan 428 minsken. De befolkingstichtens bedroech 18 minsken de km². Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 66,1%% blanken; 29,4% Yndianen; 1,4% Latino's; 0,2% swarten; 2,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Yndianen yn Watersmeet binne fierhinne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. Yn it doarp is it haadkertier fêstige fan 'e federaal erkende Lac Vieux Desert Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (Lac Vieux Desert Band of Lake Superior Chippewa Indians).

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Watersmeet hat in lânklimaat, mei waarme simmers en strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 25,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –7,2 °C. Watersmeet kriget jiers trochinoar 889 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 370,8 sm snie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.