Round Valley Yndianestammen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Round Valley Yndianestammen
Flagge fan de Round Valley Yndianestammen.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Round Valley Indian Tribes
etnisiteit Atsjomawy, Jûky, Kato, Maidû,
Nomlaky, Pomo, Wailaky
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Covelo (Kalifornje)
ledetal 1.124 (2010)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1934
reservaat
reservaat Round Valley Yndianereservaat
lokaasje noardlik Kalifornje
oerflak 93,9 km²
ynwenners 300 (2000)
offisjele webside
www.rvit.org

De Round Valley Yndianestammen (Ingelsk: Round Valley Indian Tribes), gauris ôfkoarte ta RVIT, foarmje in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Kalifornje. Dizze stamme bestiet út in stikmannich ûnderskate etnyske groepen en is fêstige yn it noarden fan Kalifornje, deun by de kust fan 'e Stille Oseaan. De Round Valley Yndianestammen besteane as organisaasje yn har hjoeddeiske sûnt 1934. It haadkertier is fêstige yn it doarp Covelo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan 'e Round Valley Indianestammen giet tebek oant 1856, doe't yn 'e Round Valley de Nome Cult Farm oprjochte waard as in bestjoerlike dependânse fan it Nome Lackee Yndianereservaat. Dat reservaat, dat oan 'e noardwestlike râne fan 'e Sintrale Delling lei, wie ien fan 'e fiif reservaten dy't it Amerikaanske regear yn 1852 yn Kalifornje stifte hie foar de lânseigen befolking fan 'e steat. Yn dy snuorje wie de kolonisaasje fan noardlik Kalifornje troch blanke Amerikaanske kolonisten út it Easten yn folle gong, en dêrby fûn in protte geweld plak tsjin 'e Yndianen. It stiftsjen fan 'e reservaten wie in manear foar de Amerikaanske oerheid om 'e lânseigen befolking tsjin 'e kolonisten te beskermjen en ûnderwilens harren foarâlderlike heitelân frij te meitsjen foar fierdere kolonisaasje.

De Nome Cult Farm waard in soarte fan sammelbak foar in sântal lytse Yndiaanske etnyske groepen dy't de kolonisaasje fan noardlik Kalifornje yn 'e wei stiene. Hja waarden ûnder twang en faak mei geweld byinoar dreaun, fan harren eigen lân ferwidere en nei it reservaat ta deportearre. Soks barde sûnder acht te slaan op 'e jiertiid, mei as gefolch dat de âlderein, siken en poppen it faak net oerlibben. Mei de fêstiging fan 'e Nome Cult Farm kamen de Jûky (Yuki), de oarspronklike bewenners fan 'e Round Valley, der nuver foar te sitten. Want oars as by de oare Kalifornyske stammen waard harren lân net folslein oernommen troch de kolonisten, mar dêrfoaroer stie dat se harren heitelân tenei diele moasten mei oare Yndiaanske folken dy't nei de Nome Cult Farm deportearre waarden, en dy't fan âlds harren fijannen wiene. Faak hiene de Yndianen dy't no byinoar yn ien reservaat smiten waarden, net iens in mienskiplike taal dêr't se yn kommunisearje koene, en dêrnjonken hiene se hiel ferskillende kultueren en religys.

Tusken july 1856, doe't de Yndiaansk agint Thomas J. Henley in fersyk yntsjinne foar in formele reservaatsstatus foar de Nome Cult Farm, en 1858, doe't dat fersyk ynwillige waard, setten har yn 'e Round Valley grutte oantallen blanke kolonisten nei wenjen, dy't huzen en boerespultsjes bouden nettsjinsteande dat it gebiet in reservaat wie. De relaasjes tusken de ûnderskate Yndiaanske groepen, de kolonisten en de blanke wurknimmers fan it reservaat ûntjoegen har ta in steat fan uterste fijannigens, mei bloedferjitten as gefolch. Dêrby wiene de Yndianen oer it algemien de slachtoffers, net inkeld fan moardpartijen en etnyske suverings, mar ek fan in iepentlik neistribbe genoside. Benammen ûnder de Bald Hills-oarloch fan 1858-1864 en de Mendocino-oarloch fan 1859-1860 hiene se slim te lijen.

