Mississippy-Tsjippewa
De Mississippy-Tsjippewa (Ingelsk: Mississippi Chippewa; Odjibwe: Gichiziibiwininiwag) foarmje in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe (Ingelsk: Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde, in grut Algonkwynsktalich Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren yn 'e Feriene Steaten en Kanada. De Mississippy-Tsjippewa omfiemen histoarysk de meast súdlik libjende troepen fan 'e Odjibwe, en ûntliene harren namme oan 'e rivier de Mississippy (Mississippi), oan 'e bopperin wêrfan't se taholden yn wat no de Amerikaanske steat Minnesota is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Mississippy-Tsjippewa wennen se oarspronklik yn wat no Opper-Michigan is, mar teagen se yn 1737 mei de nau besibbe Boppemarder Tsjippewa dêrwei nei it westen ta, dêr't se yn sintraal Minnesota de Eastlike Dakota nei it suden en westen ta ferdreaune. Ear't de Mississippy-Tsjippewa yn kontakt kamen mei de Feriene Steaten, bestiene se út tolve troepen:
- de Crow Wing-troep
- de Gull Lake-troep
- de Mille Lacs-troep
- de Pelican Lake-troep
- de Pokegama Lake-troep
- de Rabbit Lake-troep
- de Rice Lake-troep
- de Sandy Lake-troep
- de Snake River-troep
- de Swan River-troep
- de Trout Lake-troep
- de White Oak Point-troep
Yn dy snuorje behearsken se de bopperin fan 'e Mississippy tusken it plak dêr't de rivier de Leech Lake deryn útmûne en it plak dêr't de rivier de Crow Wing deryn útmûne. Dêrmei hiene se ek sizzenskip oer de hannelsrûtes dy't Mississippy folgen.
It earste ferdrach dat de Mississippy-Tsjippewa mei folmachten fan it regear fan 'e Feriene Steaten sleaten, wie it earste Ferdrach fan Prairie du Chien, yn 1825, wêrby't de Amerikanen in grins fêststelden tusken de territoaria fan 'e Odjibwe en de Eastlike Dakota, mei't se mienden dat dy beide folken doe noch mei-inoar yn oarloch wiene. Dat wie in misfetting, mei't harren oarloch al in generaasje earder yn it foardiel fan 'e Odjibwe besljochte wie, hoewol't der út en troch noch wol oerfallen en skermutselings plakfûnen. Dy waarden lykwols net tsjinholden troch it lûken fan in line op in lânkaart. Yn 1837 sleaten de Mississippy-Tsjippewa, de Plonderder-Tsjippewa en de Boppemarder Tsjippewa it Ferdrach fan St. Peters mei de Feriene Steaten, wêrby't se grutte dielen ôfstiene fan wat no noardlik Wiskonsin en eastlik sintraal Minnesota binne.
Yn 1850 fette de Amerikaanske presidint Zachary Taylor it plan op om alle Mississippy- en Boppemarder Tsjippewa út harren heitelân te deportearjen nei oare kant de Mississippy, sa't doe al dien wie mei ferskate oare Yndiaanske folken. Dêrta waard it plak dêr't de jierjilden (yn natuera) útkeard waarden, ferpleatst fan La Pointe, yn Wiskonsin, nei Sandy Lake, yn Minnesota, om 'e Yndianen safier te krijen dat se fierder nei it westen ta ferfarre soene. Fjouwertûzen Odjibwe giene dat út, mar fan 'e ferwachte fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid wie gjin spoar. Nei twa moannen yn oanboazjende waarsomstannichheden wachte te hawwen, wêrby't 170 lju kommen wiene te ferstjerren, waarden einlings de jierjilden brocht. Dêrnei fûnen op 'e weromreis nei har heitelân nochris 230 Yndianen de dea, wêrûnder ek froulju en bern. Dizze keatling fan foarfallen kaam bekend te stean as de Trageedzje fan Sandy Lake. Fan gefolgen waard de nije presidint Millard Fillmore neitiid troch de publike opiny twongen om fan syn plan ôf te sjen.
Nei oanlieding fan 'e Trageedzje fan Sandy Lake sleaten de Mississippy- en Plonderder-Tsjippewa yn 1855 it Ferdrach fan Washington mei de Feriene Steaten, wêrby't se harren lân yn noardlik Minnesota ôfstiene yn ruil foar de stifting trije reservaten foar de Plonderder-Tsjippewa en seis reservaten foar de Mississippy-Tsjippewa. Dêropta betongen se dat se it rjocht holden om bûten de reservaten fiskje, jeie en yn it wyld groeiende planten rispje te meien. Meitiid ferdizene dat rjocht út 'e algemiene kennis fan 'e blanke ynwenners fan dy kontreien, mei as gefolch dat der konflikten útbrieken doe't de Tsjippewa harren âlde rjochten yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw wer útoefenje woene. (In foarbyld dêrfan wie de saneamde Breedbekbearze-oarloch fan Wiskonsin yn 'e 1980-er jierren.)
De seis reservaten dy't ûnder it Ferdrach fan Washington foar de Mississippy-Tsjippewa stifte wurde soene, wiene:
- it Gull Lake Yndianereservaat
- it Mille Lacs Yndianereservaat
- it Pokegama Lake Yndianereservaat
- it Sandy Lake Yndianereservaat
- it Rabbit Lake Yndianereservaat
- it Rice Lake Yndianereservaat
It Rice Lake Reservaat waard lykwols nea stifte fanwegen betizing by de Amerikaanske oerheid oer de lokaasje. Ferskate marren dy't yn 'e Odjibwe-taal ferskillende nammen hiene, waarden nammentlik yn it Ingelsk allegear 'Rice Lake' neamd. Dat late ta in rûzje dy't nea oplost waard.
Under de Dakota-Oarloch fan 1862, doe't de Eastlike Dakota yn opstân kamen tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking, ûntfongen hja stipe fan ferskate troepen fan 'e Mississippy-Tsjippewa. De Gull Lake-troep naam sels aktyf diel oan 'e opstân. De Sandy Lake-troep hold him lykwols strikt ôfsidich, wylst it opperhaad Izerrinner, fan 'e Mille Lacs-Yndianen, de Amerikanen yn Fort Ripley mei twahûndert krigers te help kaam doe't er hearde dat dy fêsting oanfallen wurde soe. Fan gefolgen waarden sawol de Sandy Lake- as de Mille Lacs-troep neitiid yn beskerming nommen troch de Amerikaanske oerheid, wylst de Gull Lake-troep fan syn lân ferwidere waard. De Pokegama Lake-, Rabbit Lake- en Rice Lake-troepen waarden krektlyk nei it Leech Lake Yndianereservaat deportearre.
Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard der grutte druk op 'e Sandy Lake- en Mille Lacs-Tsjippewa útoefene om har yn it Leech Lake of it White Earth Yndianereservaat nei wenjen te setten, om't blanke kolonisten begearich nei harren reservaten seagen. In oansjenlik tal leden fan 'e beide troepen joech oan 'e druk ta, mar it grutste part hold steech fêst oan it bestean fan 'e eigen reservaten. Om't de Mississippy-Tsjippewa yn Leech Lake yn konflikt kamen mei de pleatslike Plonderder-Tsjippewa, ûnderhannelen se mei de Feriene Steaten oer in oare oplossing. Uteinlik mocht de Pokegama Lake-troep, yn 'e mande mei de leden fan 'e Sandy Lake-troep dy't har 'frijwillich' yn it Leech Lake Reservaat nei wenjen set hiene, in stik eastliker it White Oak Point Yndianereservaat stiftsje, dat yn 1934 opgie yn it Leech Lake Reservaat.
De Sandy Lake-troep ferlear yn 1889 syn eigen reservaat troch in unilaterale beslissing fan 'e Amerikaanske oerheid, mar it reservaat waard yn 1915 weroprjochte troch in dekreet fan presidint Woodrow Wilson. Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje rekke de Sandy Lake-troep yn 1934 lykwols syn federale erkenning kwyt. Sûnt wurdt de troep beskôge as in ûnderdiel fan 'e Mille Lacs Troep fan Odjibwe.
Hjoeddeiske stammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei wurde de Mississippy-Tsjippewa yn 'e Feriene Steaten fertsjintwurdige troch trije federaal erkende stamme-organisaasjes:
De Sandy Lake Troep fan Mississippy-Tsjippewa krewearret noch altyd om syn federale erkenning werom te winnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |