Springe nei ynhâld

Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan

Ut Wikipedy
Saginaw Tsjippewa Yndianestamme
fan Michigan
IngelskSaginaw Chippewa Indian Tribe
   of Michigan
lânseigenZiibiwing Anishinaabek
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
haadkertierMount Pleasant (Michigan)
etnisiteitOdjibwe
ledetal3.300 (2007)
oprjochting1934
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatIsabella Yndianereservaat
lokaasjesintraal Neder-Michigan
oerflak583,8 km²
ynwennertal26.274 (2012)
offisjele webside
www.sagchip.org
kaart
Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan (Michigan)
Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.

De Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan (Ingelsk: Saginaw Tsjippewa Indian Tribe of Michigan; Odjibwe: Ziibiwing Anishinaabek) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Michigan.

In alternative namme is: Saginaw Tsjippewa Tribale Naasje (Saginaw Chippewa Tribal Nation). De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1934, telde yn 2007 3.300 leden, en it haadkertier is fêstige yn Mount Pleasant, yn Michigan. De leden besteane út etnyske Odjibwe (Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde. De leden fan 'e organisaasje stamje fierhinne ôf fan 'e tradisjonele Saginaw-, Black River- en Swan Creek-troepen fan it Odjibwe-folk.

It reservaat fan 'e Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan is it Isabella Yndianereservaat (Isabella Indian Reservation), yn sintraal Michigan, dat in oerflak hat fan krapoan 584 km², en dêr't yn 2012 goed 26.000 minsken wennen (sawol blanken as Yndianen).

De Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan waard yn 1934 oprjochte ûnder de doe nije regeljouwing dy't fêstlein wie yn 'e Yndiaanske Reorganisaasje Wet fan 1934. Om't de steatswetjouwing fan Michigan oangeande kânsspullen net jildich is yn federale Yndianereservaten, hat de stamme twa kasino's iepene yn it Isabella Reservaat: it Soaring Eagle Casino yn Mount Pleasant en it Saganing Eagles Landing Casino yn Standish. De Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan omfiemet in oansjenlik tal leden dat it Odjibwe noch as memmetaal hat of dat it as twadde taal oanleard hat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.