Trageedzje fan Sandy Lake

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Trageedzje fan Sandy Lake (Ingelsk: Sandy Lake Tragedy) wie in foarfal yn 'e winter fan 1850 op 1851 yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, dêr't sa'n 400 Odjibwe-Yndianen by omkamen. Dat wie in gefolch fan in besykjen fan 'e Amerikaanske oerheid om dy Yndianen te twingen om har bewesten de rivier de Mississippy te fêstigjen, sadat harren oarspronklike wengebiet frijkomme soe foar kolonisaasje troch de blanken.

Tadracht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1850 fette de Amerikaanske presidint Zachary Taylor it plan op om 'e Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa, twa tradisjonele folksdielen fan 'e Odjibwe (Ojibwe, ek wol Tsjippewa, Chippewa, neamd), út harren wengebieten yn 'e Amerikaanske steaten Wiskonsin en Minnesota te deportearjen nei de westkant fan 'e rivier de Mississippy. Dat lot hie in stikmannich oare Yndiaanske folken út 'e eastlike helte fan 'e Feriene Steaten ek al troffen en wie wetlik ûnderboud yn 'e Wet op de Yndiaanske Ferwidering, út 1830.

It belied oangeande de deportaasje fan 'e Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa, wêrmei't de Amerikaanske oerheid ferskate ferdraggen brekke soe, waard útstippele troch de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken Thomas Ewing en de kommissaris fan Yndiaanske Saken Orlando Brown, yn gearwurking mei de gûverneur fan it doetiidske Territoarium Minnesota, Alexander Ramsey. Hoewol't Ewing en Brown ôftreden ear't de gefolgen fan har plannen fêste foarmen oannamen, wie Ramsey by de hiele keatling fan foarfallen belutsen.

Om 'e Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa te twingen en fêstigje har bewesten de Mississippy, waard it plak dêr't de by ferdrach fêstleine útkearing fan jierjilden oan 'e leden fan dy stammen plakfûn, ferpleatst fan La Pointe, yn Wiskonsin, nei Sandy Lake, yn Minnesota. Mei opsetsin waard it útdielen fan 'e jierjilden hjerstmis dien. It plan wie om 'e Yndianen yn Sandy Lake sa lang op te hâlden, dat se troch de ynfallende winter net mear weromkeare koene nei harren heitelân, en har bliuwend by Sandy Lake fêstigje moatte soene. De autoriteiten yn Minnesota wiene hjir flak foàr, mei't de Yndianen dan har jierjilden yn Minnesota útjaan moatte soene ynstee fan yn Wiskonsin, wat in flinke ynstruier foar de pleatslike ekonomy wêze soe. It oarspronklike wengebiet fan 'e Boppemarder Tsjippewa yn Wiskonsin en fan 'e Mississippy-Tsjippewa yn eastlik Minnesota soe ûnderwilens troch harren ôfwêzichheid frijkomme foar kolonisaasje troch de blanken.

Sadwaande makken yn 'e hjerst fan 1850 rûchwei 3.000 Yndianen de (benammen foar de Boppemarder Tsjippewa) drege en lange tocht nei Sandy Lake, dêr't se har sammelen oan 'e igge fan 'e mar dêr't it plak nei ferneamd wie. Se holden dêr ferskate wiken ta ear't der einlings in fertsjintwurdiger fan it Amerikaanske regear opdaagjen kaam, dy't harren fertelde dat it regear noch net by steat west hie om 'e jierjilden en foarrieden byinoar te bringen. Pas begjin desimber arrivearre der in lyts diel fan 'e jierjilden en foarrieden, mar de rantsoenen wiene foar it meastepart ferkeard. Tsjin dy tiid wiene yn it oerbefolke kamp dysintery en de mûzels útbrutsen, wylst der ek honger hearske en it oanboazjende winterwaar foar befriezingsferskynsels soarge. Sa'n 170 Yndianen wiene doe al omkommen.

Doe't it de Tsjippewa dúdlik waard dat se te fiter nommen wiene en dat de ûnthjitten jierjilden en foarrieden net mear komme soene, bejoegen se har op 'e wei nei hûs. Hoewol't gjin alhiel gjin waar wie om sa'n ein te reizgjen, soene se as rotten krepearje as de hiele winter yn it kamp oan 'e igge fan it Sandy Lake bleaune. Underweis kamen nochris likernôch 230 Yndianen om, foar it meastepart manlju, mar ek guon froulju en bern. Uteinlik berikten de lêsten fan 'e Boppemarder Tsjippewa mids jannewaris 1851 har wenplakken yn noardlik Wiskonsin wer. Dizze hiele keatling fan foarfallen krige letter de namme fan 'e Trageedzje fan Sandy Lake.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid reizge Bizon, it 93-jierrige opperhaad fan 'e La Pointe-troep fan 'e Boppemarder Tsjippewa, alhiel nei it fiere Washington, D.C. om 'e saak fan syn folk te bepleitsjen. Yn Washington wie ûnderwilens presidint Millard Fillmore oan it bewâld kommen, dy't mei ûnder druk fan 'e publike opiny besleat om fan 'e deportaasje fan 'e Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa ôf te sjen. Neitiid waarden ûnder it Ferdrach fan La Pointe (1854) njoggen Yndianereservaten foar de Boppemarder Tsjippewa oprjochte, wylst ûnder it Ferdrach fan Washington (1855) seis reservaten oprjochte waarden foar de Mississippy-Tsjippewa en trije foar de Plonderder-Tsjippewa (dy't net belutsen west hiene by de Trageedzje fan Sandy Lake).

Tinktekens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 oktober 2000 waard yn opdracht fan it regear fan 'e Feriene Steaten by de Sandy Lake Dam Campgrounds in tinkteken foar de Trageedzje fan Sandy Lake oprjochte troch it Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger. Fierders hat de steat Minnesota in plakkette oanbrocht ta betinking fan 'e trageedzje op in parkearplak oan 'e Minnesota State Highway 65, dêr't men wei útsjocht op it Sandy Lake.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Loew, Patty, Indian Nations of Wisconsin: Histories of Endurance and Renewal, Madison (Wiskonsin), 2001 (Wisconsin Historical Society Press), ISBN 978-0 87 02 05 033.
  • Warren, William W., History of the Ojibway People, St. Paul (Minnesota), 1984 (Borealis Books), ISBN 978-0 87 35 16 433.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.