André Kloos

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
André Kloos

Andries Hein (André) Kloos (Amsterdam, 12 augustus 1922Kortenhoef, 9 novimber 1989) wie in Nederlânsk politikus, fakbûnsbestjoerder en foarsitter fan de VARA.

Libbenspaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kloos, soan fan opsichter by in skipfeartmaatskippij Johannes Jacobus Kloos en fan Seraphina Rosalia Geerts, gie 1939 oan it wurk as assistint-accountant. Yn 1952 helle er de mo-akten steatshúshâldkunde en statistyk. Wilens wie hy as administratyf meiwurker by it Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen (NVV) bedarre, dat letter opgong yn de FNV. Hy waard meiwurker fan it wittenskiplik buoro fan de NVV en dêrnei adjunkt-direkteur fan dat buro. Yn 1956 waard hy lid fan it deistich bestjoer fan de NVV en tn 1965 foarsitteritter. Fan 1969 oant 1970 wie er ek foarsitter fan it Europeesk Ferbû fan Frije Fakbûnen yn de Europeeske Mienskip (ECFTU).[1]

As fakbûnsfoarsitter fersette Kloos him tsjin de wet op de leanfoarming fan minister Roolvink, lid fan it Kabinet-De Jong (1967-1971). De nije wet moast it regear de mooglikheid biede om yn te gripen yn de CAO-ûnderhannelingen. De fakbeweging fielde dêr neat foar. Uteinlik kaam der dochs in wet dêr't yn stie dat de regearing it foech hie om by need yn te gripen yn de CAO's. It oannimmen fan de wet late ta in boycot fan it leanoerlis troch de fakbeweging.

Kloos wie ek warber op polityk flak. In 1963 waard er foar de PvdA lid fan de Earste Keamer, in funksje dy't er oant 1982 oanhâlde soe. Om 1970 hinne woene in protte lju yn de fakbeweging hawwe dat Kloos polityk lieder fan PvdA wurde soe, mar dat kaam der net fan. Yn 1971 folge Kloos Jan Broeksz op as foarsitter fan de VARA; dat bleau er njoggen jier. Harry ter Heide folge him op as foarsitter fan it NVV.

Wilens wie yn Nederlân in ûnrêstige tiid oanbrutsen. Ek yn de VARA joech dat botsingen tusken de Nieuw Linksers, aangevoerd door de doetiidske foarsitter fan de ûndernimmingsrie Jan Nagel, en de mear humanistysk oriïntearre fleugel. Kloos hie net folle bining mei Nieuw Links en syn foarsitterskip fan de VARA waard foar him ien en al lijen. It late ta in ferbittere Kloos dy't yn 1980 ôfkied naam fan de VARA.[2] Hij werd opgevolgd door Albert van den Heuvel.

Kloos hat ferskate by-funksjes beklaaid. Hy wie lid fan de Sosjaal Ekonomyske Ried, presidint fan de Ried fan Kommissarissen fan de De Arbeiderspers en lid fan it kuratoarium fan Deiblêd Het Vrije Volk.

André Kloos rekke wei yn 1989 doe't er 67 jier wie.

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. List of Presidents, General Secretaries, Deputy General Secretaries of ETUS, ECFTU and ETUC, Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis
  2. Biografie Kloos, Ynstitút foar Nederlânske Skiednis