Springe nei ynhâld

Coba de Groot

Ut Wikipedy

Jacoba (Coba) Elisabeth de Groot (Oldehove, 21 april 1922 - Harns, 21 oktober 2005) wie direktrise fan in húshâldskoalle yn Frjentsjer mei in passy foar keunst.

Coba wie frijfaam en hat nea in fêste relaasje hân. De lêste tweintich jier fan har wurksume libben wie se direktrise fan de húshâldskoalle yn Frjentsjer, de stêd dêr't se de langste tiid fan har libben, oan it Schapendijkje nr. 5, wenne hat. Nei har pensjoen wijde se har oan de keunst. Se naam les en folge meardere kursussen wêrby't se besocht om har in soad techniken eigen te meitsjen. Se wie te beskieden om har wurken te eksposearjen mar liet wol in soad eigen skilderwurken ynlistje.

Stichting Coba de Groot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coba de Groot gie nei in soad eksposysjes en galerys yn de regio en kocht ek in soad wurken oan. Noch foar har ferstjerren hie se testamintêr fêstlein dat al har besittings, op in oantal legaten nei, ten goede komme moasten oan it stypjen fan byldzjende keunst by jonge minsken yn Fryslân. De sa ûntstiene Stichting Coba de Groot wie troch de erfenis by steat om bygelyks beurzen te jaan, opliedingsprojekten op te setten en tentoanstellings op te setten. Direkt nei har ferstjerren waard dat by de notaris bekrêftige en koe Jenny Schoute it Stichtingsbestjoer fan fiif minsken foarmje. Bartle Laverman waard kontaktpersoan mei Keunstakademy Minerva. Nei tolve jier wie de neilittenskip op en waard de stifting yn 2017 opheft.[1]

It Stichtingsbestjoer fan fiif minsken hat doe in tal bestimmings oanjûn:

  • Gearwurking mei Museum Martena, eartiids 't Coopmanshûs, dêr't frou De Groot faak kaam.
  • Ynstelling fan jierliks út te rikken prizen, wêrûnder it Coba de Groot Stipendium. De kandidaten komme fan Akademy Minerva yn Grins en binne klear mei de bacheloroplieding Skilderjen of Byldhouwen, binne jonger as 30 jier en moatte in oantoanbere bân mei Fryslân hawwe. De winner krijt neist in jildbedrach ek in jier artistike begelieding en in solotentoanstelling yn museum Martena.
  • Opsetten fen projekten Keunstedukaasje foar de heechste klasse fan basisskoallen. Sûnt 2007 is dêrom it projekt OladieCoba opsetten. CobaGiga is de fariant foar fuortset ûnderwiis in de gemeente Frjentsjerteradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: