Springe nei ynhâld

Coen Bekink

Ut Wikipedy
Coen Bekink
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCoenraad Herman Bekink
nasjonaliteit Nederlânsk
berne3 septimber 1922
berteplakNymwegen
stoarn5 febrewaris 1996
stjerplakNymwegen
wurkpaad
berop/amtArsjitekt

Coenraad Herman (Coen) Bekink (Nymwegen, 3 septimber 1922 – dêre, 5 febrewaris 1996), yn fakliteratuer ek wol C.H. Bekink neamd, wie in Nederlânsk architekt en stêdeboukundige, dy't fral út Grins wei yn it noarden fan Nederlân wurke.

Bekink, waans styl wol omskreaun is as '"byldzjend funksjonalisme"', ûntwurp ferskate roomsk-katolike tsjerken, wêrfan syn Mariakerk (1959-1960) yn Grins as ien fan de ferneamdste jildt. Hy ûntwurp ek katolike tsjerken yn Drachten (1963) en Emmen (1965). Bekink wie teffens dwaande mei wenningbou, ûnder mear yn de Grinzer wiken Corpus den Hoorn en Lewenborg, yn Dimter, Winsum en Zoetermeer. As stêdeboukundige wie er ek belutsen by it ûnwerp fan de wenwyk Beijum yn Grins.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: