Springe nei ynhâld

Burtmar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Burt-mar)
Burtmar
geografy
type wetter mar
lokaasje Neder-Michigan
lân Feriene Steaten
steat Michigan
koördinaten 45°28′12″N 84°40′12″W
sifers
maks. lingte 16 km
maks. breedte 8 km
oerflak 6,9 km²
djipste punt 22 m
kaart
Burtmar (Michigan)
Burtmar
Lokaasje yn Neder-Michigan.

De Burtmar (Ingelsk: Burt Lake), yn 'e njoggentjinde iuw de Cheboiganmar (Lake Cheboigan) neamd, is in mar yn it noarden fan Neder-Michigan, it súdlike fan 'e beide skiereilannen dêr't de Amerikaanske steat Michigan út bestiet. Dit wetter leit yn Cheboygan County, mei't de westlike igge de grins mei Emmet County foarmet. De mar is ferneamd nei William Austin Burt, in lânmjitter dy't tusken 1840 en 1843 tegearre mei John Mullett in beskriuwing fan it noarden fan Neder-Michigan makke.

De Burtmar is likernôch 16 km lang fan noard nei súd en sa'n 8 km breed fan east nei west. De maksimumdjipte is 22 m, en de mar hat in oerflak dat likernôch 6,9 km² beslacht. It wetter streamt yn 'e mar fia trije rivieren: de Sturgeon; de Maple, dy't yn ferbining stiet mei de streamop leine Douglas-mar; en de Crooked, dy't yn ferbining stiet mei de Crooked-mar. Fia de Indian River streamt it wetter de Burtmar wer út, nei de streamôf leine Mullett-mar.

It doarp Burt Lake leit oan 'e súdwestigge fan 'e mar, dêr't de autodyk M-68 lâns rint. De autosneldyk Insterstate 75 rint beëasten de mar, en oan 'e súdlike útein leit it doarp Indian River. Deun dêrby lizze ek it YMCA-kamp Al-Gon-Quian (in simmerkamp) en it Steatspark Burt Lake (in natoerpark). De oarspronklike bewenners fan 'e krite fan 'e Burtmar, dat etnyske Ottawa en Odjibwe binne, hawwe har feriene yn 'e Burt Lake Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen.

De Burtmar makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Binnenlânske Wetterwei, in rûte foar de plezierfeart. Dy rint fan Petoskey, oan 'e kust fan 'e Little Traversebaai (dy't diel útmakket fan 'e Michiganmar) fia in systeem fan rivieren, marren en oare wetterwegen dwers troch it noardlike part fan Neder-Michigan nei Cheboygan, oan 'e kust fan 'e Hueronmar. De Burtmar stiet yn 'e mande mei de deunby leine Mullett-mar en Swarte Mar bekend om syn populaasje fan 'e fiskesoarte marsteur.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.