Springe nei ynhâld

Ad van Seijen

Ut Wikipedy
Ad van Seijen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adam van Seijen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 april 1922
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 7 desimber 2003
stjerplak It Hearrenfean (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk, Frysk
sjenre lit. romans, toanielstikken,
harkspullen
perioade 20e iuw
jierren aktyf ±1945 – ±1995
offisjele webside
n.f.t.

Ad van Seijen (folút: Adam van Seijen; Ljouwert, 29 april 1922 - It Hearrenfean, 7 desimber 2003)[1] wie in Frysk skriuwer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Seijen waard yn 1922 berne yn in kommunistyske húshâlding yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Hy brocht syn jonkheid troch yn Ljouwert en Harns.

As autodidakt waard er letter skriuwer, wêrby't er syn wurk foar in diel yn it Nederlânsk en foar in diel yn it Frysk publisearre. Van Seijen koe libje fan 'e pinne, mei om't er in protte sjenres beoefene. Sa skreau er romans, lykas De Simmer fan it Lok, dat útjûn waard troch syn jongere broer Melis van Seijen,[2] mar ek toanielstikken, harkspullen, jongesboeken, omtrint 3.000 berneferhalen, artikels yn ûnderwiisblêden en learboekjes foar it basisûnderwiis.

Van Seijen syn berneferhalen waarden yn radioprogramma's by de KRO, VARA en BRT útstjoerd, krekt as in rige harkspullen fan him dy't foar bern bedoeld wiene. Letter folgen ek literêre harkspullen by de NCRV, TROS en BRT. Hy wurke ek as oersetter en as harkspulbewurker fan klassike (berne)boeken. In tsiental harkspulbewurkings waard op langspylplaten útbrocht. Ek skreau Van Seijen in bernemusical foar de KRO.

Sûnt 1970 lei Van Seijen him ta op it skriuwen fan toaniel. Njoggentjin fan syn stikken waarden opnomd yn 'e manuskriptebibleteek fan it Nederlânsk Sintrum Amateurteater (NCA), wylst ien stik in oanmoedigingspriis krige fan it Sintrum foar Nederlânske Dramaturgy (CND), dat him yn 1975, mei njoggen oare Nederlânske auteurs, opdracht joech om in harkspul, toanielspul of telefyzjespul te skriuwen. Van Seijen keas foar it televyszjespul.

Van Seijen wenne lange tiid yn Dimter, dêr't er jierren haadredakteur wie fan it tydskrift De Schuttevaer. Hy kaam yn 2003 yn 'e âlderdom fan 81 jier te ferstjerren op It Hearrenfean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Friese schrijver Ad van Seijen (81) overleden, yn: it Frysk Deiblêd, 9 desimber 2003
  2. Uitgever Melis van Seijen overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 30 augustus 2018, s. 28.