Joe Medicine Crow

Ut Wikipedy
Joe Medicine Crow
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Medicine Crow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 oktober 1913
berteplak Lodge Grass (Montana)
stoarn 3 april 2016
stjerplak Billings (Montana)
etnisiteit Kriesk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje, berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Counting Coup
Brave Wolf and the Thunderbird
prizen Légion d'Honneur 2008
Pres. Frijheidsmedalje 2009
jierren aktyf 1939 – no
offisjele webside
www.worldwisdom.com/authors

Joe Medicine Crow (folút: Joseph Medicine Crow; Lodge Grass (Montana), 27 oktober 1913Billings (Montana), 3 april, 2016) wie in Amerikaansk skiedkundige, antropolooch, publisist en berneboekeskriuwer fan Yndiaansk komôf. Hy wie in etnyske Krie, en in foaroansteand lid fan 'e federaal erkende Krieë Stamme. Medicine Crow skreau in protte oer de kultuer fan syn folk en de ynfloed dy't de dominante Westerske kultuer fan 'e blanke Amerikanen dêrop hân hat, mar it bekendst fan syn oeuvre binne syn autobiografy Counting Coup en syn wurken en lêzings oer de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, fan 1876. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne Medicine Crow yn it Amerikaanske Leger en wied er it lêste oarlochsopperhaad fan 'e Krieën. Hy berikte yn 2013 de hege âlderdom fan hûndert jier, en wie it lêste libbene oarlochsopperhaad fan alle Flakte-Yndianen. Medicine Crow wie ûntfanger fan it Frânske Légion d'Honneur en de Amerikaanske Presidinsjele Frijheidsmedalje.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Medicine Crow waard yn 1913 berne yn it doarp Lodge Grass, yn it Krieë Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hy wie de styfpakesizzer fan 'e kriger Blanke-Man-Regearret-Him, dy't dyn 1876 as ferkenner foar it Amerikaanske Leger behelle wie yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Medicine Crow studearre fan 1928 ôf oan it Bacone Kolleezje yn Muskogee, yn 'e steat Oklahoma. Yn 1938 behelle er in bachelorstitel oan it Linfield Kolleezje yn McMinnville, yn Oregon. Neitiid learde er fierder oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, dêr't er yn 1939 in mastergraad yn 'e antropology helle. Medicine Crow wie it earste lid fan 'e Krieë Stamme dy't it safier brocht. Syn proefskrift, mei as titel The Effects of European Culture Contact upon the Economic, Social, and Religious Life of the Crow Indians hat him sûnt ûntjûn ta ien fan 'e meast lêzen wurken oer de kultuer fan 'e Krieën.

Yn it leger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Feriene Steaten yn 1941 troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor aktyf by de Twadde Wrâldoarloch belutsen waarden, naam Medicine Crow yn 1943 tsjinst as ferkenner by de Amerikaanske 103e Ynfanterydifyzje, dy't oan it front yn Jeropa focht. As er de striid yngie, droech er altiten syn oarlochsferve ûnder syn unifoarm en in hillige earnefear ûnder syn legerhelm. Geandewei de oarloch fierde er alle fjouwer taken út dy't nedich wiene om in oarlochsopperhaad fan 'e Krieën te wurden: it oanreitsjen fan in fijân sûnder dyselde te deadzjen (of sels ferwûne te reitsjen); it bútmeitsjen fan in wapen fan 'e fijân; it lieden fan in súksesfolle oerfal op 'e fijân; en it stellen fan in hynder fan 'e fijân.

Medicine Crow yn 2009 mei presidint Barack Obama.

