Springe nei ynhâld

Kortenhoef

Ut Wikipedy
Lizzing Kortenhoef
Herfoarme tsjerke

Kortenhoef (oarspronklike namme: Curtevenne) is in doarp yn de gemeente Widemarren yn de provinsje Noard-Hollân en leit yn de regio It Goai. Kortenhoef leit sawat twa kilometer west fan Hilfertsom. Kortenhoef telt 6.780 ynwenners en hat in oerflak fan 14,89 km².

It doarp bestiet út twa dielen, it âlde doarp oan de Kortenhoef Dyk en it Moleneind, en it nije doarp dat tsjin 's-Graveland oan leit. Kortenhoef wie in selsstannige gemeente fan 1814 oant it per 1 jannewaris 1966 mei de doarpen 's-Graveland en Ankeveen opgie yn de gemeente 's-Graveland. Dy waard dêrnei op 1 jannewaris 2002 part fan de gemeente Widemarren, tegearre mei Loasdrecht en Nederhorst den Berg.

Kortenhoef leit yn in boskrike omjouwing en is bekend om har plassegebiet, de Kortenhoefster Plassen, dy't ûntstienen troch feanôfgravings. Nei it beëinigjen fan de ferfeanting kaam der feehâlderij en wat binnenfiskerij. Der sitte no noch mar in pear boeren. In soad lânbougrûn is opkocht troch Natuermonuminten.

Ein 19e iuw waard it doarp ûntdekt troch skilders fan de Haachske Skoalle. Nammen as P.J.C. Gabriël, Bernard van Beek, Cornelis Vreedenburgh, Anton Smeerdijk en Barend van Voorden binne neu mei Kortenhoef ferbûn. De skilderes Geesje Mesdag-van Calcar liet hjir yn 1904 oan de plas in atelier op peallen bouwe. It waard letter tsientallen jierren brûkt as jongereinherberch en is no in partikulier bewenne ryksmonumint. De skriuwer Nescio skreau faak oer it doarp en omkriten.

De gemeente fierde offisjeel gjin wapen, wol waard it wapen fan de lykneamde hearlikheid brûkt (16 april 1839):

"Gevierendeeld : het eerste en vierde van goud beladen met een halve paardenvoet van sabel, het hoefijzer van zilver; het tweede en derde van keel beladen met een pelikaan met uitgespreiden vleugels, staande met zijne jongen op een nest, alles van zilver."

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende ynwenners fan Kortenhoef

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Carole Denninger-Schreuder - De onvergankelijke kijk op Kortenhoef. Een schildersdorp in beeld, Bussum: Thoth, 1998