Thomas Yellowtail

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Thomas Yellowtail
ThomasYellowtail.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Yellowtail
oare namme Medisynrots-Opperhaad
(Medicine Rock Chief)
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 maart 1903
berteplak Lodge Grass (Montana)
stoarn novimber 1993
stjerplak yn it Krieë Reservaat (Montana)
etnisiteit Flagge fan de Kro Stamme.png Kriesk
wurkpaad
berop/amt medisynman
aktyf as sinnedûnsaktivist
jierren aktyf 19431993

Thomas Yellowtail (Lodge Grass (Montana), 7 maart 1903 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), novimber 1993) wie in Amerikaansk Yndiaansk medisynman en aktivist fan it folk fan 'e Krieën (Crow). Hy wijde in grut part fan syn libben oan it neilibjen en it bewarjen fan it ritueel fan 'e sinnedûns en de hiele religieuze kontekst dy't dêrby heart.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yellowtail waard yn 1903 justjes besuden it doarp Lodge Grass berne, yn it Krieë Yndianereservaat, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Yn dy tiid besochten de Amerikaanske autoriteiten de Yndianen om alderlei wize te assimilearjen yn 'e Westerske maatskippij, û.m. troch it tawizen fan efternammen. Om't de heit fan it jonkje Hauk-mei-Giele-Sturtfearren hiet, krige de poppe de efternamme Yellowtail ("Gielsturt") tawiisd. Hy hie in âldere broer, Robert Yellowtail, dy't letter de earste Yndiaanske opsichter fan it Krieë Reservaat wurde soe. Presidint Dwight Eisenhower woe him sels ta haad fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) oanstelle, mar dêr betanke er foar. Likegoed binne de Yellowtaildaam en de Yellowtailopslachmar yn Montana nei him ferneamd.

Thomas Yellowtail groeide op yn 'e Delling fan 'e Opperhaden (Valley of the Chiefs), in krite yn it Krieë Reservaat dy't sa hiet om't in protte fan 'e âlde opperhaden fan foàr de reservaatperioade har dêr nei wenjen set hiene. Doe't er seis jier wie, joech ien fan dy opperhaden, Medisynkrie (Medicine Crow), him syn Yndiaanske namme, Medisynrots-Opperhaad (Medicine Rock Chief). Yellowtail syn persoanlikheid waard grutdiels foarme troch syn iere omgong mei de âlde opperhaden, dy't de tradysjonele spirituële wearden fan 'e Krieë noch yn eare holden. Tagelyk besocht de Amerikaanske oerheid de foarâlderlike tradysjes fan 'e Yndianen krekt út te rûgjen. Sa wiene ûnder de Amerikaanske wet ferskate tradysjonele seremoanjes, wêrfan't de sinnedûns it wichtichst wie, fan 1884 ôf hast fyftich jier lang ferbean.

Teffens waarden Yndiaanske âldelju swier ûnder druk set om harren bern út 'e reservaten en nei Yndiaanske kostskoallen te stjoeren, dêr't se ûnderdompele wurde koene yn 'e blanke kultuer. It lange hier fan 'e jonges waard dêr ôfknipt en de bern waard ferbean om har eigen memmetaal te spreken of oan har eigen goaden te bidden. Dat lot trof ek Thomas Yellowtail, mar hie op him in averjochts effekt. Underwilens stifte hast eltse kristlike denominaasje syn eigen tsjerken yn 'e reservaten, wêrmei't se aktyf de Yndianen besochten te ûntskuorren oan har foarâlderlike leauwe. Yn it Krieë Reservaat gie dat noch in stapke fierder: dêr waard elts gesin op willekeurige basis it lidmaatskip fan in beskaat tsjerkegenoatskip tawiisd.

Sinnedûns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch al dy ynminging fan bûtenôf fierden de Krieën mear as fyftich lang har eigen sinnedûnsritueel net mear út. Doe't it ferbod dêrop yn 1934 opheft waard, wie de oarspronklike sinnedûns fan 'e Krieën in fergetten oantins dy't net mear weroprjochte wurde koe. De Sjosjoanen, lykwols, hiene yn 'e ferbeane perioade út en troch temûk harren eigen foarm fan it ritueel útfierd, en sadwaande fregen de Krieën begjin fjirtiger jierren oan John Trehero, in foaroansteande Sjosjoanske medisynman, om harren it ritueel wer oan te learen. Dat wie it begjin fan weroplibbing fan 'e sinnedûns mank de Krieën.

Thomas Yellowtail ûntjoech him dêrby fan 1943 ôf ta in oprjocht dielnimmer oan sawol it jierlikse ritueel fan 'e sinnedûns, as oan 'e dêroan keppele gebedsgearkomsten, dy't ienris yn 'e moanne holden waarden. Yn 'e folgjende tweintich jier ferdjippe er syn kennis fan en persoanlike relaasje mei it ritueel en de animistyske religy dêr't dat diel fan útmakke troch deistich bidden, suvering yn 'e swithutte en periodike syktochten nei fizioenen. Yn 1963 fertelde Trehero oan Yellowtail dat de tiid kommen wie om de lieding oer it ritueel fan 'e Krie-Yndianen oan him oer te dragen.

Neitiid late Yellowtail tritich jier lang it sinnedûnsritueel fan syn folk. Teffens joech er rie en praktyske assistinsje oan Yndianen fan oare folken dy't him om help fregen om harren eigen foarm fan 'e sinnedûns nij libben yn te blazen. Dêrby fitere er harren oan om 'e talen fan har eigen folken te learen as earste stap op 'e wei nei de weropstanning fan 'e eigen religieuze praktiken. Yellowtail skreau ek in autobiografy, net inkeld om syn eigen ferhaal troch te jaan, mar ek as ramt om 'e âlde spirituële tradysjes fan syn folk yn op te tekenjen. It boek krige as titel Native Spirit and the Sun Dance Way, en waard postúm publisearre yn 2007. Datselde jiers ferskynde der ûnder deselde titel ek in dvd oer Yellowtail en de Krieske kultuer, wêryn't û.m. ek it ferhaal fan 'e medisynfrou Moai Skyld (1856-1944) ferteld waard.

Priveelibben en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yellowtail troude op 27 april 1927 mei Susie Walking Bear, in Kriesk aktiviste dy't har in grut diel fan har libben ynsette foar de rjochten fan 'e Krieën en oare Yndiaanske folken, en foar har krewearjen opnommen waard yn 'e Montana Hall of Fame. Hja stipe Yellowtail by al syn ûndernimmings, oant hja him yn 1981 ûntfoel. Tegearre hiene se trije bern, en beaën se fierders noch in thús oan ferskate pleechbern. Sels kaam Yellowtail yn novimber 1993 yn it Krieë Yndianereservaat fan Montana te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 90 jier. By syn dea wied er ien fan 'e meast respektearre lieders fan sawol syn eigen folk as fan 'e hiele sinnedûnsbeweging yn 'e Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.