Isabella Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Isabella Yndianereservaat
Isabella Indian Reservation
De yngong fan it Soaring Eagle Casino & Resort
De yngong fan it Soaring Eagle Casino & Resort
polityk
haadplak Mount Pleasant (Michigan)
stamme Saginaw Tsjippewa Yndiane-
        stamme fan Michigan
lân Feriene Steaten
steat Michigan
sifers
ynwenners 26.274 (2010)
oerflak 563,8 km²
bef.tichth. 47,0 / km²
oar
stifting 1855
tiidsône UTC-5
simmertiid UTC-4
kaart
De yngong fan it Soaring Eagle Casino & Resort
Yndianereservaten yn Michigan, mei it Isabella Reservaat werjûn yn read.

It Isabella Yndianereservaat (Ingelsk: Isabella Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan (Saginaw Chippewa Indian Tribe of Michigan). Dit reservaat waard oprjochte as útfloeisel fan it Ferdrach fan Detroit, dat yn 1855 sletten waard tusken de Odjibwe-Yndianen en it Amerikaanske regear. It leit midden yn Neder-Michigan, it súdlike diel fan 'e Amerikaanske steat Michigan, en beslacht in oerflak fan krapoan 564 km². Yn 2010 wennen der goed 26.000 minsken, wêrfan't mar in lytse minderheid út Yndianen bestie.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Isabella Yndianereservaat leit yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, yn it sintrale diel fan Neder-Michigan. It eigentlike reservaat beslacht in grut diel fan Isabella County, en omfiemet de doarpen Beal City, Loomis en Rosebush hielendal, en dêropta in diel fan it doarp Weidman en in flink stik fan 'e stêd Mount Pleasant. It plattelânsgebiet fan it reservaat beslacht fiif townships hielendal en fjouwer foar in part. Ta it reservaat wurde ek guon perselen bûtenreservaatsk trustgebiet yn Standish Township rekkene. Al mei al omfiemet it reservaat 563,8 km², wêrmei't it ien fan 'e gruttere Amerikaanske Yndianereservaten eastlik fan 'e Mississippy is. It haadplak is Mount Pleasant.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Isabella Yndianereservaat is in reservaat fan 'e Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. Dat is in grut Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren en fan 'e prêrje westlik dêrfan, wêrfan't it grutste part yn Kanada libbet. Harren organisaasje yn Isabella is de Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan, in federaal erkende stamme yn 'e Feriene Steaten. De leden fan dizze organisaasje stamje fierhinne ôf fan 'e tradisjonele Saginaw-, Black River- en Swan Creek-troepen fan it Odjibwe-folk.

Neffens offisjele gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo dy't datearje fan 2010, wennen der doe 26.274 minsken yn it reservaat, wêrfan't 1.844 persoanen (oftewol 7%) Yndianen wiene. Behalven Odjibwe binne dêr ek guon Ottawa ûnder, in nau besibbe folk. De grutste etnyske groep waard foarme troch de blanken, dy't mei 21.957 persoanen 83,6% fan 'e befolking útmakken. Fierders wiene der 915 Latino's (3,5%), 330 Afro-Amerikanen (1,3%) en 205 Aziaten (0,8%). De rest fan 'e ynwenners fan it reservaat (3,8%) bestie út oare etnisiteiten en lju fan mingd etnysk komôf. In oansjenlik part fan 'e Odjibwe fan it Isabella Yndianereservaat sprekt noch de eigen taal, it Odjibwe, itsij as memmetaal, itsij as oanlearde twadde taal.

Ekonomy en foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As foarsjennings hat it Isabella Reservaat in eigen klinyk en teffens in fasiliteit op it mêd fan ferlavingssoarch. Fierders binne der in fersoargingstehûs foar âlderen en in benzinestasjon, en wat it ûnderwiis oanbelanget, besteane der ferskate iepenbiere legere skoallen en ek in bysûndere Yndiaanske legere skoalle, de Saginaw Chippewa Academy. Elts jier yn it earste folle wykein fan augustus organisearret de stamme in pow-wow, wêrby't wedstriden en kultuerele aktiviteiten plakfine.

Mei't federaal reservaatlân net ûnder de steatswetjouwing fan Michigan falt, jildt yn it reservaat ek it steatsferbod op it organisearjen fan kânsspullen net. Om dêrfan te profitearjen hawwe de Odjibwe fan Isabella twa kasino's op harren lân boud. It earste, it Soaring Eagle Casino & Resort, yn Mount Pleasant, sette yn 1998 útein. Op âldjiersdei 2007 waard dêropta yn Standish it lytsere Saganing Eagles Landing Casino iepene. Behalven ynfrastruktuer foar gokken omfetsje de kasino's ek oare fasiliteiten; sa hat it Soaring Eagle Casino & Resort in konsertseal mei 3.200 sitplakken, dy't de op fiif nei grutste yn syn soarte is yn 'e steat Michigan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.