Bluodderich Mês
Bluodderich Mês | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tamina Wewe; Nes I Ri Pat | |
oare namme | Bloody Knife | |
nasjonaliteit | Arikara | |
berne | ±1838 | |
berteplak | yn 'e Dakota's (Feriene Steaten) | |
stoarn | 25 juny 1876 | |
stjerplak | oan 'e Little Bighorn (Montana) | |
etnisiteit | Arikara Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
jierren aktyf | 1868 – 1876 | |
reden bekendheid |
focht mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn |
Bluodderich Mês (Arikara: Nes I Ri Pat; Lakota: Tamina Wewe; Ingelske oersetting: Bloody Knife; yn 'e Dakota's, ±1838 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Yndiaan fan mingd etnysk komôf dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Hy wie ferbûn oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en wie de favorite ferkenner fan 'e bekende en kontroversjele luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Bluodderich Mês is wol de meast ferneamde Yndiaanske ferkenner neamd dy't ea yn it Amerikaanske Leger tsjinne hat. Hy kaam yn 1876 om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bluodderich Mês waard earne tusken 1837 en 1840 berne yn 'e Dakota's. Syn heit hearde ta de Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota, wylst syn mem in Arikara wie. Mei ferskate bruorren en mooglik ien suster groeide er op mank syn heite folk, dêr't er lykwols min behannele waard fanwegen de etnisiteit fan syn mem, want de Lakota en de Arikara wiene fan âlds swarde fijannen. Benammen mei Gal, in jonge fan syn eigen jierren dy't letter in foaroansteand opperhaad fan 'e Hûnkpapa wurde soe, boude Bluodderich Mês in libbenslange fete op. Meitiid begûn er alle Lakota te haatsjen, en doe't syn mem om 1856 hinne har man ferliet om werom te kearen nei har eigen folk, giene Bluodderich Mês en syn bruorren mei.
Hja setten har nei wenjen yn 'e neite fan Fort Clark, oan 'e bopperin fan 'e rivier de Missoury, yn wat no Noard-Dakota is. Dat wie in hannelspost fan 'e Amerikaanske Bûntmaatskippij, en as jongfeint fan tusken de fyftjin en tweintich jier naam Bluodderich Mês dêr de taak op him om 'e post te besoargjen by oare delsettings oan 'e Missoury en yn Fort Totten, yn it noardeasten fan 'e Dakota's. Hoewol't it gefaarlik wurk wie om allinnich op paad en wegen te wêzen yn in tiid dat der oanhâldend oarloch fierd waard tusken de Yndianen en de blanken en mear noch tusken de Yndianen ûnderling, kaam him by dat wurk nea wat oer. Mar doe't er ris syn heit besykje woe, waard er troch Gal en ferskate oer Hûnkpapa's nettsjinsteande it tradisjonele gasterjocht slim mishannele mei fûsten en laadstokken fan musketten, útklaaid, bespuid en fernedere. Yn 'e hjerst fan 1862 waarden syn bruorren oerfallen troch in oarlochstroep fan 'e Lakota ûnder lieding fan Gal, en dêrby deade en skalpearre.
Iere jierren as ferkenner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1865 naam Bluodderich Mês in oanbod fan 'e Amerikaanske brigadegeneraal Alfred Sully oan om as ferkenner te tsjinjen by de operaasjes fan it Amerikaanske Leger tsjin 'e Lakota. Syn earste put as ferkenner wie om in groep saneamde 'Galvanisearre Yankees' by te stean. Dat wiene kriichsfinzenen út it leger fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika, dy't derfoar keazen hiene om foar it Noarden oan 'e Amerikaanske frontier te tsjinjen ynstee fan fuort te rotsjen yn in kriichsfinzenekamp. Fierders wie Bluodderich Mês ek aktyf as boadskipper, wêrby't er de kommunikaasje tusken Amerikaanske legerûnderdielen fasilitearre yn in gebiet dat doedestiden noch fierhinne behearske waard troch de Lakota.
Der bestiet in mooglik apokryf ferhaal dat Bluodderich Mês ein 1865 besocht om Gal arrestearre dan wol dea te krijen troch der mei in patrûlje soldaten op út te tsjen doe't Gal him yn Fort Berthold befûn. Neffens dat ferhaal waard Gal doe't er him tsjin syn oanhâlding fersette, twaris djip mei de bajonet stutsen troch de soldaten, mar doe't Bluodderich Mês him dêrnei troch de holle sjitte woe, hold de befelfierend ofsier him tsjin, mei't Gal neffens him al dea wie. Mar dat wie sa net, en nei't de soldaten en Bluodderich Mês fuortgien wiene, soed er troch syn folk fersoarge wêze oant er wer opbettere.
Nei't presidint Andrew Johnson yn 1866 de formele opname fan Yndiaanske ferkenners yn it Amerikaanske Leger mooglik makke hie troch de Wet op de Tsjinstname fan Yndiaanske Ferkenners te ûndertekenjen, wie Bluodderich Mês ien fan 'e earsten dy't dêrfan gebrûk makke, troch yn maaie 1866 tsjinst te nimmen mei de rang fan korporaal. Yn syn iere tsjinstjierren kampte er mei oanboazjend alkoholisme, wat de reden west hawwe kin dat er yn septimber 1868 sûnder tastimming syn post ferliet.
Gesinslibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bluodderich Mês troude yn 1866 mei in Arikara-frou dy't fan Jonge Ule hiet (of mooglik Wyfkesûle). Mei har krige er teminsten trije bern: in dochter en twa soannen. De dochter beswiek op 28 desimber 1870 oan in sykte en waard begroeven yn Fort Buford. Ien soan kaam yn 1874 om by in Lakota-oerfal op in Arikara-doarp by Fort Berthold. De oare soan libbe oant 1904, doe't er nei't it skynt troch syn eigen frou út 'e ljochten holpen waard.
Freonskip mei Custer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1873 kaam Bluodderich Mês yn Fort Rice yn 'e kunde mei de dryste luitenant-kolonel George Armstrong Custer, de fjildkommandant fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Custer bewûndere Bluodderich Mês syn feardichheden as gids en ferkenner, en fûn syn respektleas hâlden en dragen fermaaklik, dat hja bouden in aparte foarm fan freonskip op. Yn 1873 makke Bluodderich Mês diel út fan 'e Yellowstone-ekspedysje, en yn 1874 fan Custer syn geologyske Ekspedysje nei de Black Hills, dy't yn it Grutte Sû Reservaat fan 'e Lakota en de Westlike Dakota leine. Bluodderich Mês, dy't doe krekt syn soan ferlern hie by in oerfal fan 'e Lakota, sinde sadwaande op wraak. Custer lei dêr lykwols it near op, om't er der net op siet te wachtsjen om by de ûnderlinge fetes fan 'e Yndianen belutsen te wurden.
Under de Black Hills-ekspedysje holpen kaptein William Ludlow en Bluodderich Mês Custer by it sjitten fan syn earste grizzlybear, in âld mantsje dat wol 360 kg weage en ûnder de groeden siet. Neffens in biografy fan Custer út 2002, titele The Custer Companion, waard it bist eins deade troch Bluodderich Mês. By in oar ynsidint dat ûnder de ekspedysje foarfoel, rekken ferskate weinen fêst yn in dridzige riviersigge. Doe't in lulke Custer witte woe wa syn skuld oft dat wie, antwurde de ferkenner Charley Reynolds dat it oan Bluodderich Mês te witen wie. Dêrop loek Custer syn revolver en skeat ferskate kearen op 'e beide ferkenners dy't fuortdoeken efter in pear beammen. Neitiid soe Bluodderich Mês tsjin Custer sein hawwe: "It is net in goed ding dat jo my oandien hawwe; as ik krekt as jo yn 'e gryp fan gekte west hie, hiene jo nea wer in oare dei sjoen." Custer soe doe antwurde hawwe: "Myn broer, it wie de gekte fan it momint dy't my soks dwaan liet, mar dy is no wer belune. Litte we de hannen skodzje en wer freonen wêze." Bluodderich Mês stimde dêryn ta en skodde Custer de hân.
Los fan sokke healwize opstigings hie Bluodderich Mês oars in bêsten oan Custer, dy't him út en troch geskinken joech, lykas in sulveren medalje mei de namme fan 'e ferkenner deryn gravearre, dat er hielendal út Washington, D.C. komme litten hie. Boppedat regele de luitenant-kolonel dat Bluodderich Mês $75 yn 'e moanne oan soldij betelle krige (yn hjoeddeisk jild $1.600), wylst de oare ferkenners (en soldaten) mar $13 yn 'e moanne krigen. Oan 'e ein fan 'e Ekspedysje nei de Black Hills waard Bluodderich Mês fierders noch $150 ekstra taparte foar "help fan ûnskatbere wearde".
De Slach oan de Little Bighorn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Grutte Sû-Oarloch naam Bluodderich Mês diel oan 'e simmerkampanje fan 1876, wêrby't de Krieske ferkenners fan it 7e Kavaleryrezjimint in grut doarp fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdieken. Bluodderich Mês besocht Custer ferskate kearen oan it ferstân te bringen dat der tefolle Yndianen wiene om 'e striid mei oan te gean, mar de koppige ofsier woe fan gjin wiken witte. Mei de oare Arikara- en Krieske ferkenners waard Bluodderich Mês tafoege oan it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat it doarp fan it suden ôf oanfalle moast, wylst Custer sels mei fiif kompanjyen omried om út it noarden wei oan te fallen.
Yn 'e Slach oan de Little Bighorn, sa't it treffen op 25 en 26 juny bekend kaam te stean, die al rillegau bliken dat Bluodderich Mês gelyk hân hie. Doe't Reno syn trije kompanjyen de rivier oerstieken en de súdlike ein fan it doarp oanfoelen, flechten de Yndianen net fuort, sa't de Amerikanen ferwachte hiene, mar streamden de krigers krekt ta it doarp út om 'e oanfal ôf te slaan. Reno oardere syn troepen om ôf te stiigjen en har yn in skermutselingsliny op te stellen, wêrby't syn rjochterflank feilichsteld waard troch it tichte strewelleguod dat by in bocht yn 'e rivier lâns groeide. De Arikara en Krieën, wêrûnder Bluodderich Mês, moasten de kwetsbere lofterflank fan 'e troepen beskermje. Troch de nûmerike oermacht fan 'e fijân wie der lykwols gjin hâlden oan, en moast Reno al rillegau in weromtocht yn it strewelleguod oarderje.
Dêr rôp er Bluodderich Mês by him om 'e ferkenner te befreegjen oer wat de Lakota en Sjajinnen no dwaan soene. Wylst se njonken inoar op it hynder sieten, waard Bluodderich Mês yn 'e holle troffen troch in kûgel, wêrby't er nei alle gedachten op slach dea wie. It bloed en de stikjes harsens spatten Reno yn it gesicht, en mooglik wied er dêrfan noch yn shock doe't er syn mannen yn in gaoatyske flecht de rivier oer late en by it steile klif oare kant de rivier op. Dêrby ferlear Reno 3 ofsieren en 29 soldaten, wylst likernôch 20 oaren oan 'e ferkearde kant fan 'e rivier fêst kamen te sitten. Under de deaden wiene ek twa oare Arikara-ferkenners, Lytse Kriger (of Beareprint) en Koartsturtbolle. Hoewol't Reno en syn mannen nei in belegering fan oardel dei op harren klif de striid oerlibben, kamen Custer en syn fiif kompanjyen oan 'e lêste man ta om.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn dea waard it lichem fan Bluodderich Mês troch de Lakota ûnthalze. Neffens ien ferhaal (wêrfan't net dúdlik is oft it wier is) fûnen de dochters fan Bluodderich Mês syn suster it lichem fan harren omke op it slachfjild, en wiene sy it dy't him de holle ôfhouden, mei't se him net wer koene. Hja namen syn holle mei werom nei it Hûnkpapa-kamp yn it doarp, dêr't se him op in lange stôk speetsten. Doe't harren mem, Bluodderich Mês syn suster, de holle seach en wer koe as dy fan har broer, wie se raar gesteld. Nei't se op 27 juny de troepen fan majoar Reno ûntset hiene, fûnen de manskippen fan kolonel John Gibbon de skalp fan Bluodderich Mês yn in lege, efterbleaune tipy. Syn skalp waard dêrnei mei syn lichem op it slachfjild begroeven. Letter waard er werbegroeven op it ferkennersbegraafplak by White Shield, yn Noard-Dakota.
Bluodderich Mês syn frou, Jonge Ule, makke op 14 april 1879 yn Fort Berthold oanspraak op 'e efterstallige soldij fan har man. Yn 1881 ûntfong se datoangeande $91,66 fan 'e Amerikaanske autoriteiten. Bluodderich Mês syn dieden waarden neitiid besongen troch de Arikara, en troch syn freonskip mei Custer, dy't ta in nasjonale held ferklearre waard, krige er ek ûnder de blanke Amerikanen grutte bekendheid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|