Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen
Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen | ||
Ingelsk | Little Traverse Bay Bands of Odawa Indians | |
lânseigen | Waganakising Odawa | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
haadkertier | Harbor Springs (Michigan) | |
etnisiteit | Ottawa | |
ledetal | 4.000 (2015) | |
oprjochting | 1982 (erkend 1994) | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Little Traverse Bay Yndianeres. | |
lokaasje | noardlik Neder-Michigan | |
oerflak | – (gjin gegevens) | |
ynwennertal | – (gjin gegevens) | |
offisjele webside | ||
www.ltbbodawa-nsn.gov | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.
|
De Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen (Ingelsk: Little Traverse Bay Bands of Odawa Indians; Ottawa: Waganakising Odawa) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Michigan. Dizze stamme bestiet út etnyske Ottawa (om betizing mei de nei dit folk ferneamde haadstêd fan Kanada foar te kommen ek wol stavere as Odawa), en is fêstige oan 'e noardkust fan Neder-Michigan. De Little Traverse Bay Troepen krigen yn 1994 erkenning. It haadkertier is fêstige yn 'e stêd Harbor Springs.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De leden fan 'e Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen binne ôfstammelingen en wetlik erkende politike opfolgers fan 'e Ottawa-troep fan L'Arbre Croche. Fertsjintwurdigers fan dy troep hearden ta de Ottawa en Odjibwe fan Neder-Michigan dy't yn 1836 mei it Amerikaanske regear it Ferdrach fan Washington sleaten, en yn 1855 it Ferdrach fan Detroit. Under de betingsten fan dy ferdraggen, wêrby't de Yndianen sa'n 37% fan it lân ôfstiene dat no de steat Michigan foarmet, krigen de Ottawa fan L'Arbre Croche in eigen Yndianereservaat oan 'e kust fan 'e Little Traversebaai tawiisd, yn noardlik Michigan. Dat besloech 870 km² en omfieme û.m. de hjoeddeistige stêden Harbor Springs en Petoskey.
Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard it eigen reservaat oan 'e Little Traversebaai lykwols opheft. De grûn waard yn perselen fan 80 acres (88 pûnsmiet) ûnder yndividuële Ottawa-gesinnen ferdield, en wat der doe oerbleau, waard frijjûn foar kolonisaasje troch blanken. Hoewol't de Ottawa fan Michigan it Amerikaanske regear yn 1905 mei súkses foar de rjochter oanklagen foar skeining fan 'e ferdraggen, holp dat harren net om har selsregear werom te winnen. Doe't ûnder it bewâld fan presidint Franklin D. Roosevelt yn 1934 de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje oannommen waard, dy't de Yndianen oanfitere om har tribale bestjoersfoarmen te reorganisearjen, liek der ljocht oan 'e ein fan 'e tunnel te kommen, mar de Ottawa fan Michigan waarden fan dy wet útsletten.
Yn 1948 waard de Ottawa Feriening fan Noardlik Michigan (NMOA) oprjochte, wêrfan't de Little Traverse Bay Troepen ûnderdiel útmakken. Hja kamen neitiid bekend te stean as 'NMOA-ienheid 1'. Doe't NMOA-ienheid 1 yn 'e 1950-er en 1960-er jierren in rjochtsaak oanspande om 'e âlde fiskerijrjochten werom te winnen dy't de Ottawa fan L'Arbre Croche by de ferdraggen fan 1836 en 1855 tasein wiene, wegeren de Amerikaanske rjochtbanken de organisaasje te erkennen as in Yndiaanske stamme, mei't de NMOA foar de wet in feriening wie.
Nei't it yn 1980 de Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan slagge wie om federale erkenning te krijen, joech dat de NMOA-ienheid 1 nije moed. Der waard besletten ta in nije reorganisaasje, wêrby't yn 1982 in eigen grûnwet opsteld en de namme 'Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen' oannommen waard. Likegoed ûntsei de Amerikaanske federale rjochter de stamme noch altyd syn fiskerijrjochten, mei't in stamme sûnder federale erkenning gjin dielgenoat fan ferdraggen west hawwe koe. As reäksje dêrop begûnen de Little Traverse Bay Troepen doe in wetlike befêstiging fan harren tribale status nei te stribjen. Fan gefolgen krige de stamme op 21 septimber 1994, tagelyk mei de Little River Troep fan Ottawa Yndianen, einlings en te'n lêsten syn federale erkenning werom, doe't presidint Bill Clinton it wetsfoarstel fan 'e Amerikaanske Senaat nû. 1357 ûndertekene en sa ta wet makke. Dêrby waard ek it nije Little Traverse Bay Yndianereservaat oprjochte, dat lykwols folle lytser is as it oarspronklike reservaat.
