Springe nei ynhâld

Washita (rivier)

Ut Wikipedy
It ôfwetteringsgebiet fan de Washita beslacht 20.767 km²
De Washita by Anadarko, Oklahoma
De Washita ûnder Pauls Valley, Oklahoma

De Washita is in rivier yn Teksas en Oklahoma yn de Feriene Steaten. De rivier is 475 km lang en einiget yn Lake Texoma yn Johnston County (ek Bryan County en Marshall County yn Oklahoma en de Reade Rivier fan it Suden.

It rivierbêd fan de Washita bestiet út losse modder en sân. De iggen fan de rivier binne fan reade ierde en ûnderfine in protte earoazje. Dat makket dizze stream ien fan de meast slibbige rivieren fan Noard-Amearika.

De Washita ûntspringt yn it easten fan Roberts County yn Teksas ûnder de stêd Miami yn de Texas Panhandle.

Frânske ûntdekkingsreizgers ûntdutsen de rivier yn de iere 18e iuw doe't se de Red River of the South streamop befearne. Sy tochten dat it deselde stream wie dy't befreone Choctaw as Ouachita River bekreaune, mar rillegau die bliken dat it in oare stream oanbelange, en sy joegen him de namme Faux Ouachita ('False Ouachita'). Dy namme waard letter ferbastere ta False Washita. Nei de Amerikaanske Boargeroarloch waard de rivier ienfâldich Washita neamd.

It Bloedbad oan 'e Washita wie op 27 novimber 1868 doe't oerste George Armstrong Custer syn 7e U.S. Cavalry Swarte Tsjettel syn Sjajinnedoarp oan de Washita (tichteby Cheyenne fan no) moarnsier oanfoel.

Generaal (letter presidint) Zachary Taylor stichte Fort Washita oan de ûnderin fan de rivier yn 1842 om boargers fan de Tsjoktou- en Tsjikkesoufolken te beskermjen tsjin de Prêrje-Yndianen. It fort lei sa'n 31 km boppe it plak dêr't de Washita yn de Red River útrint.

Keppelings om utens s

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: