Skalpearjen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert McGee, dy't as bern yn 1864 troch Sioux oanfierder Lytse Skilpodde skalpearre wie.

Skalpearjen is it ôfsnijen fan 'e skalp, de hollehûd mei it hier, dat foarhinne as brûkme yn Noard-Amearika foarkaam. Fan oarsprong ferfolle de skalp by Yndianen, dy't natoerreligys oanhongen, deselde rol as de ôfhoude holle by it kopjen. De hollehûd wie de sit fan 'e geast, siel of libbenskrêft fan in persoan, dy't dejinge dy't de skalp nommen hie ta foardiel fan him persoanlik of fan syn hiele mienskip manipulearre wurde koe.

Oarspronklik kaam skalpearjen allinne foar by guon folken yn it noardeasten, foaral by de Mohawk en nau oan har besibbe Irokeeske stammen. De Nederlanners fan Nij-Amsterdam, dat letter New York wurde soe, wienen de earsten dy't dêr gebrûk fan makken, troch in preemje út te beteljen foar eltse ynlevere skalp en sa Yndianen tsjin Yndianen út te spyljen. De Ingelsen en de Frânsen namen dat fan harren oer en begûnen sels ek te skalpearjen. Uteinlik ferspraten se it brûkme oer it hiele kontinint. Allinne de Nez Percé, út 'e Amerikaanske steaten Idaho en Montana, woenen der neat fan witte.

Om't de blanken allinne it brûkme sels ferspraten, gou de betsjutting fan it skalpearjen foar oare stammen net. Lykwols waard it brûkme by bygelyks de flaktestammen al opnaam yn de kultuer. Mar de religieuse ferplichtings dy't der oan ferbûn waarden, wienen net om macht oer de geast fan de skalpearrene te krijen, mar om de skalpearder tsjin dy geast te beskermjen. Sa moasten krigers fan guon stammen har, nei it nimmen fan in skalp, in skoft hâlde oan beskate itensfoarskriften of moasten se in snuorje fan seksuële ûnthâlding trochrinne fan soms wol seis moannen. As men jin net oan sokke geboaden hold, koe men troch de geast fan 'e skalpearre fijân mei tsjoenderij om hals brocht wurde.

Skalpearje wie trouwens net altiten deadlik; der binne ferskate goed dokumintearre gefallen bekend fan blanke slachtoffers dy't it oerlibben.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.