Op 3 desimber 1998 sleat it steatsregear fan Michigan (yn 'e persoan fan gûverneur John Engler) in oerienkomst mei de Little Traverse Bay Troepen, wêrby't de steat tasei en stean kânsspullen ta op it grûngebiet fan it Little Traverse Bay Reservaat, nettsjinsteande dat dêrop yn 'e rest fan 'e steat in ferbod fan krêft is. Ornaris is it sa dat reservaatlân dochs al net ûnder steatswetjouwing falt, en sokke steatsferbodden op it organisearjen fan kânsspullen dêr net jilde. Mar dat is inkeld sa by reservaten dy't al bestiene doe't yn 1988 de Wet op 'e Regulaasje fan Yndiaanske Kânsspullen oannommen waard. Jongere reservaten, lykas Little Traverse Bay, falle dêr dus net ûnder. Neitiid hawwe de Little Traverse Bay Troepen in eigen kasino, it Victories Casino, op reservaatgrûn sette litten, dat yn 2007 ferfongen waard troch it nijere en gruttere Odawa Casino Resort, yn Petoskey.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens út 2015 hiene de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen doe goed 4.000 leden. Dat binne etnyske Ottawa (of Odawa), in folk dat fan âlds in Algonkwynske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Odjibwe (Ojibwe of Chippewa), dy't ek yn it gebiet fan 'e Grutte Marren libje. De Ottawa-taal wurdt noch mar troch in lyts tal stamleden as memmetaal sprutsen, en dy hearre frijwol allegear ta de âlderein. De Little Traverse Bay Troepen hawwe dêrom in taalrefitalisearringsprojekt opstarten dat û.m. fergese taalkursussen foar folwoeksenen en in simmerkamp mei taallessen foar bern omfiemet. Fierders kin men Ottawa as byfak studearje oan it North Central Michigan College yn Petoskey en is it in karfak foar middelbere-skoallearlingen oan 'e Harbor Springs High School yn Harbor Springs.
Der binne fjouwer federaal erkende Ottawa-stammen yn 'e Feriene Steaten. Njonken de Little Traverse Bay Troepen binne dat de Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan, de Little River Troep fan Ottawa Yndianen en de Ottawa Stamme fan Oklahoma. Dêropta hawwe de Ottawa ek ferskate stamme-organisaasjes yn Kanada (dy't dêr first nations, "earste naasjes", neamd wurde).
De Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen besteane út ôfstammelingen fan njoggen ûnderskate Ottawa-troepen dy't tradisjoneel yn 'e omkriten fan 'e Little Traversebaai taholden. Dat wiene de Bay Shore-troep, de Beaver Islands-troep, de Burt Lake-troep, de Charlevoix-troep, de Cross Village-troep, de Good Heart- of Middle Village-troep, de Harbor Springs-troep, de North Shore-troep en de Petoskey-troep. De Burt Lake-troep stribbet der ûnder de namme Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen nei om los fan 'e Little Traverse Bay Troepen erkend te wurden. De Little Traverse Bay Troepen stelle as betingst oan potinsjele leden dat dy ôfstamje moatte fan 'e leden fan ien fan 'e njoggen neamde Ottawa-troepen en teminsten foar in fjirdepart Yndiaansk bloed hawwe moatte.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Little Traverse Bay Troepen hawwe har eigen grûnwetlik regear, dat sûnt 2005 út in útfierende, in wetjaande en in rjochterlike macht bestiet. De wetjaande macht leit by de út njoggen leden besteande stammeried dy't keazen wurdt troch de leden fan 'e stamme by mei regelmjittige tuskenskoften holden ferkiezings. De útfierende macht is yn 'e hannen fan 'e foarsitter, fise-foarsitter en de leden fan ferskate kommisjes dy't troch de foarsitter en fise-foarsitter oansteld wurde. Der bestiet in eigen stammerjochtbank dy't de rjochterlike macht útoefenet. Yn 2015 wie de foarsitter fan 'e Little Traverse Bay Troepen Regina Bentley, wylst it amt fan fise-foarsitter fakant wie.
Yn 2012 naam it regear fan 'e Little Traverse Bay Troepen op oanfraach fan twa leden de ynfiering fan it homohoulik yn omtinken, dat in amendemint oan 'e tribale grûnwet fereaske om 'e tekst "tusken ien man en ien frou" te feroarjen yn in formulearring dy't ek foar in homo-pear of twa lesbiënnes jilde koe. Op 3 maart 2013 stimde de stammerie mei fiif tsjin fjouwer stimmen foàr dat amindemint, en waarden de Little Traverse Bay Troepen de trêde federaal erkende Yndianestamme yn 'e Feriene Steaten dy't it homohoulik ynfierden, nei de Kokiil Yndianestamme út Oregon en de Sukwammisj Stamme út Washington.
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Little Traverse Bay Troepen beskikke oer in eigen reservaat, it Little Traverse Bay Yndianereservaat, dat bestiet sûnt 1994. Dat leit oan 'e noardkust fan Neder-Michigan, en is opmakke út guon fersprate perselen lân yn Charlevoix County en it oangrinzgjende Emmet County. Der binne gjin gegevens beskikber oangeande it oerflak fan it reservaat. De stamme hat syn haadkertier yn 'e stêd Harbor Springs, bûten it eigentlike reservaat. It oarspronklike Little Traverse Bay Reservaat, dat yn 1836 stifte waard, besloech sa'n sa'n 870 km².
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |