Mustang (hynder)

Ut Wikipedy
Mustangs op 'e Grutte Flakten.

De mustang is it yn it wyld libjende hynder fan it westen fan Noard-Amearika, dat dêr net lânseigen is, mar ôfstammet fan losbrutsen hynders fan iere Spaanske kolonisten. Se wurde gauris wylde hynders neamd, mar it iennichste wiere wylde hynder is hjoed oan 'e dei it przewalskyhynder fan Mongoalje. Mustangs (en de brumby's fan Austraalje en de Namybwoastynhynders fan Namybje, ensfh.) binne eins net wylde, mar ferwyldere hynders. Lange tiid waard de mustang yn 'e Feriene Steaten beskôge as in skealike eksoat, dy't konkurrearre mei it fee fan 'e boeren en sa ek noch yn finansjeel opsjoch in lêstpost wie. Mar yn 1971 waard er troch it Amerikaanske Kongres erkend as in "libben symboal fan 'e histoaryske en pionierjende geast fan it Westen, dy't noch altiten bydraacht oan it ferskaat fan libbensfoarmen yn ús lân en dêrmei it libben fan it Amerikaanske folk ferriket."

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd "mustang" komt út it Amerikaansk-Ingelsk, dat it ôflaat hat fan it Meksikaansk-Spaanske wurd mestengo, fan it Ibearysk-Spaanske mesteño, dat "ôfdwaald feedier" betsjut. Dy Spaanske term komt úteinlik wer fan it Latynske animalia mixta ("fermongen bisten"), in oantsjutting foar bisten wêrfan't net dúdlik wie wa't de eigner wie. Sokke bisten waarden yn Midsiuwsk Spanje by feehâldersgearkomsten ûnder de oanwêzigen ferparte, en waarden doe mestas neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it iennichste wylde hynder tsjintwurdich it przewalskyhynder is, dat yn Mongoalje libbet, komme de hynste-eftigen oarspronklik út Noard-Amearika. Yn 'e iistiden ferspraten se har fia de lânbrêge yn 'e Beringstrjitte nei Jeraazje, dêr't se florearren, wylst se oan 'e ein fan 'e lêste iistiid, sa'n tsien- oant tolvetûzen jier lyn, yn Noard-Amearika krekt útstoaren. Sadwaande wiene dêr te'n tide fan 'e ûntdekking fan it Amerikaanske kontinint, yn 1492, gjin hynders mear. De earste moderne hynders dy't Amearika berikten wiene dy dy't Kolumbus yn 1493 op syn twadde reis meinaam nei it Karibysk Gebiet. Yn 1519 arrivearren se as ûnderdiel fan 'e ekspedysje fan Hernán Cortés op it Amerikaanske fêstelân.

Mustangs yn Utah, yn 2005.

De earste mustangs wiene losbrutsen Ibearyske hynders yn 'e Spaanske koloanjes Nij-Spanje (it lettere Meksiko) en Floarida. Se stammen ôf fan it Andalusyske, it Arabyske en it Barbarijske hynder. Troch it útstjerren fan 'e hynste-eftigen wie yn Noard-Amearika harren ekologyske nys leech, sadat se harren as razenden fuortplantsje en mei gauwens oer it hiele wrâlddiel ferspriede koene.

Party waarden al rillegau fongen troch de lânseigen Yndiaanske stammen, en op 'e Grutte Flakten feroare dat de loop fan 'e skiednis, doe't folken as de Komantsjen (Comanche), Kajowa (Kiowa), Sjajinnen (Cheyenne), Arapaho, (Sioux), Swartfuotten (Blackfeet) en Assiniboin (Assiniboine) yn reäksje dêrop in hynstekultuer oannamen dy't net ûnderdie foar dy fan 'e Mongoalen of dy fan 'e Skyten út 'e Aldheid. De mustang ferfong foar harren de hûn as lêstdier en om harren travois te lûken, en joech harren faasje en mobiliteit by de jacht op bizons en yn 'e oarloch.

De measte Yndiaanske stammen makken gebrûk fan 'e mustangs en koesteren har keppels, mar wiene gjin grutte hynstefokkers. Guon, lykwols, wêrûnder de Komansjen, de Sjosjoanen en de Nez Persé, leine har krekt by útstek ta op 'e fokkerij. Fral de Nez Persé kamen derom bekend te stean dat se masterlike hynstefokkers wiene, en se ûntwikkelen út 'e mustang sels it earste ûnderskate hynsteras fan Amearika, de appaloosa.

Yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw wiene der ek blanke mustang runners. Dat wiene yn 'e regel Amerikaanske cowboys en Meksikaanske vaqueros, dy't yn it wyld libjende mustangs fongen op 'e súdlike Grutte Flakten, yn 'e San Joaquindelling fan Kalifornje en letter yn 'e Grutte Dobbe, yn wat no noardlik Meksiko, Teksas, Nij-Meksiko, Arizona en Kalifornje is. Se makken de bisten nuet (in ûnsêftsinnich proses dat yn it Ingelsk breaking, "brekke", hjit), en ferkochten se dan as ryddieren.

It steatskwartsje fan Nevada, mei mustangs derop (fierwei de measte mustangs libje yn Nevada).

Under de kolonisaasje fan it Wylde Westen joegen ûntsnapte en mei sin frijlitten bisten fan Noardjeropeeske ôfstamming har by de fan oarsprong Ibearyske mustangs. Tsjin 1900 waard der rûsd dat der yn it Amerikaanske Westen twa miljoen mustangs omdoarmen. Sûnt is dat oantal sterk belune, mei't de ferwyldere hynders oan 'e iene kant as in konkurrint fan it fleisfee fan 'e feeboeren sjoen waarden, oan 'e oare kant as in skealike eksoat, en dêropta noch as in helpboarne dy't eksploitearre wurde koe. Se waarden mei keppels tagelyk fongen om as legerhynders te tsjinjen en letter inkeld noch om foar de slacht ferkocht te wurden. It fleis waard benammentlik brûkt foar de produksje fan hûne- en kattefoer.

Soks waard "mustanging" neamd, en wie sels doe al in kontroversjele praktyk, en de metoaden dy't brûkt waarden, lykas it jeien fanút fleantugen en fergiftigjen, laten yn 1959 ta in earste wet dy't mustangs (en ferwyldere ezels, of burros) in beskate beskerming bea. Yn 1971 waard der mei de Wild and Free-Roaming Horses and Burros Act in heger nivo fan beskerming ynsteld. Tsjintwurdich is it Amerikaanske Buro fan Lânbehear (BLM) ferantwurdlik foar de beskerming en it behear fan 'e mustang- en burro-keppels op oerheidsdomeinen, wylst de United States Forest Service (USFS) it tafersjoch hat oer keppels op oar lân.

De mustang hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de mustang tsjintwurdich ûnder de Amerikaanske wet beskerming genietet, is er ferdwûn út ferskate steaten dêr't ienris populaasjes foarkamen. It Buro fan Lânbehear beskôget in oantal fan 26.000 mustangs as winsklik, mar neffens tellings wiene der yn febrewaris 2010 yn 'e Feriene Steaten 33.700 mustangs en 4.700 burros. Mear as de helte dêrfan libbet yn 'e súdwestlike steat Nevada, wylst ek yn 'e steaten Montana, Wyoming en Oregon oansjenlik populaasjes foarkomme. Nochris 34.000 mustangs libje net mear yn (folsleine) frijheid, mar yn (in gauris healwylde tastân) yn finzenskip. Yn Kanada libje noch in pear hûndert wylde mustangs yn it suden fan 'e provinsjes Alberta en Britsk-Kolumbia.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.