Springe nei ynhâld

George Armstrong Custer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan George A. Custer)
George Armstrong Custer
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút George Armstrong Custer
bynamme Langhier (Longhair)
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 desimber 1839
berteplak New Rumley (Ohio)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1865)
befel Michigan Brigade
Am. 3e Kavalerydifizyzje
Am. 2e Kavalerydifyzje
Am. 7e Kavaleryrezjimint
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Earste Slach by Bull Run
Slach by Antietam
Slach by Gettysburg
Slach yn de Wyldernis
Slach by Yellow Tavern
Bloedbad oan de Washita
Slach by Honsinger Bluff
Slach oan de Little Bighorn

George Armstrong Custer (New Rumley (Ohio), 5 desimber 1839 – oan 'e rivier de Little Bighorn, deunby Crow Agency (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Flakte-Yndiaanske oarloggen namme makke as kavalerykommandant. Yn 'e Boargeroarloch focht er foar it Noarden en wied er behelle yn ferskate wichtige fjildslaggen, wêrûnder de Earste Slach by Bull Run, de Slach by Antietam en de Slach by Gettysburg. Hy berikte de rang fan generaal-majoar, mar waard nei de oarloch fanwegen in oerskot oan ofsieren yn rang weromset ta luitenant-kolonel. Nettsjinsteande syn domdrystens hie Custer tsjin dy tiid in ridlik solide militêre reputaasje opboud. Dy ferspile er lykwols neitiid troch de slachting dy't er yn 1868 ûnder de Súdlike Sjajinnen oanrjochte by it Bloedbad fan de Washita, en mear noch troch syn desastreuze rol yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't er it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de ûndergong late yn 'e Slach oan de Little Bighorn, dêr't er sels ek by sneuvele.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Custer waard yn 1839 berne yn New Rumley, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan boer en hoefsmid Emanuel Henry Custer (1806-1892) en dy syn frou Marie Ward Kirkpatrick (1807-1882). Oan syn heitekant stamme er ôf fan Paulus en Gertrude Küster, Dútske emigranten út it Rynlân dy't omtrint 1693 oerkommen wiene nei Amearika. Syn mem wie fan mingd Ingelsk en Skotsk etnysk komôf. Custer waard ferneamd nei de pleatslike predikant George Armstrong, mei't syn fromme heit hope dat Custer sels ek dûmny wurde soe. Custer wie de op ien nei âldste fan fiif bern. Hy hie ien âldere broer, Nevin, dy't in swakke sûnens hie, en twa jongere bruorren, Thomas en Boston, dy't allebeide yn 1876 mei him sneuvelje soene oan 'e Little Bighorn. Fierders hied er in jongere suster, Margaret, en ferskate âldere healbruorren en -susters.

In grut diel fan syn jonkheid brocht Custer troch yn Monroe, yn 'e steat Michigan, dêr't er ynwenne by in healsuster en sweager fan him, en dêr't er ek de legere skoalle trochrûn. Neitiid learde er fierder oan 'e McNeely Normal School, letter omneamd ta it Hopedale Normal College, yn Hopedale. Nei't er dêr yn 1856 foar syn eksamen slagge wie, joech er koarte tiid les oan in skoalle yn Cadiz, foar't er him ynskriuwe liet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point. Yn juny 1861 studearre er dêr ôf mei de minste sifers fan syn klasse fan 34 kadetten. Fanwegen it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn april 1861, en it tekoart oan oplate ofsieren dat dêrtroch ynienen ûntstie, duorre de oplieding fan syn klasse in jier koarter as dat gebrûklik wie. Dat wie ek de reden dat Custer net nei in ôfhandige legerpost yn nearnehuzen ta stjoerd waard, wat oars yn 'e regel it lot wie fan amper kompetinte ofsieren lykas him.

It stânbyld fan Custer yn Monroe, dêr't er opgroeide.

De Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de rang fan twadde luitenant waard Custer nei syn ôfstudearjen fan West Point oansteld by it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint. Mei dy ienheid naam er frijwol daliks diel oan 'e Earste Slach by Bull Run, dêr't er oarders oerbrocht fan 'e Noardlike befelhawwer, generaal Winfield Scott, oan dy syn ûnderhearrige, generaal-majoar Ivrin McDowell. Nei dy slach waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint, dêr't er by tsjinne ûnder it begjin fan 'e Skiereilânkampanje fan Firginia, yn 1862. Doe't it Noardlike leger as ûnderdiel fan dy fjildtocht de troepen fan 'e Konfederearre generaal Joseph E. Johnston efterfolge, ferkenden generaal John G. Barnard en syn stêf op 24 maaie 1862 in mooglik oerstekplak yn 'e rivier de Chickahominy. Custer wie tichtby genôch om Barnard mompeljen te hearren fan "Wist ik mar hoe djip oft it hjir is." Sûnder nei te tinken, joech Custer syn hynder de spoaren en dreau it de rivier yn. Hy hold yn 'e midden fan it wetter stil en draaide him om nei de ferstuivere generaal en oare ofsieren en rôp triomfantlik út: "Sá djip is 't hjir, generaal!" Sa'n dryste set, dat wie Custer ta de fuotten út.

