Hierrige Mokassin

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hierrige Mokassin
Hairy Moccasin.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eshsupiimeshish
oare namme Hairy Moccasin
nasjonaliteit Flagge fan de Kro Stamme.png Kriesk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne ±1854
berteplak yn Montana
stoarn 9 oktober 1922
stjerplak Lodge Grass (Montana)
etnisiteit Flagge fan de Kro Stamme.png Kriesk
wurkpaad
berop/amt ferkenner foar it
   Amerikaanske Leger
aktyf as kriger
jierren aktyf 1876
reden
  bekendheid
oanwêzich by de
   Slach oan de Little Bighorn

Hierrige Mokassin (Ingelsk: Hairy Moccasin; Kriesk: Eshsupiimeshish; yn Montana, ±1854Lodge Grass (Montana), 9 oktober 1922) wie in Krieske kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hierrige Mokassin waard omtrint 1854 berne yn wat letter de de Amerikaanske steat Montana wurde soe. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 melde er him op 10 april 1876 by it Krieske Agintskip oan as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Datoangeande wied er ien fan tsientallen Krieske manlju dy't har by de Amerikanen joegen, mei't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, dêr't it Amerikaanske Leger tsjin focht, de tradysjonele fijannen fan 'e Krieën wiene.

Letter dat jier wie Hierrige Mokassin as ferkenner ferbûn oan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, dat ûnder befel stie fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Hy tsjinne dêr mei fiif oare Krieën, Blanke-Man-Regearret-Him, Giet-Foarút, Krolhier, Wite Swan en Heal Giel Gesicht. Dy lêste hie de lieding oer it seistal, dat tafoege waard oan Custer syn ferkennersienheid fan 26 Arikara, dy't ûnder befel stiene fan luitenant Charles Varnum. Mei't de krite fan 'e Bighorn harren heitelân wie, koene de Krieën dat gebiet lykwols folle better as de Arikara, dy't út Noard-Dakota kamen.

Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippen de seis Krieske ferkenners Varnum en Custer nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôgen se Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. Dyselde besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan syn regimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong.

Eardere Yndiaanske ferkenners besykje yn 1913 it slachfjild fan 'e Little Bighorn. F.l.n.rj. Blanke-Man-Regearret-Him, Hierrige Mokassin, Krolhier en Giet-Foarút.

Om't se derfan oertsjûge wiene dat de slach net te winnen wie, begûnen de seis ferkenners harren legerunifoarmen út te dwaan. Doe't Custer witte woe wat dat moast, fertelden se him dat se as krigers stjerre woene en net as soldaten. Dat antwurd skeat Custer yn it ferkearde kielsgat, mei't er it as fatalisme beskôge. Sadwaande ûnthefte er likernôch in oere foar it begjin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn Hierrige Mokassin en de oare fiif ferkenners út harren tsjinst. Dêrmei rêde er har it libben, want de slach wie yndie net te winnen, en Custer sels en fiif kompanjyen fan 'e 7e Kavalery waard troch in oermacht oan Lakota, Sjajinnen en Arapaho op in heuvel besingele en oan de lêste man ta útrûge.

Hierrige Mokassin loek him yn 'e mande mei Giet-Foarút, Blanke-Man-Regearret-Him en Slacht-Dy-Bear, in Arikara-ferkenner, by de heuvelrêch lâns werom, en joech him by it diel fan it regimint dat ûnder befel stie fan majoar Marcus Reno. Hja waarden koart yn 'e slach behelle, mar oerlibben dat treffen. Nei de Amerikaanske nederlaach joegen se har by de troepen fan kolonel John Gibbon. Nei de oarloch sette Hierrige Mokassin him yn it Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana nei wenjen. Hy stoar dêre op 9 oktober 1922 yn 'e neite fan it doarp Lodge Grass, en waard begroeven op it St. Ann's Cemetery.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.