Springe nei ynhâld

Boeli van Leeuwen

Ut Wikipedy

Willem Cornelis Jacobus (Boeli) van Leeuwen (Kurasau, 10 oktober 1922 - dêre, 28 novimber 2007) wie in Nederlânsk-Antiljaansk skriuwer en dichter.

Van Leeuwen studearre rjochten yn Leien en promovearre oan de Universiteit fan Amsterdam. Op Kurasau hie er ferskillende publike funksjes, ûnder oaren dy fan bestjoerrssekretaris fan de Antillen. Nei syn pinsjoen arbeide er fergees as advokaat yn in wenwyk mei sosjale swierrichheden, Scharloo.

As skriuwer debutearre er yn 1959 mei de roman De Rots der Struikeling wêrfoar't er yn 1961 de Vijverbergpriis (no Ferdinand Bordewijk Priis) krige. It libben op Kurasau spilet dêryn in wichtige rol; keppele oan wichtige bibelske/kristlike temas om skuld, seksualiteit en ferantwurdelikens hinne. De paradoksen tusken yndividu en mienskip wurde sa ta útdrukking brocht.

Yn 2007 ûnfong Van Leeuwen op syn 85ste jierdei in ‘oeuvrejild’ fan it Nederlânske Fonds voor de Letteren, It bedrach waard oerlange yn it paleis fan de Gûverneur fan de Nederlânske Antillen, op Kurasau. Dêrby holden letterkundige Aart Broek, útjouwer Franc Knipscheer, skriuwer Tommy Wieringa en Sylvia Dornseiffer, direkteur fan it Fûns foar de Letteren, lêzingen oer Van Leeuwens libben en wurk.

Yn 2013 krige it Letterkundich Museum yn Den Haach de literêre neilittenskip fan de auteur dy't yn 2007 ferstoar.

  • 1947 - Tempels en Woestijnen
  • 1947 - De Mensenzoon
  • 1959 - De Rots der Struikeling
  • 1962 - Een Vreemdeling op Aarde
  • 1966 - De Eerste Adam
  • 1978 - Een Vader, een Zoon
  • 1985 - Schilden van Leem
  • 1988 - Het Teken van Jona
  • 1990 - Geniale Anarchie

Oer Boeli van Leeuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Drie Curaçaose schrijvers in veelvoud: Boeli van Leeuwen, Tip Marugg, Frank Martinus Arion. Under redaksje fan Maritza Coomans-Eustatia, Wim Rutgers, Henny E. Coomans. Zutphen: Walburg Pers, 1991. (Mei primêre en sekundêre bibliografy.)
  • Kuyper, Martine, 'Na het Paradijsverhaal is alles plagiaat; Allusies in Het teken van Jona van Boeli van Leeuwen', Michiel van Kempen, Piet Verkruijsse en Adrienne Zuiderweg (red.), Wandelaar onder de palmen. Opstellen over koloniale en postkoloniale literatuur en cultuur, Leien 2004, KITLV
  • Oer Kurasau skreau Boeli van Leeuwen: "Het is een dor eiland waarop ik geboren ben, schraal als het lichaam van een opgroeiende jongen; weerbarstig van droogte en verschroeid door het licht."
  • Boeli van Leeuwen waard wol de 'Antilliaanse Márquez' neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]