Springe nei ynhâld

Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen

Ut Wikipedy
Burt Lake Troep fan
Ottawa en Tsjippewa Yndianen
Ingelsk Burt Lake Band of Ottawa
   and Chippewa Indians
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
haadkertier Brutus (Michigan)
etnisiteit Ottawa en Odjibwe
ledetal 323 (2020)
oprjochting 1985
status steatserkenning
erkenning Michigan
reservaat
reservaat gjint
offisjele webside
www.burtlakeband.org
kaart
Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen (Michigan)
Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.

De Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen (Ingelsk: Burt Lake Band of Ottawa and Chippewa Indians) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten mei erkenning op steatsnivo yn 'e steat Michigan. Dizze stamme hat gjin eigen reservaat. Sûnt 1985 besiket de Burt Lake Troep om syn ferlerne federale erkenning werom te winnen.

De Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen bestiet benammen út etnyske Ottawa, in Algonkwynsktalich folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren. In minderheid fan 'e leden heart ta de nau oan 'e Ottawa besibbe Odjibwe (Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde. Yn 2020 hie de Burt Lake Troep 323 leden, dy't foar it meastepart yn Emmet County en Cheboygan County wennen, yn it uterste noarden fan Neder-Michigan, oan of deunby de kust fan 'e Michiganmar. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Brutus.

Under it Ferdrach fan Washington, dat de Odjibwe en Ottawa fan Michigan yn 1836 mei it regear fan 'e Feriene Steaten sleaten, stiene se twatrêde part fan it grûngebiet fan Neder-Michigan en de eastlike helte fan Opper-Michigan ôf foar kolonisaasje troch de blanken. Yn ruil dêrfoar waard harren jierjilden tasein, eigen reservaatlân en jacht- en fiskerijrjochten. As ûnderdiel fan dizze oerienkomst krige de Burt Lake Troep in reservaat fan 1.000 acres (404 ha) oan 'e igge fan 'e Cheboigan-mar (no de Burt-mar). Dat reservaat soe ynearsten foar fiif jier jilde, mar it Amerikaanske regear fersomme om 'e grûn beskikber te stellen, sadat de Burt Lake Troep twongen wie om tusken febrewaris 1848 en april 1850 fan 'e útbetelle jierjilden sels seis net-oanienslutende perselen lân oan 'e Cheboigan-mar oan te keapjen, dy't yn totaal 375 acres (151½ ha) besloegen. Dêr fêstigen se in delsetting dy't Indian Village kaam te hjitten.

Yn 1855 waard troch de Odjibwe en Ottawa fan Michigan in nije oerienkomst mei de Amerikaanske oerheid sletten, it saneamde Ferdrach fan Detroit. Under de kêsten fan dat ferdrach krige de Burt Lake Troep lân taparte yn Cheboygan County, dat persiis de seis perselen omfieme dy't se earder al sels oankocht hiene. Nei't it Ferdrach fan Detroit tekene wie, begûnen de pleatslike autoriteiten yn Cheboygan County ûnreplikgoedbelesting te heffen oer de seis perselen, mei as gefolch dat de Burt Lake Troep de grûn op 't lêst ferkeapje moast om oan efterstallige belesting te foldwaan. Nei't er op dy wize it lân yn eigendom krigen hie dêr't Indian Village lei, frege de pleatslike bankier en lânspekulator John W. McGinn yn 1898 in twangbefel oan by de steatsrjochtbank fan Michigan. Op grûn dêrfan joech er yn oktober 1900 sheriff Fred Ming opdracht om Indian Village te ûntromjen. Ming en syn helpsheriffs skuorden de Yndianen dêrop mei geweld út harren wenten en baarnden Indian Village plat, in foarfal dat de skiednis yngien is as de Burt Lake Burn-Out. De bewenners fan it doarp wiene twongen om har heil earne oars te sykjen.

Nei de burn-out ferlear de Burt Lake Troep syn federale erkenning. Yn 1948 waard de Ottawa Feriening fan Noardlik Michigan (NMOA) oprjochte, dêr't ek de Burt Lake Troep him by oansleat. Letter organisearre de Burt Lake Troep him apart ûnder de namme fan 'e Cheboiganing Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen. Nei't it yn 1980 de Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan slagge wie om syn federale erkenning werom te winnen, joech dat de Burt Lake Troep nije moed, en yn 1985 organisearre de stamme him ûnder syn hjoeddeiske namme. Sûnt hat de Burt Lake Troep oan ien wei troch krewearre om syn federale erkenning werom te krijen. Yn 1994 slagge it de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen (dêr't in diel fan 'e oarspronklike Burt Lake Troep by oansletten is) en de Little River Troep fan Ottawa Yndianen om federale erkenning te krijen, mar de Burt Lake Troep sels hat dat oant no ta noch net foarinoar bokse kinnen. Wol wurdt de stamme no erkend troch de steat Michigan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.