Mar syn aksje lei him gjin wynaaien, want hy mocht mei fjouwer kompanjyen fan it 4e Ynfanteryrezjimint fan Michigan in oanfal oer de Chickahominy liede. Dy wraam slagge, en Custer naam 50 Konfederearre soldaten kriichsfinzen en makke de earste Konfederearre oarlochsflagge bút. Neitiid beneamde generaal George B. McClellan, de befelfierder fan it Noardlike Leger fan de Potomac, him ta ien fan syn adjudanten mei de tydlike rang fan kaptein. Nei't McClellan yn novimber 1862 fan syn befel ûntheft wie, waard Custer lykwols yn rang weromset ta earste luitenant. Hy rekke doe ûnder ynfloed fan generaal-majoar Alfred Pleasonton, dat in kavalerykommandant wie dy't bekend stie om syn ekstravagante unifoarmen. Custer ûntjoech him ta de protezjee fan dy man, en stiek hiel wat fan him op.

Custer as kadet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point.

Nei de Slach by Chancellorsville krige Pleasonton it befel oer it hiele kavalerykorps fan it Leger fan de Potomac, en hy naam Custer mei nei syn nije kommando. De kavalery krige oarders om it Konfederearre Leger fan Firginia op te spoaren, dat ûnder befel fan generaal Robert E. Lee troch de Shenandoah-delling opteach nei it noarden yn 'e iepeningsfaze fan de Gettysburg-kampanje. Yn syn earste kavalerykommando begûn Custer ûnder ynfloed fan Pleasonton in opsichtich, personalisearre unifoarm te dragen wêrmei't er syn ûnderhearrigen yn 't earstoan fan him ferfrjemde. Mar trochdat er eigenhandich oanfallen oanfierde (yn tsjinstelling ta in soad ofsieren dy't har mannen derop ôfstjoerden, mar sels fan in ôfstân taseagen), wist er harren foar him te winnen. Uteinlik begûnen se sels ûnderdielen fan syn unifoarm oer te nimmen, yn 't bysûnder syn opfallende reade halsdoek. It wie yn dy snuorje dat Custer himsels ûnderskate by ferskillende treffens, wêrûnder de Slach by Brandy Station en de Slach by Aldie.

Op 28 juny 1863, trije dagen foàr de Slach by Gettysburg, waard Custer fan kaptein ta brigadegeneraal fan 'e frijwilligers promovearre, nettsjinsteande it feit dat er frijwol noch gjin ûnderfining opdien hie yn in kommandoposysje. Dêrmei waard er mei 23 jier ien fan 'e jongste generaals yn it Noardlike Leger. Hy krige no it befel oer de Michigan Brigade, in kavalerybrigade fan 'e difyzje fan general Judson Kilpatrick, en focht yn 'e Slach by Hanover en de Slach by Hunterstown tsjin 'e Konfederearre kavalery fan generaal J.E.B. Stuart. Yn 'e Slach by Gettysburg focht Custer op 'e trêde dei op East Cavalry Field tsjin 'e Súdkarolynske brigade fan generaal Wade Hampton. Op in stuit waard dêrby syn hynder ûnder him wei sketten, en waard er mar krekt op 'e tiid rêden troch soldaat Norville Churchill, fan it 1e Kavaleryrezjimint fan Michigan, dy't nei him ta ried, syn neiste fijân delskeat en Custer de kâns bea om by him efterop it hynder te springen. Sa wûn de jonge generaal al rillegau de reputaasje in agressyf ofsier te wêzen, dy't ree wie om yn 'e striid persoanlike risiko's te nimmen.

Custer (rj.) mei syn kriichsfinzene en eardere klasgenoat te West Point de Konfederearre luitenant J.B. Washington (1862).

Yn 1864 waard it Kavalerykorps fan it Leger fan 'e Potomac reorganisearre ûnder it befel fan generaal-majoar Philip Sheridan. As ûnderdiel fan dat korps wie Custer belutsen by ûnderstypjende aksjes yn it ramt fan 'e Oerlânske Kampanje. Dêrby naam er diel oan 'e Slach yn de Wyldernis, wêrnei't er it befel oer de 3e Kavalerydifyzje krige, en de Slach by Yellow Tavern, dêr't de Konfederearre kavalerykommandant J.E.B. Stuart deadlik ferwûne rekke. Yn 'e grutste kavaleryslach fan 'e oarloch besocht Sheridan yn 'e Slach by Trevilian Station om 'e befoarriedingsrûte oer it spoar tusken Firginia en it westen fan 'e Konfederaasje ôf te snijen. Dêrby makke Custer de bagaazjetrein fan Wade Hampton bút, mar weage him te fier nei foarren en waard ôfsnien, wêrnei't er swiere ferliezen litte (ynkl. syn persoanlike bagaazjetrein) foar't er troch Sheridan ûntset wurde koe.

Neitiid krige de Konfederearre luitenant-generaal Jubal Early it befel om op te tsjen troch de Shenandoah-delling om Washington, D.C. te bedriigjen. Dêrop waard Custer syn difyzje fannijs ynset troch Sheridan yn 'e saneamde Dellingkampanjes fan 1864, wêrby't se in Konfederearre oanfal ôfsloegen yn 'e Tredde Slach by Winchester en doe Early syn leger frijwol ferdylgen by Sheridan syn tsjinoanfal yn 'e Slach by Cedar Creek. Nei dy oerwinning kearde de Noardlike kavalery werom nei de haadmacht fan it Noardlike Leger, dy't belis slein hie foar Petersburg.

Custer (l.) en generaal Alfred Pleasonton, yn 1863.

Nei in relatyf kalme lêste oarlochswinter begûnen de Konfederearre linys yn april 1865 einlings en te'n lêsten yn te stoarten, mei as gefolch de weromtocht fan Robert E. Lee nei it Gerjochtsgebou fan Appomattox. It wie de taak fan 'e Noardlike kavalery om 'e Súdliken by har ôftocht sa ticht mooglik op 'e hûd te sitten. Custer ûnderskate him dêrby yn 'e slaggen by Waynesboro, it Gerjochtsgebou fan Dinwiddie en Five Forks. Syn difyzje snie Lee op 'e lêste deis de pas ôf, en ûntfong de earste wite flagge fan 'e Súdliken. By de dêropfolgjende oerjefte fan Lee yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox wie Custer persoanlik oanwêzich. De tafel dy't brûkt waard foar it ûndertekenjen fan 'e oerjefte fan 'e Konfederaasje troch Lee en de Noardlike legerkommandant, generaal Ulysses S. Grant, waard troch Sheridan oan Custer jûn, as presint foar syn frou. (Hjoed de dei is dy tafel te besichtigjen yn it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C.)

Custer mette syn frou Elizabeth Clift Bacon (1842-1933) foar it earst doe't er tsien jier âld wie, mei't hja út Monroe, yn Michigan, kaam, dêr't hy opgroeide. Yn novimber 1862, doe't er mei ferlof yn Monroe wie, hied er him formeel oan har foarstelle litten. Nei't it skynt wie hja op it earste gesicht net botte fan him ûnder de yndruk, mar meitiid wist er har foar him te winnen. Har heit, de rjochter Daniel Bacon, seach lykwols neat yn in houlik fan syn dochter mei de soan fan in hoefsmid, en pas nei't Custer de rang fan brigadegeneraal berikt hie, joech dyselde syn tastimming. Custer en syn frou trouden op 9 febrewaris 1864. Harren houlik soe sûnder bern bliuwe.

Custer mei syn frou Elizabeth Clift Bacon.

Besettingsmacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart foar de ein fan 'e oarloch wie Custer, op 15 april, ta generaal-majoar beneamd, mar it wie dúdlik dat dat mar in tydlike rang wêze soe, om't der nei it ôfswaaien fan grutte oantallen troepen yn fredestiid in oerskot oan opperofsieren ûntstean soe. Op oantrún fan Sheridan akseptearre Custer yn juny 1865 it befel oer de 2e Kavalerydifyzje, dêr't er mei fan Alexandria, yn Louisiana, nei Hempstead, yn Teksas marsjearje moast, as ûnderdiel fan 'e Noardlike militêre besettingsmacht fan 'e eardere Konfederearre steaten. Beselskippe troch syn frou late er syn nije difyzje, dy't bestie út feteranen fan it Westlike of Mississippyfront, op in ôfmêdzjende achttjin dagen duorjende mars nei Teksas. Yn oktober teach er fierder op nei de Teksaanske steatshaadstêd Austin, dêr't er generaal-majoar Wesley Merritt ôfloste as kommandant fan alle Noardlike kavalery yn Teksas.

Syn nije troepen hiene net folle mei Custer op. Krektoarsom, der bestie sa'n slimme wriuwing tusken de generaal en syn soldaten, dat it hast ta in rebûlje kaam. De manskippen wiene leden fan frijwilligersrezjiminten dy't fûnen dat har wurk mei de ein fan 'e oarloch dien wie. Se woene ôfswaaie en nei hûs, en sieten net op in dandy-eftige snotnoas fan in generaal te wachtsjen dy't har it leksum lêze soe, alhielendal net op ien dy't oan it ferfijde Eastlike Front yn Firginia fochten hie. Uteinlik waard Custer syn difyzje yn novimber 1865 út tsjinst ûntslein, nei't syn troepen yn Teksas ferfongen wiene troch it reguliere Amerikaanske 6e Kavaleryrezjimint. Guon leden fan it 2e Kavaleryrezjimint fan Wiskonsin (in ûnderdiel fan 'e 2e Kavalerydifyzje) hiene tsjin dy tiid lykwols sa it grou op Custer, dat se nei harren ôfswaaien plannen makken om him yn in mûklaach te lokjen. Custer waard lykwols op 'e tiid warskôge en de plannen rûnen op 'e non.

Custer yn 1865.

Iere Yndiaanske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 febrewaris 1866 swaaide Custer sels ek ôf as oarlochsfrijwilliger, en krige er wer syn fêste rang fan kaptein by it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint. Hy naam foar langere tiid ferlof en reizge nei New York, dêr't er karriêres yn omtinken naam op it mêd fan 'e spoarwegen en de mynbou. Der waard him ek foar $10.000 in posysje oanbean as generaal yn it leger fan presidint Benito Juárez fan Meksiko, dat doe behelle wie yn in wrakseling mei de troepen fan 'e Meksikaanske keizer Maksimiliaan I, in fazal dy't dêr op 'e troan holpen wie en holden waard troch militêre stipe fan keizer Napoleon III fan Frankryk. Mar frou Custer wie op in Meksikaansk aventoer tsjin, en de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken William H. Seward woe net hawwe dat in Amerikaansk ofsier yn in bûtenlânsk leger tsjinne. As Custer nei Meksiko woe, moast er dus ûntslach nimme út it Amerikaanske leger; om't dat foar him in brêge te fier wie, kaam der fan it hiele spul neat op 'e hispel.

Nei't yn maaie 1866 syn skoanheit ferstoarn wie, tocht Custer der ek oer om himsels kandidaat te stellen foar it Amerikaanske Kongres, en yn 'e simmer fan dat jier ferbûn er him yn dat ramt mei presidint Andrew Johnson, dy't er as oarlochsheld begelate by in rûnreis troch it Noarden. Uteinlik keas er lykwols dochs foar in militêre karriêre. Syn âlde superieur, generaal Philip Sheridan, befoardere him ta luitenant-kolonel en beneamde him ta fjildkommandant fan it nij gearstalde Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Dêrby stied er yn teory ûnder befel fan 'e rezjimintskommandat, kolonel Samuel D. Sturgis, mar om't dy oanhâldend foar oare taken detasjearre wie, hie Custer yn 'e praktyk sels it befel oer it rezjimint. Yn Kansas naam er diel oan 'e saneamde Komantsjekampanje tsjin 'e Komantsjen, en yn juny 1867 wied er teffens belutsen by de kampanje fan generaal-majoar Winfield Scott Hancock tsjin 'e Sjajinnen, nei't by it saneamde Kidder-bloedbad tsien Amerikaanske soldaten en in ferkenner deade wiene. Oan 'e ein fan dy kampanje waard Custer yn Fort Leavenworth foar de kriichsried ferskine om't er sûnder tastimming syn post yn 'e steek litten om in besyk oan syn frou te bringen. Hy waard dêrfoar in jier lang út aktive tsjinst ûntheft, mar ûnder druk fan generaal Sheridan mocht er yn 1868, foar't dat jier om wie, al wer yn syn funksje weromkeare.

George Armstrong Custer.

Op befel fan Sheridan fêstige Custer yn begjin novimber fan dat jier in legerpost mei de namme Fort Supply yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma). Neitiid joech er op 27 novimber oan 'e igge fan 'e rivier de Washita lieding oan 'e oerfal op it kamp fan Swarte Tsjettel, in opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen dy't de frede mei de Feriene Steaten krekt o sa tagedien wie. Dat treffen waard troch de Amerikanen de Slach oan de Washita neamd, mar stiet hjoed de dei ek wol bekend as it Bloedbad fan de Washita. Custer rapportearre dat syn troepen by de oanfal 103 krigers deade hiene, mar de Sjajinnen sprieken fan 30 deaden, wêrfan 11 krigers en 19 froulju en bern. Under de deaden wie ek Swarte Tsjettel. Fierders wiene 53 froulju en bern kriichsfinzen nommen. De 875 hynders fan 'e Yndianen dy't troch syn mannen bútmakke wiene, liet Custer foar it grutste part deasjitte, op 200 nei dy't as lêstdieren brûkt waarden. Doedestiden waard de 'Slach oan de Washita' yn 'e Feriene Steaten beskôge as in wichtige oerwinning en de earste stap op 'e wei nei de ûnderwerping fan 'e opstannige Súdlike Sjajinnen. Tsjintwurdich wurdt it lykwols frij algemien as in oarlochsmisdie sjoen. Boppedat hie it in averjochts effekt, mei't de fredespartij ûnder de Sjajinnen troch de dea fan Swarte Tsjettel oansjenlik ferswakke waard, wylst de oarlochspartij, oanfierd troch de fanatike Hûnskrigers, troch it bloedbad krekt fuorsterke waard.

