Mount Pleasant (Michigan)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Mount Pleasant (Michigan)
De episkopaalske Sint-Jehannestsjerke yn Mount Pleasant.
De episkopaalske Sint-Jehannestsjerke yn Mount Pleasant.
Sifers
Ynwennertal 26.183 (2012)
Oerflak 20,3 km² (ynkl. wetter)
20,1 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 1.297,8 / km²
Hichte 235 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Michigan.svg Michigan
County Isabella County          
Oar
Stifting 1854
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 43°35′52″N 84°46′03″W
Webside www.mt-pleasant.org
De lizzing fan Mount Pleasant yn Isabella County en yn 'e steat Michigan.
Warriner Hall, it haadgebou fan 'e Universiteit fan Sintraal Michigan.
It Theunissen Honkbalstadion.
De yngong fan it Soaring Eagle Casino & Resort.

Mount Pleasant is in stêd yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It is it haadplak fan Isabella County, en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe goed 26.000 ynwenners. In oansjenlik diel fan 'e stêd leit binnen de grinzen fan it Isabella Yndianereservaat. Mount Pleasant stiet bekend as it plak dêr't de Universiteit fan Sintraal Michigan fêstige is. Ek it Mienskipskolleezje fan Midden-Michigan en it Soaring Eagle Casino & Resort steane yn dizze stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje troch de blanken hearde de krite fan Mount Pleasant ta it wengebiet fan 'e Odjibwe-Yndianen. De earste Amerikaanske kolonisten arrivearren yn it gebiet nei't yn 1854 troch it Kongres de saneamde Graduation Act oannommen wie, dy't it foar de oerheid mooglik makke om grûn dy't de Yndianen ôfnommen wie foar in sêft pryske troch te ferkeapjen oan partikulier boargers. Under de betingsten fan in ferdrach út 1855 moasten de pleatslike Odjibwe har weromlûke binnen de grinzen fan it doe oprjochte Isabella Reservaat. Dêrop folge de oankomst fan in weach oan nije blanke kolonisten, en yn 1862, nei it oannimmen fan 'e Homestead Act, arrivearre der nochris in grutte kloft nijynkommelingen yn sintraal Michigan.

Mount Pleasant ûntstie yn 'e foarm fan in tintekamp fan 'e nije kolonisten yn 1854, mar groeide al rillegau út ta in woltierige delsetting. Yn 1875 fûn der in ferwuostgjende brân plak, wêrby't in stikmannich fan 'e (houten) gebouwen yn 'e jiske lein waarden. Yn 1890 rjochte W.A. Jordan it Mount Pleasant Business College op, in ynstelling foar heger ûnderwiis. Nei in flugge útwreiding dy't begûn yn 1892, soe dêr úteinlik de hjoeddeistige Universiteit fan Sintraal Michigan út fuortkomme. Yn 1893 waard yn Mount Pleasant ek in ynternaat foar Yndiaanske bern iepene, de Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Mount Pleasant. Dat ynstitút, dêr't de learlingen, lykas op alle ynternaten foar Yndiaanske bern, tige min behannele waarden, bestie fuort oant de sluting yn 1933.

Yn 1928 waard yn 'e omkriten fan Mount Pleasant ierdoalje ûntdutsen, dat foar in koarte mar troch de ynwenners yntins belibbe perioade fan oalje-yndustry late, oant de boarnen tsjin 'e sechtiger jierren útdien rekken. Yn it stedswapen fan Mount Pleasant stiet lykwols noch altyd in oaljeboartoer, en ek de maskotte fan 'e Mount Pleasant High School, de Oiler ("oaljewurker"), hâldt de oantins oan dy snuorje noch libben.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mount Pleasant leit yn Isabella County, yn 'e midden fan Neder-Michigan, it súdlike diel fan 'e steat Michigan, 98 km noardlik fan 'e steatshaadstêd Lansing. De stêd beslacht in oerflak fan 20,3 km², en wurdt midstwa spjalten troch de rivier de Chippewa, dy't der dwers trochhinne streamt. In oansjenlik diel fan 'e stêd leit binnen de grinzen fan it Isabella Yndianereservaat fan 'e Saginaw Tsjippewa Yndianestamme fan Michigan.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Mount Pleasant 7,2% âlder as 65 jier en 11% jonger as 18 jier. Fierders bestie 40,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 37,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 84,3% blanken; 3,9% swarten; 3,3% Latino's; 3,0% Aziaten; 2,0% Yndianen; 3,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.