Ferdrach fan Washington (1855)
Appearance
It Ferdrach fan Washington is de beneaming foar wat winliken fjouwer ûnderskate ferdraggen wiene dy't yn 1855 yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. sletten waarden tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en ferskillende Yndiaanske folken.
- It Ferdrach mei de Wiandot (Wyandot; better bekend as de Huroanen), yn Wiskonsin, waard sletten op 31 jannewaris 1855, ratifisearre troch it Amerikaanske Kongres op 20 febrewaris fan dat jier en ûndertekene troch presidint Franklin Pierce op 1 maart fan dat jier.
- It Ferdrach mei de Tsjippewa (Chippewa; oftewol de Odjibwe) waard sletten op 22 febrewaris 1855, ratifisearre troch it Kongres op 3 maart fan dat jier en ûndertekene troch presidint Pierce op 7 april fan dat jier. Hjirby stiene de Plonderder-Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa in grut diel fan noardwestlik Minnesota oan 'e Feriene Steaten ôf, yn ruil wêrfoar't it Amerikaanske regear tasei njoggen Yndianereservaten foar harren oprjochtsje te sillen:
- foar de Mississippy-Tsjippewa:
- foar de Plonderder-Tsjippewa:
- Fan dizze reservaten kaam it by it Rice Lake Reservaat fanwegen ûniennichheid oer de lokaasje nea iens ta de oprjochting. De Gull Lake, Pokegama Lake en Rabbit Lake Reservaten waarden neitiid wer opheft, wylst de trije reservaten fan 'e Plonderder-Tsjippewa yn 1934 opgiene yn it gruttere Leech Lake Yndianereservaat.
- It Ferdrach mei de Winnebago, yn Wiskonsin, waard sletten op 27 febrewaris 1855, ratifisearre troch it Kongres op 3 maart fan dat jier en ûndertekene troch presidint Pierce op 23 maart fan dat jier. Hjirby stiene de Winnebago it grûngebiet ôf dat harren ûnder it Ferdrach fan Washington (1846) taparte wie, yn ruil foar in reservaat yn sintraal Minnesota op lân dat de Amerikanen yn 'e hannen krigen hiene troch it Ferdrach fan Fond du Lac (1847).
- It Ferdrach mei de Tsjoktou (Choctaw) en de Tsjikkesou (Chickasaw), yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) waard sletten op 22 juny 1855, ratifisearre troch it Kongres op 21 febrewaris 1856 en ûndertekene troch presidint Pierce op 4 maart 1856.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |