Petoskey (Michigan)
Petoskey | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Emmet County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.707 (2012) | |
Oerflak | 13,7 km² (ynkl. wetter) 13,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 430,1 / km² | |
Hichte | 202 m | |
Oar | ||
Stifting | <1850 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 45°22′24″N 84°57′19″W | |
Offisjele webside | ||
www.petoskey.us | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Petoskey yn Emmet County en yn 'e steat Michigan. |
Petoskey is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It is it haadplak fan Emmet County, en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe in befolking fan 5.700 ynwenners. Petoskey leit oan 'e noardkust fan it Neder-Michigan, oan 'e Little Traversebaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Michiganmar, ien fan 'e Grutte Marren. Simmerdeis is it in populêr wettersportoard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan Petoskey waarden oarspronklik bewenne troch Ottawa-Yndianen. De earste Amerikaanske kolonisten yn it gebiet ferneamden harren delsetting yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw nei it pleatslike Ottawa-opperhaad Ignatius Petosega (1787-1885), dy't it oarspronklike Yndiaanske doarp stifte hie. Ek de nuveraardige stiennesoarte dy't lokaal fûn wurdt, de Petoskey-stien (de 'steatsstien' fan Michigan), is nei it opperhaad ferneamd.
Petoskey wie ek it plak dêr't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw eltse dei op 'e nij by grutte jachtpartijen 50.000 trekdowen deade waarden. Dat late úteinlik ta it folsleine útstjerren fan dy fûgelsoarte oan it begjin fan 'e tweintichste iuw. De steat Michigan hat ta betinking fan dat jammerdearlik foarfal in histoaryske plakette te Petoskey pleatst, dêr't ek melding op makke wurdt fan 'e lêste grutte nêstkoloanje fan trekdowen by Crooked Lake, yn 1878. Ien jager soe yn dy tiid eigenhandich in miljoen trekdowen om hals brocht hawwe en dêrmei $60.000 fertsjinne hawwe (yn hjoeddeisk jild $1 miljoen).
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Petoskey yn 2012 in befolking fan 5.707 minsken. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Petoskey 16,1% âlder as 65 jier en 19,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 39,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 12,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 89,8% blanken; 4,7% Yndianen; 1,9% Latino's; 0,7% swarten; 0,4% Aziaten; 2,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
De Yndiaanske mienskip fan Petoskey bestiet út likernôch 270 minsken. Mei 4,7% meitsje dy yn 'e stêd in boppegemiddeld heech befolkingsoandiel út. Hja binne foar it meastepart etnyske Ottawa, in Algonkwynsktalich folk, dat nau besibbe is oan 'e Odjibwe, dy't ek yn it gebiet fan 'e Grutte Marren libje. De pleatslike Ottawa hearre almeast ta de federaal erkende Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen, dy't syn haadkertier deunby yn Harbor Springs hat en yn Petoskey in kasino runt.
Berne yn Petoskey
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bruce Catton (1899-1978), histoarikus
- Claude Shannon (1916-2001), wiskundige en ynformatikus
- Hal Smith (1916-1994), stimakteur
- Katie Brown (1963), presintatrise
- Alan Hewitt (±1965), muzikant, lid fan 'e Moody Blues
- Megan Boone (1983), aktrise
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Petoskey hat in fochtich lânklimaat, mei waarme, koarte simmers en kâlde oant ekstreem kâlde winters. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24 °C, en yn febrewaris, de kâldste moanne, is dat –2 °C. (mei in trochsneed nachttemperatuer fan –11 °C). Petoskey kriget jiers trochinoar 797 mm delslach.
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De jachthaven fan Petoskey
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|