Hoito Dornseiffen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hoito Godert Dornseiffen (It Hearrenfean, 25 jannewaris 1841 - Ferwerderadiel, 3 jannewaris 1922) wie in minnistysk predikant.

Hy stie fan 1867-1902 yn Terherne. Hy besocht om skippersbern ûnderwiis te jaan. Ut it "Terhornsche fondsje" groeide it Skoalfûns foar Skippersbern (1882) dat troch Dornseiffen laat waard oant 1910.

Monumint foar ds. Dornseiffen yn Terherne

Ut tankberens skonken de Fryske skippers yn 1922 in monumint foar dûmny Dornseiffen, dat in plakje krige foar de menniste tsjerke fan Terherne.

Dornseiffen troude op 2 septimber 1881 mei Agatha Johanna Rutgers (1844-1924)[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogy, gezinsblad Dornseiffen