Maitydsgers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Maitydsgers
persoanlike bysûnderheden
echte namme Monâtseta’e
oare namme Mo-nah-se-tah, Spring Grass,
Me-o-tzi
nasjonaliteit Flagge fan de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.png Sjajinsk
berne ±1851
berteplak op 'e súdlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn 1922
stjerplak ? (Oklahoma)
etnisiteit Flagge fan de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.png Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
reden
  bekendheid
Yndiaanske frou fan
   lt.-kol. George A. Custer

Maitydsgers (Sjajinsk: Monâtseta’e; Ingelske ferbastering: Mo-nah-se-tah; Ingelske oersetting: Spring Grass; op 'e súdlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1851 – yn Oklahoma, 1922) wie in Yndiaanske frou fan it folk fan 'e Súdlike Sjajinnen. Hja wie ek wol bekend ûnder de namme Me-o-tzi. Maitydsgers waard by it Bloedbad oan de Washita, yn 1868, troch de Amerikanen kriichsfinzen nommen, en soe neitiid twa bern krigen hawwe fan 'e ferneamde Amerikaanske legerofsier George Armstrong Custer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maitydsgers waard omtrint 1851 berne yn it súdlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hja wie de dochter fan it opperhaad Lytse Rots fan 'e Súdlike Sjajinnen. Har heit fûn op 27 novimber 1868 de dea by it Bloedbad oan de Washita, doe't it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel (dy't sels ek omkaam) oanfallen waard troch it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Maitydsgers hearde ta de 53 Sjajinske froulju en bern dy't by dy gelegenheid troch de Amerikanen kriichsfinzen nommen waarden.

Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Súdlike Sjajinnen, mar ek neffens it tsjûgenis fan kaptein Frederick Benteen en Custer syn haadferkenner Ben Clark ûnderhold Custer yn 'e winter fan 1868 op 1869 in seksuële relaasje mei de doe santjinjierrige Maitydsgers. Hja skonk yn jannewaris 1869 it libben oan in jonkje, dat de namme Giele Fûgel krige, en dat in soan fan Custer west hawwe soe. Mei't dat twa moanne nei it bloedbad wie, moat de relaasje al foartiid begûn wêze. Neffens de Sjajinske oerlevering krige Maitydsgers ein dat jiers noch in twadde bern, dat ek oanset wêze soe troch Custer. Letter soed er Maitydsgers en syn heal-Yndiaanske bern ûnder druk fan syn blanke frou Elizabeth Clift Bacon yn 'e steek litten hawwe.

Guon histoarisy leauwe lykwols dat Custer steryl wurden wie nei't er yn syn tiid as kadet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point gonorroe oprûn hie, en dat de heit fan 'e beide bern eins syn jongere broer Tom wie, dy't ek yn it 7e Kavaleryregimint tsjinne. Yn elts gefal is wol dúdlik dat de Sjajinnen dit houlik as jildich beskôgen. Neitiid joegen hja Custer de bynamme 'Langhier', om't er syn hier langer droech as dat foar de measte blanke manlju út syn tiid wenst wie. Oer it fierdere ferrin fan it libben fan Maitydsgers is net folle bekend, behalven dat hja yn 1922, yn 'e âlderdom fan 71 jier, yn Oklahoma ferstoar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.