Endonym en eksonym

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Autonym)

Endonym en eksonym binne nau besibbe termen út 'e namkunde. In eksonym (of ksenonym) is in eksterne namme foar in geografysk plak, in etnyske groep minsken of in taal of dialekt. Sa'n term wurdt troch bûtensteanders frij algemien brûkt om nei sokke ûnderwerpen te ferwizen, yn 'e regel om histoaryske redens. In endonym, ek wol in autonym neamd (benammen as der yn 'e brûkte kontekst gjin ferbân lein wurdt mei in korrespondearjend eksonym) is in ynterne namme foar persiis deselde saken. Sokke nammen wurde dus jûn troch de leden fan in etno-linguïstyske groep oan harrensels, harren taal of dialekt, harren wengebiet of in spesifyk plak yn dy krite.

De termen endonym, eksonym, ksenonym en autonym komme út it Gryksk, fan 'e foarheaksels ἔνδον, éndon- ("binnen"), resp. ἔξω-, éxō- ("út" of "bûten"), ξένος-, xénos- ("bûtenlânsk") en αὐτο-, auto- ("sels" of "eigen-"), en it efterheaksel ὄνομα, ónoma ("namme"). De term 'eksonym' waard foar it earst brûkt troch de Australyske geograaf Marcel Aurousseau yn syn wurk The Rendering of Geographical Names, út 1957. Neitiid waarden op basis dêrfan de termen 'endonym', 'autonym' en 'ksenonym' ûntwikkele.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.