Springe nei ynhâld

Ontonagon Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Ontonagon Yndianereservaat
Ontonagon Indian Reservation
polityk
haadplak Baraga (Michigan)
stamme Keweenaw Bay Ynd.mienskip
lân Feriene Steaten
steat Michigan
county Ontonagon County
sifers
ynwenners 0 (2000)
oerflak 9,8 km²
bef.tichth. 0 / km²
oar
stifting 1854
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.kbic-nsn.gov
kaart
Yndianereservaten yn Michigan. It Ontonagon Reservaat is werjûn yn read.

It Ontonagon Yndianereservaat (Ingelsk: Ontonagon Indian Reservation) is ien fan 'e beide reservaten fan 'e federaal erkende Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen (Keweenaw Bay Indian Community of the L'Anse and Ontonagon Bands of Chippewa Indians). It leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan, en is ûnbewenne.

It Ontonagon Yndianereservaat leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan, oan 'e noardkust fan it skiereilân Opper-Michigan. Bestjoerlik makket it ûnderdiel út fan Ontonagon County, en dêrbinnen fan it plattelânsdistrikt Ontonagon Township. It reservaat wurdt yn it noarden begrinzge troch de Boppemar, ien fan 'e Grutte Marren, en leit likernôch 20 km fan it doarp Ontonagon ôf. It beslacht in oerflak fan 9,8 km².

It Ontonagon Yndianereservaat waard yn 1854 stifte ûnder de betingsten fan it twadde Ferdrach fan La Pointe, tusken de Odjibwe fan 'e Ontonagon- en L'Anse-troepen fan Opper-Michigan en it regear fan 'e Feriene Steaten. Dat ferdrach waard op 25 septimber 1855 bekrêftige troch de Amerikaanske presidint Franklin Pierce. Oarspronklik besloech it reservaat 2.561 acres, oftewol 10,4 km².

It Ontonagon Reservaat is it lytsere fan 'e beide Yndianereservaten fan 'e Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen. Dat is ien fan 22 ûnderskate federaal erkende stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada wennet. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hie it Ontonagon Reservaat doe gjin permaninte bewenners.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.