Springe nei ynhâld

Harbor Springs (Michigan)

Ut Wikipedy
Harbor Springs
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Emmet County
Sifers
Ynwennertal 1.201 (2012)
Oerflak 3,4 km² (ynkl. wetter)
3,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 354,6 / km²
Hichte 204 m
Oar
Stifting <1847
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 45°25′54″N 84°59′31″W
Offisjele webside
www.cityofharborsprings.com
Kaart
De lizzing fan Harbor Springs yn Emmet County en yn 'e steat Michigan.

Harbor Springs is in stêd yn Emmet County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit oan 'e noardkust fan it Neder-Michigan, oan 'e Little Traversebaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Michiganmar, ien fan 'e Grutte Marren. Simmerdeis is Harbor Springs in populêr wettersportoard. De natuerlike haven fan Harbor Springs foarmet in baai yn 'e baai, wêrfan't de yngong oanjûn wurdt troch de Little Traverse-fjoertoer. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Harbor Springs doe in befolking fan 1.200 minsken.

De omkriten fan Harbor Springs hearden oarspronklike ta it wengebiet fan 'e Ottawa, in Algonkwynsktalich Yndiaansk folk. De kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken sette yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw útein mei de fêstiging fan in Frânske jezuïtyske missypost, dy't de namme L'Arbre Croche krige, wat "Brike Beam" betsjut. Yn 1847 wie L'Arbre Croche it grutste Yndiaanske doarp yn Michigan. Nei't har yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mear Amerikaanske kolonisten yn 'e krite nei wenjen setten, waard de namme feroare yn Harbor Springs. Yn 1880 krige it plak stedsrjochten.

Utsjoch oer de haven fan Harbor Springs.

Harbor Springs hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfstammelingen fan 'e oarspronklike bewenners libje noch altyd yn it gebiet en foarmje hjoed de dei de federaal erkende Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen. Dy organisaasje hat syn haadkertier yn Harbor Springs en in kasino yn it deunby leine Petoskey.

Ien fan 'e meast promininte ynwenners fan Harbor Springs wie de útfiner Ephraim Shay (1839-1916), de ûntwerper fan 'e Shay-lokomotyf. It tipelsinnige, seishoekige hûs dat de man yn it sintrum fan Harbor Springs sette leit, stiet noch altyd, en is no in nasjonaal monumint dat opnommen is yn it Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. De pleatslike legere skoalle is nei Shay ferneamd.

In oar ynteressant gebou is it Douglas House, oan 'e kust fan 'e Little Traversebaai, dat yn 1973 boud waard nei in ûntwerp fan 'e foaroansteande arsjitekt Richard Meier, en dat yn 2007 troch it Amerikaansk Ynstitút fan Arsjitekten útornearre waard as ien fan 'e 150 favorite bouwurken fan 'e Feriene Steaten.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Harbor Springs yn 2012 in befolking fan 1.200 minsken. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Harbor Springs 32,2% âlder as 65 jier en 15,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 47,3% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 6,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 9,8% fan 'e leeftydskategory fan boppe de 65 jier.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 91,3% blanken; 4,8% Aziaten; 0,8% Yndianen; 0,7% Latino's; 0,3% swarten; 2,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Harbor Springs hat in fochtich lânklimaat, mei waarme, koarte simmers en kâlde oant ekstreem kâlde winters. By 't winter kin der samar in pear hûndert sm snie falle. Simmerdeis, lykwols, is it der tige oangenaam, en sadwaande is it in populêre wettersportbestimming.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.