Leden fan 'e RVIT rinne ta oantins oan 'e ferstoarnen de saneamde Nome Cult walk, de rûte fan in gewelddiedige deportaasje fan in diel fan 'e stamme yn 1863 fan Chico nei Covelo.

Yn 1858 frege agint Henley it Amerikaanske regear om it leger te stjoeren, sadat dat de frede bewissigje koe, en dêrop waard in kompanjy soldaten stjoerd dy't in foarpost yn 'e Round Valley opsetten, wêrnei't yn desimber 1862 Fort Wright oanlein waard oan 'e westlike útein fan 'e delling. Hoewol't de soldaten yn 't earstoan de kolonisten en de Yndianen útinoar besochten te hâlden, rekken se al rillegau behelle yn 'e Bald Hills-oarloch tsjin 'e Yndianen, dy't se yn 'e omlizzende krite geardreaune en mei geweld oerbrochten nei de Nome Cult Farm.

Yn 1870 makke de Amerikaanske presidint Ulysses S. Grant de Nome Cult Farm ta in selsstannich reservaat op grûn fan 'e Wet op de Fjouwer Reservaten, dy't yn 1864 troch it Amerikaanske Kongres oannommen wie. Yn 't earstoan waard it nije reservaat oantsjut as de Covelo Yndianemienskip (Covelo Indian Community). Nei 1887 waard ûnder de Wet-Dawes it mienskiplik grûnbesit fan 'e stammen ferparte ûnder yndividuële Yndianen. Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, namen de Round Valley Yndianestammen har hjoeddeiske bestjoerlike foarm oan. Dêrby waard in grûnwet skreaun en foar it earst op demokratyske basis in stammeried keazen, dy't beide tsjintwurdich noch altyd funksjonearje. Hjoed de dei hawwe de Round Valley Yndianestammen troch hast hûndertfyftich jier fan yninoar om te trouwen in mienskiplike kultuer en libbenswize en in feriene mienskip ûntjûn.

It segel fan 'e RVIT.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Round Valley Yndianestamme hearre ta ferskate etnyske groepen. It machtichst binne de Jûky (Yuki), mar ek de Atsjomawy (Pit River of Achomawi), Maidû (Maidu), Nomlaky (Nomlaki), Pomo en Wailaky (Wailaki) binne oansjenlik yn oantal. Fierders is der in lyts groepke Kato (Cahto) dat ta de Round Valley Yndianestammen heart, hoewol't de measten fan dy etnyske groep har yn 1906 ôfspjalte hawwe om 'e Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria te foarmjen. De Jûky foarmje folkekundich in isolearre etnyske groep (al binne se yn 'e fierte besibbe oan 'e Wappo); de Atsjomawy en Pomo binne Hokanen; de Maidû en Nomlaky binne Penûtianen en de Kato en Wailaky binne Atapasken.

Yndianereservaten yn noardlik Kalifornje. It Round Valley Yndianereservaat is werjûn yn read.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hearden doe 1.124 minsken ta de Round Valley Yndianestammen. Dêrûnder wiene 804 lju dy't opjoegen folbloed-leden fan harren etnyske groep te wêzen; 108 minsken dy't seine njonken harren haadetnisiteit ek noch ta ien (of mear) oare Yndiaanske etnyske groepen te hearren; 176 minsken dy't seine njonken har haadetnisiteit ek ta ien (of mear) blanke etnyske groepen te hearren; en 36 minsken dy't seine njonken har haadetnisiteit sawol ta ien of mear oare Yndiaanske as ta ien of mear blanke etnyske groepen te hearren.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It reservaat fan 'e Round Valley Yndianestammen is it Round Valley Yndianereservaat (Ingelsk: Round Valley Indian Reservation), dat yn Mendocino County yn it noarden fan Kalifornje leit, en in lyts stikje útstiket oer de súdgrins fan Trinity County. Dit reservaat, dat yn 1870 stifte waard, beslacht in oerflak fan 93,9 km² (bûtenreservaatsk beheargebiet ynbegrepen) en hie yn 2000 in befolking fan 300 minsken. It haadplak is it doarp Covelo, dat bûten de grinzen fan it eigentlike reservaat leit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.