Medicine Crow rekke in Dútske soldaat oan en ûntwapene dy doe't er ris sûnder euvelmoed om in hoeke stapte en each yn each mei in Dútser kaam te stean. Yn it hân-tsjin-hângefocht dat folge, waard er de fijân al rillegau de baas. Nei eigen sizzen stied er op it punt om 'e Dútser te smoaren, doe't dy om syn mem rôp. Dêrop liet Medicine Crow him gean. Fierders late er in kear by midnacht in oerfal op in Dútske ienheid, wêrby't hy en syn mannen de hynders fan 'e ofsieren stielen. Medicine Crow wie de lêste Krie-Yndiaan dy't it ta oarlochsopperhaad brocht. Yn 2007 fertelde er oer syn ûnderfinings yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e dokumintêre The War, fan programmamakker Ken Burns.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch kearde Medicine Crow wrom nei it Krieë Reservaat, dêr't er him nei wenjen sette yn Crow Agency. Yn 1948 waard er oansteld as de offisjele histoarikus en antropolooch fan 'e Krieë Stamme. Medicine Crow skreau in grut tal wurken op it mêd fan antropology en de kultuer fan syn eigen folk, mar waard dochs it bekendst troch syn skiedkundige boeken oer de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 25 juny 1876 in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Dat barde op it grûngebiet fan it Krieë Reservaat, en der wiene guon Krieën by belutsen dy't as ferkenners yn it Amerikaanske Leger tsjinnen.

Medicine Crow skreau ek in autobiografy, mei as titel Counting Coup: Becoming a Crow Chief on the Reservation and Beyond, dy't yn 2007 publisearre waard. Dat boek waard troch de Amerikaanske Nasjonale Ried foar Sosjale Stúdzjes útkard as in "oanriedbere paperback foar de jongerein". Dêrnjonken ferskynde yn 1998 fan Medicine Crow syn hân it berneboek Brave Wolf and the Thunderbird. Hy wie fierders ek ien fan 'e oprjochters fan 'e Tradisjonele Rûnte fan Yndiaanske Aldsten & Jongerein. Yn 1999 spriek Medicine Crow de Feriene Naasjes ta. Hy waard gauris frege om te sprekken oan it Little Bighorn Kolleezje en yn it Little Bighorn Battlefield Museum. Teffens wurke er mei oan ferskate dokumintêres oer de Slach oan 'e Little Bighorn.

Yn 1999 ûntfong Medicine Crow in earedoktoraat fan it Rocky Mountain Kolleezje yn Billings. Neitiid folgen noch earedoktoraten fan twa fan 'e unversiteiten dêr't er syn oplieding folge hie: de Universiteit fan Súdlik Kalifornje (2003) en it Bacone Kolleezje (2010). Yn 2008 waard Medicine Crow troch it regear fan 'e Frânske Republyk it Légion d'Honneur takend. Teffens krige er datselde jiers de Amerikaanske Brûnzene Stjer, in militêre ûnderskieding. Op 12 augustus 2009 ûntfong er boppedat út 'e hannen fan presidint Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechst Amerikaanske ûnderskieding foar boargers. Yn 2013 berikte Medicine Crow de âldens fan hûndert jier. Ek op dy hege jierren bleau er noch aktyf as publisist en jouwer fan lêzings. Medicine Crow kaam op 3 april 2016 yn Billings te ferstjerren, yn 'e hege âlderdom fan 102 jier.

Medicine Crow, hjir mei û.o. presidint Barack Obama en first lady Michelle Obama, bringt yn 2009 mei oare lieders fan 'e Krieën in besyk oan it Wite Hûs.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1939 – The Effects of European Culture Contact upon the Economic, Social, and Religious Life of the Crow Indians
  • 1976 – The Crow Indians: 100 Years of Acculturation
  • 1976 – wurd foarôf ta Memoirs of a White Crow Indian
  • 1980 – wurd foarôf ta Keep the Last Bullet For Yourself (The True Story of Custer's Last Stand)
  • 1995 – The Last Warrior
  • 1998 – Brave Wolf and the Thunderbird (berneboek)
  • 2000 – From the Heart of the Crow Country: The Crow Indians' Own Stories
  • 2005 – wurd foarôf ta All Our Relatives: Traditional Native American Thoughts about Nature
  • 2006 – Counting Coup: Becoming a Crow Chief on the Reservation and Beyond (autobiografy)
  • 2007 – wurd foarôf ta Native Spirit: The Sun Dance Way
  • 2009 – wurd foarôf ta The Earth Made New: Plains Indian Stories of Creation
  • 2009 – wurd foarôf ta The Image Taker: The Selected Stories and Photographs of Edward S. Curtis

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.