Springe nei ynhâld

Fort Rice

Ut Wikipedy
Fort Rice
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Noard-Dakota
county Morton County
koördinaten 46°30′46″ N 100°35′4″ W
bysûnderheden
type bouwurk fort
boujier 1864
sloopjier 1872
monumintale status steatshistoarysk plak
kaart
Fort Rice (Noard-Dakota)
Fort Rice
Lokaasje yn Noard-Dakota.

Fort Rice (Lakota: Psíŋ Otȟúŋwahe, útspr.: [psĩ: otˣũ:wahe], likernôch: "psiing otchûûngwahee", "Doarp fan it Wylde Rys") wie fan 1864 oant 1872 in militêr fort fan it Amerikaanske Leger yn it Dakota-territoarium, op it grûngebiet fan wat letter de Amerikaanske steat Noard-Dakota wurde soe. It fort wie ferneamd nei James Clay Rice, in generaal út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en lei krapoan 50 km besuden de hjoeddeistige stêd Mandan, yn wat no Morton County is. It stee fan it eardere fort hat no de (beskerme) status fan in 'steatshistoarysk plak' (state historic site), en stiet ûnder tafersjoch fan it Steatshistoarysk Genoatskip fan Noard-Dakota. It leit op 46°30′46″ noarderbreedte by 100°35′4″ westerlingte. Besikers kinne der oan dobben yn 'e grûn dy't oanfolle binne mei hoekmarkearrings sjen wêr't foarhinne de gebouwen stien hawwe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.