Nei it Bloedbad fan 'e Washita waard troch de mûnlinge oerlevering fan 'e Sjajinnen, mar ek troch guon fan Custer syn eigen ûnderhearrigen, kaptein Frederick Benteen en haadferkenner Ben Clark, beweard dat Custer dyselde winter of yn 'e iere maityd fan 1869 oer de putheak troud wie mei Maitydsgers. Dat wie de dochter fan it Sjajinske opperhaad Lytse Rots, dy't oan 'e Washita omkommen wie, en ien fan 'e froulju dy't by dat treffen kriichsfinzen nommen wiene. Yn jannewaris 1869 skonk Maitydsgers it libben oan in bern. Mei't dat twa moanne nei it bloedbad wie, moat de relaasje al foartiid begûn wêze. Neffens de Sjajinske oerlevering krige Maitydsgers ein dat jiers noch in twadde bern, dat ek oanset wêze soe troch Custer. Guon histoarisy leauwe lykwols dat Custer steryl wurden wie nei't er yn syn tiid as kadet te West Point gonorroe oprûn hie, en dat de heit fan 'e beide bern eins syn broer Thomas wie. Yn elts gefal is wol dúdlik dat de Sjajinnen dit houlik as jildich beskôgen. Neitiid joegen hja Custer de bynamme 'Langhier', om't er syn hier langer droech as dat foar de measte blanke manlju út syn tiid wenst wie.

Custer en de frou yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's.

Grutte Sû-Oarloch fan 1876

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1873 waard Custer nei it Dakota-territoarium ta stjoerd om in groep lânmjitters fan 'e spoarwegen te beskermjen by de saneamde Yellowstone Ekspedysje. Op 4 augustus fan dat jier fochten hy en syn 7e Kavalery oan 'e igge fan 'e rivier de Tongue harren earste skermutseling út mei de Lakota. Dêrby foel oan beide kanten ien deade. Yn 1874 stie Custer oan it haad fan 'e geologyske Ekspedysje nei de Black Hills, yn it Grutte Sû Reservaat fan 'e Lakota en de Westlike Dakota. Yn 'e Black Hills waard goud ûntdutsen yn 'e French Creek, yn 'e neite fan it plak dêr't tsjintwurdich it stedsje Custer leit. Neitiid lokke Custer syn bekendmakking fan dy ûntdekking de Goudkoarts fan de Black Hills út.

It probleem wie dat de Black Hills foar de (Sioux), it bredere folksferbân fan 'e Lakota en de Dakota, hillich wiene, en dat se dat lân dêrom út noch yn net ôfstean woene. Doe't it Amerikaanske regear ûnder druk fan 'e publike opiny it leger opdracht joech om op te hâlden mei te besykjen om 'e blanke goudsikers út 'e Black Hills wei te hâlden, begûnen de Lakota dy lju sels oan te pakken, mei deaden ta gefolch. It wie doe foar de Amerikanen dúdlik dat der in strafekspedysje tsjin 'e Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen, útfierd wurde moast. Custer soe dêr mei syn 7e Kavaleryrezjimint in wichtich ûnderdiel fan útmeitsje. It wie de bedoeling dat er op 6 april 1876 út Fort Abraham Lincoln ôfsette soe, mar dat rûn oars.

Custer yn 1875.

It Hannelspostskandaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maart waard Custer nammentlik nei Washington, D.C. ta roppen, om te tsjûgjen yn 'e harksitting fan it Amerikaanske Kongres oangeande it saneamde Hannelspostskandaal. Dêrby gie it om 'e omkeaping fan 'e Amerikaanske minister fan Oarloch William W. Belknap (dy't op 2 maart syn ûntslach yntsjinne hie) troch keaplju op legerposten yn it Yndiaanske lân fan it Wylde Westen, dy't de troepen defekte wapens levere hiene. Orville Grant, de broer fan 'e Amerikaanske presidint Ulysses S. Grant, wie ek yn dy saak behelle. Nei't Custer op 29 maart en jitris op 4 april tsjûge hie, waard Belknap oanklage. Custer sette op 20 april ôf út Washington, mar ynstee dat er daliks nei syn post weromkearde, besocht er yn Philadelphia de Sintenniale Tentoanstelling (ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan 'e Feriene Steaten), en makke er plannen om troch te reizgjen nei New York, dêr't er it mei útjouwers hawwe woe oer de publikaasje fan in mooglik ferfolch op syn autobiografy My Life on the Plains, dy't yn 1874 útkommen wie.

Op 21 april moast Custer fanwegen in deifurding troch de Senaat werom nei Washington, dêr't er ûntdiek dat der yn 'e parse tsjin him in swartmakkerskampanje úteinset wie, wêrby't er beskuldige waard fan meineed en it út kweade wil ôfrinne litten fan oare ofsieren. It is ûndúdlik wa't dêrefter siet, mar it is wis dat Custer mei syn tsjûgenis net folle freonen makke hie. Troch de namme fan Orville Grant te neamen, hied er sels de presidint tsjin him yn it harnas jage. It wie inkeld troch de tuskenkomst en folsleine stipe fan syn superieuren, de generaals William Tecumseh Sherman, Philip Sheridan en Alfred Terry, dat Custer him oan 'e politike yntriizjes yn Washington, D.C. wist te ûntwrakseljen.

Custer (sittend) en syn favorite ferkenner Bluodderich Mês (knibbeljend, lofts).

Uteinlik waard Custer op 8 maaie yn Fort Snelling, yn Minnesota, meidield dat er yn 'e kommende strafkampanje tsjin 'e Lakota en de Sjajinnen it befel fiere mocht oer it 7e Kavaleryrezjimint, mar dat er dêrby ûnder direkt tafersjoch pleatst waard fan generaal Terry. Foar't er Fort Snelling ferliet om syn kommando wer op te nimmen, sei Custer tsjin kaptein William Ludlow, it haad fan Terry syn ôfdieling sjeny, dat er by de earste gelegenheid by Terry wei "útnaaie" (cut loose) soe. Dy útspraak wiist derop dat Custer syn ambysje om op eigen manneboet in wichtige oerwinning te boeken, ferantwurdlik wie foar de ramp dêr't de fjildtocht foar de Amerikanen op útrinne soe.

De Slach oan de Little Bighorn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Custer sette op 17 maaie 1876 út Fort Abraham Lincoln ôf as ûnderdiel fan 'e troepemacht fan generaal Terry, dy't út fyftjin kompanjyen bestie. Tolve dêrfan hearden ta Custer syn 7e Kavaleryrezjimint. De opmars fan Terry syn kolonne makke ûnderdiel út fan in gruttere simmerkampanje, wêrby't de Amerikanen de Lakota en Sjajinnen fan trije kanten ôf besochten yn te sluten. Njonken Terry syn troepen, dy't út it easten opteagen, kaam in kolonne ûnder lieding fan kolonel John Gibbon út it noardwesten, en út it suden teach in legermacht ûnder generaal George Crook op. Nei't Terry mei syn troepen djip it gebiet fan 'e Powderrivier yn it hjoeddeiske Montana ynkrongen wie, stjoerde er Custer derop út mei de 7e Kavalery om 'e dellingen fan 'e rivieren de Rosebud en de Bighorn te ferkennen.

Op 25 juny ûntdiek Custer oan 'e igge fan 'e Little Bighorn, in sydstream fan 'e Bighorn, in doarp dêr't tafallich op dat stuit in grut part fan 'e frije Lakota mei in diel fan 'e Noardlike Sjajinnen gearkommen wie, ûnder lieding fan 'e opperhaden Sittende Bolle, Mâl Hynder, Gal en Twa Moannen. De lieder fan syn eigen Yndiaanske ferkenners, de Krieë-kriger Heal Giel Gesicht, warskôge Custer dat it om in tige grut doarp gie, grutter as dat hy mei de troepen dy't er by him hie, ferslaan koe. Custer sloech dy warskôging lykwols yn 'e wyn, mei't er dit as syn kâns op in grutte oerwinning seach, en bang wie dat as er wachte, de Yndianen út dit doarp yn lytse groepkes alle kanten útspatte soene en de mooglikheid om harren ta in fjildslach te twingen foarby wêze soe.

Custer yn boargerkledaazje omtrint 1876.

Foar't er oanfoel, ferdielde Custer it 7e Kavaleryrezjimint yn fjouwer parten. Sels hold er fiif fan 'e tolve kompanjyen by him, sa'n 210 man, wêrmei't er, ferskûle efter de heuvels, nei de noardlike ein fan it doarp ried om dêr oan te fallen. Underwilens moasten trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno de súdlike ein oanfalle. Kaptein Frederick Benteen waard ek mei trije kompanjyen nei it súdwesten ta stjoerd, om in mooglike ûntsnapping fan 'e Yndianen yn dy rjochting ôf te snijen, wylst kaptein Thomas M. McDougall mei de restearjende kompanjy de bagaazjetrein fan it rezjimint beskermje moast. De Slach oan de Little Bighorn begûn doe't Reno it Yndiaanske doarp fan it suden út oanfoel. It die lykwols al rillegau bliken dat it folle mânsker wie as dat de Amerikanen ea tocht hiene, en Reno syn troepen kamen troch de grutte oantallen Lakota- en Sjajinske krigers dy't ta it doarp út stoarmen om har te befjochtsjen al rillegau sa ûnder druk te stean dat se tebekwike moasten. Uteinlik waard Reno syn posysje alhiel ûnhâldber en moasten hy en mannen har ûnder bloedige gefjochten en mei it ferlies fan in fjirdepart fan har sterkte weromlûke op 'e kliffen boppe de rivier, dêr't se stânholden oant se fuortsterke waarden troch Benteen en syn trije kompanjyen en McDougall mei de bagaazjetrein.

Custer hie net wachte om te sjen hoe't Reno syn oanfal beteare soe, en wie him der sadwaande ûnbewust fan dat dy ôfslein wie. Hy ried ûnderwilens neffens plan nei de noardlike ein fan it doarp, om 'e Yndianen mei Reno fan twa kanten ôf yn 'e skjirre te nimmen. Neffens etnolooch George Bird Grinnell, dy't letter ferskate Sjajinske krigers oer it ferrin fan 'e slach befrege, besocht teminsten in diel fan Custer syn troepen oan 'e noardkant fan it doarp de rivier oer te stekken. Yn syn autobiografy My Life on the Plains hie Custer útlein dat de bêste strategy by it befjochtsjen fan Yndianen wie om harren doarpen en kampen yn te kringen en dan har froulju, bern en âlderein as gizelders en minsklik skyld te brûken, sadat de krigers, as se trochfjochtsje woene, har eigen famyljeleden deasjitte moasten. Wierskynlik wied er sa'n strategy ek diskear fan doel, mar troch de ûnferwachts sterke wjerstân fan 'e Yndianen berikten se it doarp nea. Krektoarsom, se waarden troch skerpskutters weromdreaun oer de rivier, wêrnei't hûnderten krigers ta it doarp útstreamden om har te efterfolgjen.

De Amerikaanske simmerkampanje fan 1876.

Custer-en-dy besochten har oare kant de rivier yn te graven, mar dat mislearre om't guon krigers omriden wiene en har no út it noarden wei oanfoelen, fanôf de heuvelrêch boppe de rivier. Wat begûn as in organisearre weromtocht, feroare troch de oanhâldende oanfallen fan 'e Yndianen al rillegau yn in gaoatyske flecht, wêrby't guon soldaten har gewearen fuortsmieten, útnaaiden en troch de Lakota op 'e flecht deade waarden, hoewol't oaren har posysje beholden en al fjochtsjend sneuvelen. De helte fan Custer syn mannen waard fan 'e haadmacht ôfsnien en sneuvele sa by ienen en twaen en groepkes wylst Custer him mei de rest op 'e heuveltop weromloek dy't neitiid bekend kaam te stean as Custer Hill of ek wol Custer's Last Stand. Dêr waarden Custer en syn oerbleaune mannen troch de Yndianen besingele.

Wat mear soldaten kamen te sneuveljen, wat mear gewearen en munysje oft de krigers bútmakken, mei as gefolch dat de soldaten op 'e heuveltop wat langer wat mear ûnder fjoer kamen te lizzen, wylst se sels almar minder weromsjitte koene. Nei't it skynt brûkten de oerbleaune soldaten op it lêst har eigen deasketten hynders as boarstwarring. Mar se wiene tsjin dy tiid mei te min om stân te hâlden, en doe't Mâl Hynder en Wite Bolle mei har krigers by in ferrassingsoanfal út noardeastlike rjochting troch de liny fan 'e Amerikanen hinne brieken, waarden dy ûnder de foet rûn troch de oermacht fan 'e fijân, dy't har oant de lêste man ta útrûge. Ferskate krigers easken neitiid persoanlik de ferantwurdlikheid op foar de dea fan Custer sels, wêrûnder Wite Bolle fan 'e Minnikonzjû en Rein-yn-'t-Gesicht fan 'e Hûnkpapa. Yn juny 2005 ferbrieken de Noardlike Sjajinnen mear as hûndert jier stilswijen oer de fjildslach en makken bekend dat neffens harren mûnlinge oerlevering Bizonkeallepaadfrou, in Sjajinske heldinne út 'e Slach oan de Rosebud, dejinge wie dy't Custer fan syn hynder skeat.

Custer en syn troepen wurde ûnder de foet rûn troch Yndiaanske krigers yn 'e Slach oan de Little Bighorn.

Yn 'e 1920-er jierren fertelden twa âlde Sjajinske froulju dat se nei de slach Custer syn lichem op it slachfjild weromfûn hiene en in Lakota-kriger tsjinholden hiene dy't it lyk skeine woe. De froulju wiene nammentlik famyljeleden fan Maitydsgers, Custer syn Sjajinske frou, en beskôgen him sadwaande ek as famylje. Hja stieken him doe mei harren naai-elzen yn 'e earen, dat er yn it hjirneimels better harkje kinne soe; hy hie nammentlik syn ûnthjit oan 'e Sjajinnen brutsen om nea wer tsjin 'e Yndianen te fjochtsjen.

Doe't de Yndianen twa dagen letter ferdreaun en de troepen fan Reno en Benteen ûntset waarden troch de oankomst fan 'e troepen fan generaal Terry en kolonel Gibbon, waarden de measte liken fan 'e sneuvele soldaten neaken, skalpearre en op oare wizen skeind weromfûn. It stoflik omskot fan Custer hie twa kûgelwûnen, ien yn 'e loftersliep en ien yn it boarst, krekt boppe it hert. Kaptein Benteen, dy't de wûnen ynspektearre, stelde fêst dat se net feroarsake wiene troch .45 kaliber-munysje (Custer hie dus net mei syn eigen revolver in ein oan syn libben makke). Neitiid waarden de stoflike omskotten fan 'e sneuvele militêren provisoarysk op it slachfjild begroeven, wêrby't Custer en syn broer Tom yn ien grêf lein waarden. In jier letter waarden de liken fan Custer en syn ofsieren wer opgroeven en nei it Easten ferfierd om oan 'e djipdrôven oerdroegen te wurden, wylst de gewoane soldaten formeel werbegroeven waarden op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn. Custer sels waard mei militêre eare byset op it begraafplak fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point.

Nei syn ferstjerren krige Custer einlings de ferneamdheid dy't er sa lang socht hie. De Amerikanen seagen him lange tiid as in tragyske militêre held en in foarbyldich hear, dy't syn libben opoffere hie foar syn lân. Syn widdo Elizabeth die der ek alles oan om dy lêzing te popularisearjen, û.m. troch de publikaasje fan ferskate boeken oer har man silger, lykas Boots and Saddles: Life with General Custer in Dakota (1885), Tenting on the Plains (1887) en Following the Guidon (1891). De dea fan Custer en syn mannen yn 'e Slach oan de Little Bighorn groeide út ta de bekendste episoade út 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen. Custer hie gauris sjoernalisten frege om him op syn ekspedysjes te beselskipjen, en ien fan harren, Mark Kellogg, fan it parseburo Asscociated Press, sneuvele mei him oan 'e Little Bighorn. Harren geunstige ferslaggen besoargen Custer in poerbêste reputaasje, dy't oant fier yn 'e tweintichste iuw beholden bleau.

It stânbyld fan Custer yn syn berteplak New Rumley.

Mar net eltsenien tocht der sa oer. Sels yn syn eigen tiid wie der al krityk op Custer te hearren, û.m. fan âld-presidint en -generaal Ulysses S. Grant, dy't op 2 septimber 1876 yn 'e krante de New York Herald sei: "Ik beskôgje it Bloedbad fan Custer as it fuortsmiten fan 'e libbens fan syn troepen, eat dat feroarsake waard troch Custer sels, en dat folslein ûnnedich wie – folslein ûnnedich." No wie Grant gjin freon fan Custer, mar ek syn eigen bûnsgenoaten, lykas generaal Philip Sheridan, hiene hurde krityk op Custer syn lêste beslissings. Sa hie Custer op 21 juny it oanbod fan generaal Terry fan fersterkings yn 'e foarm fan fjouwer ekstra kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint ôfstegere. Fierders hied er de beskikking hawwe kind oer ferskate Gatling-mitrailleurs, dy't er lykwols net meinaam. Hy oardere al syn ûnderhearrigen, ynkl. de ofsieren, om har sabels efter te litten, en ek besleat er om syn rezjimint yn fjouweren op te dielen wylst er wist dat er it tsjin in nûmerike oermacht opnimme soe.

Sûnt de 1960-er jierren hat it oansjen fan Custer grutte feroarings ûndergien. De lju dy't him tsjintwurdich noch as in tragyske held en in hear sjogge, binne seldsum wurden, en wurde troch histoarisy net mear serieus nommen. Custer wurdt no yn 'e regel sjoen as in domdryst man dy't hannele ear't er tocht, en as in ofsier dy't sa ambisjeus wie dat er ree wie om mei de libbens fan syn soldaten (en teffens mei syn eigen libben) te gokken as er tocht dat it foar him gewin opsmite soe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.